De Heliand (útspr.: ['he:ljand]) is in Aldsaksysk epos dêr't 5.983 regels yn stêfrymfersen fan oerlevere binne. It datearret út 'e earste helte fan 'e njoggende iuw en foarmet in beskriuwing fan it libben en de lear fan Jezus Kristus. De titel betsjut "heilân", of "ferlosser". It is it langste en wichtichste wurk dat oerlevere is yn 'e Aldsaksyske taal. De Heliand moat yn syn tiid in beskate populariteit genoaten hawwe, yn acht nommen dat it yn twa manuskripten en fjouwer fragmintaryske ferzjes oerlevere is.

It Münchener hânskrift.
It Berliner Fragmint.

De Heliand is basearre op it Diatessaron, in evangeeljeharmony, dy't om 170 n.Kr. hinne skreaun wêze soe troch de Syrjer Tatianus, in learling fan Justinus de Marteler. Dy basearre him dêrby wer op 'e fjouwer evangeeljes út it Nije Testamint fan 'e Bibel, dy't er gearsmeide ta in goed rinnend ferhaal. Gilles Quispel, in Nederlânske professor yn de teology, hat sjen litten dat it Diatessaron de grûnslach is fan in protte lettere evangeeljeharmonyen, dêr't de Heliand ien fan is. Sokke evangeeljeharmonyen waarden troch Angelsaksyske en Fryske misjonarissen yn de sânde en achtste iuw brûkt om 'e heidensk Germaanske folken út wat no noardlik Nederlân en noardwestlik Dútslân binne, ta it kristendom te bekearen. Guon wittenskippers tinke dat de Heliand skreaun is troch de Fryske bard Bernlef.

Oan 'e Heliand is in foarwurd taheakke dêr't opdracht ta jûn wêze moat troch itsij Loadewyk de Fromme (reg. 814-840), itsij Loadewyk de Dútser (806-876). Dit foarwurd waard foar it earst yn printe foarm útbrocht yn 1562, troch Matthias Flacius, en hoewol't it neat seit oer de rest fan 'e manuskripten, wurdt it oer it algemien as autentyk beskôge. De earste kears dat it epos sels yn 'e Moderne Tiid neamd waard, wie doe't de Dútske taalkundige Franciscus Junius der in fragmint fan ûnder eagen krige, yn 1587. It ferskynde pas yn 1705 yn printe foarm, yn in edysje fan 'e Ingelske wittenskipper George Hickes. De earste moderne edysje waard yn 1830 publisearre troch de Dútske taalkundige Johann Andreas Schmeller. Yn 2006 kaam in Nederlânsktalige oersetting fan 'e Heliand út, yn 2012 folge troch oersettings yn it Grinslânsk, Drintsk, Twintsk, Achterhoeksk en Múnsterlânsk. Yn 2022 waarden er ek fertalings publisearre yn it Stellingwerfsk (Heliand: Stellingwarver Vertaeling) en it Sallânsk.[1]

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ——, Saksisch epos vertaald in het Stellingwerfs, yn: de Ljouwerter Krante, 6 septimber 2022, s. 22.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.