Hielke van der Heide
Hielke van der Heide (Bitgummole, 4 maart 1919 – Kamp Vught, 6 septimber 1944) wie in Nederlânske maresjesee en fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich. Hy moast ûnderdûke om't er wegere joaden te arrestearjen. Van der Heide siet efter de likwidaasje fan de "foute" plysje Derk Klavers.
Biografy
bewurkje seksjeVan der Heide wurke by de Keninklike Maresjesee en wenne yn Bedum. Yn oktober 1942 krige er de opdracht om tegearre mei kollega en húsgenoat Willem Homoet de joadske kowekeapman Jozef Willem Meijer en syn frou Regina Meijer-Cohen op te pakken. Beide manlju wegeren en warskôgen it joadske pear, dat dêrnei ûnderdûkte. Hja waarden letter yn de oarloch lykwols noch oanhâlden en op 27 augustus 1943 yn Auschwitz om it libben brocht.
Homoet en Van der Heide dûkten ûnder yn Hekkum by de lânbouwer Meindert Veldman. Van der Heide hie de skûlnamme Piet van der Helst. Se kamen yn kontakt mei de fersetsman Marten Jacob van Til út Middelstum dy't harren wer yn kontakt brocht mei fersetsploech 't Zwaantje yn Delfsyl.
Beide maresjesees sieten efter de likwidaasje fan Derk Klavers, ôfdielingskommandant fan de maresjesee yn Súdhorn en lid fan de NSB. Sy skeaten him op 'e moarn fan 22 septimber 1943 del yn Súdhorn; jûns deselde dei ferstoar er yn it sikehûs yn Grins oan syn ferwûningen.
Van der Heide krige yn maaie 1944 kunde oan Geessien Bleeker. Hja wurke by it distribúsjekantoar yn Grins en wie yn in pensjon dêr't Van der Heide en Bleeker gauris kamen om twa oare dûkte maresjesees, dy't dêr sieten op te sykjen. Fia Bleeker krige Van der Heide itensbonnen en segels foar persoansbewizen, dy't se achterhold op it distribúsjekantoar. Hy frege har om him as help oan te sluten by de Knokploech Westhoeke/Hunsigo, dêr't er lid fan wie. Hy wist net dat Bleeker in ferhâlding hie mei de SD-er Adolf Becker.
Op 27 july 1944 diene de SD-ers Pieter Johan Faber, Jacobus van der Sluis en Alphonse Schoonheyt in oerfal op it postadres fan 'e knokploech, Turfsingel 51A yn Grins. Oft Bleeker achter dit ferrie siet is nea dúdlik wurden. Fan dat stuit ôf rûn lykwols wol alles mis. Bleeker wie ien fan de earste minsken dy't it adres besocht en waard oanhâlden. Hja fertelde Faber daliks dat der in krante foar it rút set waard as der ien oankaam. Dat hie fan gefolch dat yn de rin fan de dei mear leden fan de groep oanhâlden wurde koene.
Homoet en Van der Heide gienen yn de rin fan de dei ek nei de Turfsingel 51 A. It rûn út op in fjoergefjocht mei Faber en Van der Sluis. Van der Heide waard yn de búk rekke en letter yn in ankel doe't er besocht út te naaien. Ek Homoet waard oanhâlden. Van der Heide koe troch syn ferwûningen net ûnderfrege wurde en waard daliks oerbrocht nei Kamp Vught.
Homoet en de oare arrestanten waarden oerbrocht nei it beruchte Scholtenhûs yn Grins. Bleeker gong foar de Dútsers wurkjen. As koerierster wist sy in protte adressen, dêr't dêrnei ynfallen dien waarden. Yn de lêste moannen fan de oarloch makke hja yn Drinte ek in soad slachtoffers. Se waard ferantwurdlik holden foar de dea fan op syn minst 13 persoanen. Nei de oarloch waard se ta de dea feroardiele, wat yn in letter stadium omset waard yn in libbenslange finzenisstraf.
Op 6 septimber 1944 kamen de Alliearden tichteby Vught. De measte efterbleaune finzenen waarden al gau op transport set nei de konsintraasjekampen yn Dútslân. Van der Heide koe troch syn ferwûnings net reizgje en waard dêrom eksekutearre. Wim Homoet ferstoar yn febrewaris 1945 yn Bergen-Belsen.
Keppelingen om utens
bewurkje seksje- Friesland in verzet 40-45
- Hielke van der Heide, mei foto
- Van der Heide by spanvis.com, mei foto
- Hielke van der Heide by Nasjonaal Monumint Kamp Vught
- Hielke van der Heide op WO2slachtoffers.nl
- Oer Willem en Ragina Meijer op Jodenvervolgingbedum.nl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|