Herman J. van Vliet (Kampen, 1958) is in Nederlânske ûndernimmer, passyboer en kulinêr historikus. Hy set him yn foar it behâld fan âlde rassen, en set foar bewustwurding fan in koartere itenkeatling.

Herman van Vliet groeide op yn Kampen as soan fan in Fryske mem. Faak útfanhûze er by syn pake en beppe yn Wierum en learde dêr it Frysk. Nei it Driestar Kolleezje die er in oplieding foar medysk offisier by de loftmacht.

Yn 2004 ferhuze Van Vliet mei syn frou fan Baarn nei Doezum, in doarpke op de grins fan Grinslân en Fryslân. Van Vliet hat sûnt 2004 yn Doezum in bedriuw yn houten ‘hottubs’, baden fan hout.
Se bouden harren hûs fan natuerlike materialen oan de Doezumertocht. Se kochten yn Estlân in houten hûs dat se op frachtweinen nei Doezum komme lieten. [1] Hja wenje yn in grut houten hûs mei de namme Bokkesprong. As hobby hâldt er ferskate âlde Nederlânske rassen: Drintske heideskiep, Fryske stabijhûnen en Grinslânske piken. Ien bist is hiel bysûnder: de Readbûnte ko Herma. Dy krige er kado as rêder fan dat âldfryske ras. [2]

Yn syn gasteferbliuw Lauwerslodge servearret er mei syn frou slow food, ‘earlik produsearre regionaal earlijk iten’. [3]

Yn 2020 kaam er op syn hiem oan de Doezumertocht in gloednije klokkestoel te stean. Hy hie de klok yn 1982 kocht yn it Noardfrânske doarp Chiry-Ourscamp mei de bedoeling om dy yn in klokkestoel te hingjen. De klokkestoel is in lytsere útfiering fan de stoel yn Hoarnstersweach. It bouwurk waard ûntwurpen troch in Tolberter arsjitekt. Der binne grouwe ikehouten balken brûkt dy 't mei pin- en gatferbinings oan elkoar fêstmakke binne. De swiere konstruksje rêst op 'flinten', grutte balstiennen. [4]

Van Vliet makket him soargen oer de itenskultuer. Hy fynt dat Nederlân klear is foar in slow food-revolúsje. 'Wy wurdearje regionale produkten net genôch', seit er. 'De minsken witte te min oer de boeren dy’t ús iten produsearje en ek te fet, te sâlt en te swiet ite'. Neist syn wurk as ûndernimmer hâldt er him as passyboer dwaande mei it ferkoartsjen fan fiedselkeatlingen.[5]

Ferkoarting fan fiedselkeatlingen tusken produsint en konsumint sjocht er as in diel fan de oplossing. Sa kinne taal, identiteit en itenskultuer mei-inoar ferbûn bliuwe. In 'sûne' identiteit wurdt sa keppele oan iten, wêrtroch’t minsken de wiere wearde fan iten realisearje, dy't mear is as de fiedingswearde. Bygelyks it desembôleprojekt makke fan biologysk nôt út Fryslân, yn gearwurking mei in boer, in mûnder en in bakker. Hy set him yn foar it ûntwikkeljen fan ferskate konkrete fiedingsprodukten lykas de 'kneppelbôle' en it pompeblêdbroadsje.

Lekkere Trek

bewurkje seksje

Ut syn leafde foar iten en de natoer betocht er yn 2012 Lekkere Trek. [6] As hobbyboer mei in foodtruck neamt er him in selsbeneamd ambassadeur fan Noardnederlânsk iten.[7] Mei syn foodtruck wol er minsken op strjitte ferliede om oars te iten, "om't alle revolúsjes begjinne op strjitte." De revolúsje moat neffens him begjinne op it plattelân, dêr't it iten wei komt. It iten fan Lekkere Trek komt út de streek en is bûn oan it seizoen, der stiet altyd minimaal ien fegetarysk gerjocht op it menu en de friteuze is der net by. Sa ferkeapet er bygelyks in Fryske hamburger fan Frysk readbûnt mei dúndoarnketsjup, en in hertlike taart of risotto fan grôt mei earte, sipel en paprika.[8] It weromkweken fan de Wierumer giele ierdappel moat benammen helpe by it ferkoartsjen fan de fiedselkeatlingen. By in bouboer wurdt in demofjild oanlein mei jirpels dy't promoate en ferkocht wurde op de pleatslike merk. Dat demofjild is bedoeld foar de direkte sichtberens fan 'e pleatslike jirpel. Se wurkje gear mei in jirpelgruthannel en sjogge út nei gearwurking mei lokale supermerken en oare organisaasjes. [9][10]

Kulinêr histoarikus

bewurkje seksje

By syn stúdzje foar kulinêr histoarikus ûndersocht er ûnder oare de jirpel en de demografy fan Fryslân en Flaanderen. Mar ek boaiemdegradaasje yn Noard-Fryslân, de ynfloed fan poatertylt op de boaiem wie ûnderdiel fan syn stúdzje. It meitsjen fan bôle fan pleatslike nôten sjocht er as in útdaging. Mar ek bestudearre er it itensieden fan eartiids. Hoe hawwe minsken op Romeinske skippen it iten klearmakke op de wikenlange reizen oer de Middellânske See.

In hiele oare ynstek wie syn ûndersyk nei de relaasje mei de Fryske taal, identiteit en iten fan tichtby. Om te ûntdekken hoe’t identiteit en taal bydrage kinne oan it wearde jaan oan iten.

Yn 2023 helle Van Vliet syn master Skiednis oan de Ryksuniversiteit Grins. Syn masterstúdzje gie oer de kulinêre kultuer oan it steedhâlderlik hôf dy’t yn de earste helte fan de 18e iuw opbloeide. Middels trije persoanen dy’t oan it hôf fan Willem IV ferbûn wiene, in hortulanus, in sjef-kok en in hofdame, lit er sjen hoe’t de steedhâlder prestiizje ûntliende oan in goede ytkultuer.

Skripsjepriis

bewurkje seksje

In earfolle fermelding krige Van Vliet op 26 novimber 2022 foar syn skripsje ‘De itenkultuer oan it Fryske steedhâlderhof yn de earste helte fan de 18e iuw’ yn it ramt fan de MA Geschiedenis Vandaag-oplieding oan de Ryksuniversiteit Grins. [11][12]

Aksjefierder

bewurkje seksje

Duorsumens fan de planeet ierde, de takomst fan syn bern en pakesizzers op'e ierde, it tebekkringen fan de grutte fan de Westerske foodprint binne wichtige driuwfearren by syn ynset. As ynspirator en oanjager fan inisjativen foar ferkoartsjen fan itenskeatlings wol er dy bydrage leverje.

Herman van Vliet wol him graach oan de regels hâlde. Mar begin 2011 wegere er syn 13 Drintske heideskiep en 3 lângeiten in earmerk te jaan om't dat de earen fan de bisten útskuorre koene.[13] It konflikt mei it Ryk oer earmerken soe de maatskippij € 300.000 kostje. [14] Dat jier kaam er yn aksje foar it behâld fan de Drintske Heideskiep. It karakteristike skiepperas rint neffens Van Vliet gefaar om te ferdwinen troch de oerheidsbesunigings yn it natoerûnderhâld. As skieppefokker brocht er de saak ûnder de oandacht fan steatssiktaris Henk Bleker.[15]

Doe't der in baggeldepot drige te kommen yn de Bokkebuert kaam er mei de bewenners yn it gewear. [16] Van Vliet hold in boartlike aksje troch ‘slip’kes mei spandoeken foar syn hûs op te hingjen. De groep foarstanners organisearre in tsjinaksje en liet har sels yn de ûnderbroek fêstlizze mei in spandoek dêr't op stie: 'Wij willen wel slib'. [17][18]

Readbûnte kij

bewurkje seksje

Frysk readbûnt is in tige seldsum koweras. Yn maaie 2018 begûn Van Vliet in petysje foar behâld fan Fryske readbûnte kij yn Haren.[19] It gie om bedriging fan bisten dy’t troch de nije fosfaatregels slachte wurde moasten. De stjerte fan de kij soe feroarsake wêze troch rioelwetter. Hy hope dat de provinsje en it wetterskip ûnder druk fan de petysje boeren te help komme soene. Boppedat woe er dat Lânbouminister Schouten in útsûndering meitsje moast op de fosfaatregels foar de feehâlders fan Haren.[20]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Iets totaal anders, Blauw nr.2 (2006)
  2. HEA! Fries yn Grinslân, Omrop Fryslân, 15 novimber 2020
  3. Lauwerslodge Doezum, www.natuurlijk Noorden
  4. 'Ondanks het kogelgat klinkt ie nog prima', RTV Noord, 14 septimber 2018
  5. Minysympoasium Keninklik Frysk Genoatskip en RUG Campus Fryslân: Polityk gewin giet troch de mage, Europeesk Buro foar Lytse Talen, 9 maaie 2023
  6. Website Lekkere Trek
  7. Herman van Vliet 63 jaar is student en foodtrucker: ‘Ik houd van lekker koken’, Ukrant.nl 2022
  8. Groningse foodtrucks verkopen eten met een snufje idealisme, www.desmaakvanstad.nl
  9. Friese aardappel als icoon, Fjildlab Noardeast Fryslân
  10. Histoaryske ytkultuer
  11. Scriptieprijs 2022-2024 voor Sannah Debreczeni, Fryske Akademy, 13 septimber 2024
  12. Waarom wilde deze 64-jarige deeltijdstudent uit Doezum de Friese vlag bij de universiteit halfstok hangen? 'Friezen worden pas trots op de eigen identiteit als ze buiten de provincie komen', Friesch Dagblad, 2 desimber 2022
  13. Oormerk weigerende boer uit Doezum vrijgesproken, RTV Noord 19 jannewaris 2012
  14. 300.000 euro voor 13 schapen en 3 geiten, NRC, 20 april 2012
  15. Schapenfokker voert actie, RTV Noord, 18 april 2011
  16. Bokkebuurt zamelt geld in voor jurist tegen het baggerdepot langs de Doezumertocht, Dagblad van het Noorden, 16 july 2021
  17. Waterschap krijgt groen licht voor aanleg baggerdepot Doezumertocht, RTV Noord, 10 novimber 2021
  18. InBeeld – Herman van Vliet, De Streekkrant, 9 desimber 2021
  19. Friese roodbonte koe is de koe van de toekomst, De Streekkrant, 27 augustus 2022
  20. Doezumer start petitie voor behoud Fries roodbont koeien in Haren, RTV Noord, 14 maaie 2018