Hans Peter Richter
Hans Peter Richter (Keulen, 28 april 1925 – Mainz, 19 novimber 1993) wie in Dútsk skriuwer en útjouwer. Hy waard benammentlik bekend as auteur fan in stikmannich berneboeken oer de Twadde Wrâldoarloch en de dêroan foarôfgeande jierren dat Dútslân ûnder it bewâld fan 'e nazys stie. Syn meast ferneamde en súksesfolle wurk wie de roman Damals War Es Friedrich.
Hans Peter Richter | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hans Peter Richter | |
nasjonaliteit | Dútsk | |
berne | 28 april 1925 | |
berteplak | Keulen (Dútslân) | |
stoarn | 19 novimber 1993 | |
stjerplak | Mainz (Dútslân) | |
etnisiteit | Dútsk | |
wurk | ||
taal | Dútsk | |
sjenre | lit. romans & koarte ferhalen, berneboeken, non-fiksje | |
perioade | 2e helte 20e iuw | |
tema's | Twadde Wrâldoarloch | |
bekendste wurk(en) |
Damals War Es Friedrich | |
prizen | Mildred L. Batchelder Award 1972 | |
jierren aktyf | ±1955 – 1993 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Libben
bewurkje seksjeRichter wie hikke en tein yn Keulen. Under de Twadde Wrâldoarloch tsjinne er fan 1942 oant 1945 yn it Dútske leger, en ferlear dêrby syn lofterearm. Fan 1948 oant 1952 studearre er psychology en sosjology, earst yn Keulen, mar letter ek yn Bonn en Mainz. Syn doktoraat behelle er oan 'e universiteit fan Tübingen. Neitiid wurke er foar ferskate radiostjoerders en bedriuwen, wylst er yn syn frije tiid begûn te skriuwen. Twaris krige er foar syn skriuwwurk in stipendium útkeard fan 'e Cité Internationale des Arts te Parys. Yn 1973 waard Richter perfester wittenskipsmetodyk en sosjology oan 'e hegeskoalle yn it Hessyske Darmstadt. Richter ferstoar yn 1993 yn Mainz.
Fan al syn wurk wie de jeugdroman Damals War Es Friedrich, dy't er yn 1961 publisearre, fierwei it meast súksesfol. It boek giet oer it libben fan twa jonges, de iene fan kristlik komôf, de oare in joad, dy't tegearre opgroeie yn 'e nazy-tiid. Dizze roman waard yn Dútslân oant 2008 57 kear werprinte, is oerset yn 13 talen (wêrûnder it Frysk) en der binne wrâldwiid mear as twa miljoen eksimplaren fan ferkocht. Oan Richter waard foar dit boek û.m. yn 1972 de prestizjeuze Mildred L. Batchelder Award fan 'e American Library Association takend.
Wurk (in kar)
bewurkje seksje- 1958: Karussell und Luftballon: Vier Geschichten für Kinder
- 1961: Damals War Es Friedrich
- Fryske oersetting: Sa Gong it mei Friedrich (fert. Jacobus Knol, 1984)
- 1962: Wir Waren Dabei
- 1967: Die Zeit der Jungen Soldaten
- 1974: Mohammed (biografy; yn 'e Reihe Große Gestalten)
- 1975: Saint-Just und die Französische Revolution (biografy; yn 'e Reihe Große Gestalten)