Herne de Jager
Herne de Jager (Ingelsk: Herne the Hunter) is yn 'e Ingelske folkloare in geast, spûk of mooglik oarspronklik in godheid dy't assosjearre is mei it wâld Windsor Forest en Windsor Great Park. Hy wurdt foarsteld as in jager mei in gewei op syn holle. Nei Herne de Jager wurdt ferwiisd yn it in grut tal Ingelsktalige literêre wurken, films, tillefyzjesearjes en oare media. Der besteane ferskate teoryen oer syn komôf.
Herne de Jager (Herne the Hunter) | ||
Herne mei hynder, hûnen en ûle (yllustraasje út ±1843). | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
religy | Angelsaksysk heidendom | |
domein | jacht | |
wente | Windsor Forest en Great Park | |
attributen | ||
foarwerp | jachthoarn | |
plant | iik fan Herne | |
bist | jachthûn, ûle |
Eigenskippen
bewurkje seksjeHerne de Jager soe in geast of spûk wêze en him sûnt teminsten de ein fan 'e Midsiuwen al ophâlde yn it wâld Windsor Forest, dat it hiele eastlike part fan it Ingelske greefskip Berkshire en dielen fan súdlik Buckinghamshire, noardeastlik Hampshire en noardwestlik Surrey beslacht. Yn it bysûnder soed er gauris yn it Windsor Great Park, by it Kastiel fan Windsor, te finen wêze. Der besteane ferskate dokumintearre eachtsjûgeferslaggen fan lju dy't him dêr gewaarwurden binne, sels noch yn 'e 1920-er jierren. Hy ferskynt yn 'e foarm fan in jager mei in gewei dat him út 'e holle groeit, soms ûnder de beam dy't bekendstiet as de 'Iik fan Herne' (Herne's Oak). Hy hat in fosforisearjende gloede, beriidt gauris in hynder en wurdt faak beselskippe troch jachthûnen (of hellehûnen) en in grutte ûle.
Leginde
bewurkje seksjeNeffens ien leginde soe Herne de Jager in jachtopsjenner yn Windsor Forest west hawwe dy't him oan 'e iene oare grouwélige misse set fertaaste en neitiid út wroege of om't er bang wie dat syn skande útkomme soe, de hân oan himsels sloech troch him oan in ikebeam yn it wâld op te hingjen. (De oarspronklike Iik fan Herne soe yn 1796 kappe wêze.) Neffens dit ferhaal soe Herne neitiid troch de omstannichheden fan syn 'ûnhillige' dea in ûnrêstige geast wurden wêze dy't doemd wie om foar ivich yn 'e omkriten fan syn stjerplak om te spûkjen.
De ierst bekende ferwizing nei Herne, yn in passaazje fan it toanielstik De Fleurige Wyfkes, fan William Shakespeare, dat datearret fan 1597, liket basearre te wêzen op dizze foarm fan 'e leginde. Dit ferhaal waard letter mei poere fantasij oanfolle yn 'e populêre histoaryske roman Windsor Castle, fan William Ainsworth, dy't yn 1842 útkaam. Dêryn waard op basis fan gjin inkel bewiis steld dat Herne de Jager ûnder it regear fan 'e Ingelske kening Richard II libbe hie.
Oarsprongsteoryen
bewurkje seksjeDe njoggentjinde-iuwske Ingelske mearkesamler James Halliwell-Phillipps hat suggerearre dat Herne miskien weromgiet op Richard Horne, in geaman dy't ûnder it regear fan Hindrik VIII trappearre waard doe't er yn Windsor Forest oan it streupen wie. Dy teory soe ûnderstipe wurde trochdat de namme yn 'e ierste edysje fan De Fleurige Wyfkes stavere wurdt as 'Horne de Jager'. Oare saakkundigen sjogge oerienkomsten tusken Herne en oare Wylde Jagers út 'e folkloare fan Noardwest-Jeropa. Faak wurdt dêrby tocht dat Herne oarspronklik in Keltyske godheid wie, mooglik in foarm fan 'e Gallyske god Kernûnnos. De namme 'Herne' wurdt dan ynterpretearre as in ôfsliten foarm fan 'Kernûnnos'.
In protte moderne heidens, benammen oanhingers fan 'e wikka, dy't de Hoarne God ferearje, akseptearje dizze útlis en lûke de line fan Herne nei Kernûnnos fierder troch nei de Gryksk-Romeinske god Pan. Herne is lykwols in tige pleatslik figuer, dat inkeld yn 'e folkloare fan 'e krite om Windsor Forest hinne foarkomt. 'Herne' soe úteinlik fuortkommen wêze kinne út 'e Proto-Yndo-Jeropeeske woartel *ker-n- ("bonke" of "hoarn"), dêr't ek 'Kernûnnos' wierskynlik op weromgiet. Mar in direktere boarne fan 'e namme soe it Aldingelske hyrne wêze kinne, dat "hoeke" betsjut, ekwivalint mei it Fryske "herne".
In trêde oarsprongsteory is dat Herne de Jager oarspronklik in Angelsaksyske godheid wie, mooglik in foarm fan Weda of Woadan, dy't soms mei hoarnen ôfbylde waard. Weda wie as deadegelieder ek de oanfierder fan 'e Wylde Jacht, dy't by it fallen fan 'e nacht oan it haad fan 'e sneuvele krigers en yn wolkens bewuolle oer de wrâld stoarme. Yn syn Noardgermaanske foarm fan Odin hong Weda himsels boppedat op oan 'e wrâldbeam Yggdrasil om 'e magy fan 'e runen te learen. Yn Ingelân, dat yn 'e Iere Midsiuwen lange tiid troch de Denen oerhearske waard, soene de myten oer Odin fermongen wêze kinne mei de pleatslike, Angelsaksyske folkloare. Yn dit ramt wurdt wol suggerearre dat 'Herne' in ferbastering is fan Herian, in titel fan Odin as de oanfierder fan 'e sneuvele krigers (Aldnoarsk: einherjar).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |