Holland (Michigan)
Holland is in stêd yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Michigan, oan 'e eastkust fan 'e Michiganmar, dêr't de rivier de Macatawa dêryn útmûnet. Holland waard yn 1847 stifte troch Nederlânske ymmigranten. It is it grutste plak yn Ottawa County, en stiket oan 'e súdkant frijwat út oer de grins fan Allegan County. Neffens in offisjele skatting út 2013 hie Holland doe rom 33.000 ynwenners. Mei de direkte omkriten derby komt de befolkingsgrutte út op likernôch 95.000 minsken.
Holland | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Michigan | |
County | Ottawa County Allegan County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 33.481(2013) | |
Oerflak | 44,9 km² (ynkl. wetter) 42,9 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 769,2 / km² | |
Stêdekloft | 95.000 (2010) | |
Hichte | 202 m | |
Oar | ||
Stifting | 1847 | |
Tiidsône | UTC -5 | |
Simmertiid | UTC -4 | |
Koördinaten | 42°47′15″N 86°06′32″W | |
Offisjele webside | ||
www.cityofholland.com | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Holland yn Ottawa County en yn 'e steat Michigan. |
Skiednis
bewurkje seksjeIt hiele gebiet fan Ottawa County waard oarspronklik befolke troch de Ottawa-Yndianen. Ien fan 'e earste blanken dy't him yn it gebiet fêstige, wie in dûmny George Smith, dy't yn 1846 in missypost stifte om 'e Ottawa ta it kristendom te bekearen. Yn 1847 waard úteinset mei de kolonisaasje fan 'e hiele krite, doe't Nederlânske ymmigranten har der nei wenjen setten. Dat wiene oanhingers fan 'e Ofskieding fan 1834, dy't ûnder harren foaroanman dû. Albertus van Raalte de minne ekonomyske omstannichheden en godstsjinststrideraasjes yn Nederlân ûntflechte wiene.
De Nederlanners fêstigen har middenmank de Ottawa oan 'e Matacawamar, en doe't bliken die dat beide befolkingsgroepen út en tenei har eigen libbenswize behâlde woene, ûntstiene der al rillegau swierrichheden. Uteinlik kochten de Nederlanners alle lân oan 'e mar fan 'e Ottawa op, wêrnei't dy lêsten har ûnder harren opperhaad Peter Waukazoo yn 1848 fierder nei it noarden, yn 'e omkriten fan it tsjintwurdige Northport nei wenjen setten. De missypost fan dûmny Smith ferhuze mei.
Yn 't earstoan hie Van Raalte it yn Holland net inkeld te sizzen oer religieuze saken, mar hold er ek tafersjoch oer alle politike, ûnderwiiskundige en finansjele oangelegenheden. De gemeente dy't de dûmny yn 1847 yn Holland stifte, soe letter útgroeie ta de First Reformed Church of Holland fan 'e Herfoarme Tsjerke yn Amearika. Holland krige yn 1867 stedsrjochten, en de earste boargemaster waard doe in Isaac Cappon. Yn 'e nacht fan 8 op 9 oktober 1871 hie de stêd te lijen fan in slimmen brân, dy't in grut tal wenten yn 'e jiske lei. Meitiid wûn Holland de bynamme fan City of Churches, mei't der tsjintwurdich 170 tsjerken binne yn Holland en omkriten. De measten dêrfan hearre ta de Herfoarme Tsjerke yn Amearika en in ôfspjalting dêrfan, de Kristlik-Herfoarme Tsjerke yn Noard-Amearika.
Geografy
bewurkje seksjeHolland leit yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Michigan, oan 'e eastkust fan 'e Michiganmar, ien fan 'e fiif Grutte Marren. De stêd is sitewearre oan 'e noardkant fan 'e rivier de Macatawa, dy't him op dat plak, dêr't er útmûnet yn 'e Michiganmar, ferbredet ta de saneamde Macatawamar. Holland hat in oerflak fan 44,94 km², wêrfan't 1,97 km² út wetter bestiet. By de kust fan 'e Michiganmar lâns lizze in stikmannich ûnderskate strannen, dy't simmerdeis grif besocht wurde troch lju dy't swimme en sinnebaaie wolle. Fuortby lizze noch mear (sij it lytsere) plakken mei bekende nammen, wêrûnder Vriesland, Groningen, Overisel, Drenthe, Zeeland, Zutphen, Graafschap, Harlem en New Holland, allegear stifte troch Nederlânske ymmigranten.
Holland hjoed de dei
bewurkje seksjeHjoed de dei pronket Holland omraak mei syn Nederlânske erfskip, dat net inkeld in ûnderdiel is fan 'e pleatslike kulturele identiteit, mar ek nochris jild yn 't laadsje bringt, mei't de toeristyske sektor in wichtich oanpart yn 'e lokale ekonomy hat. Benammen it Tulip Time Festival, dat yn maaie holden wurdt, moat toeristen nei Holland ta lokje. It Tulip Time Festival is alhiel wijd oan 'e tulp, dy't yn Amearika ien fan 'e earste dingen is dy't men mei Nederlân assosjearret (dàt en klompen).
Mei it Tulip Time Festival is úteinset yn 1930, doe't oeral yn it stedsje yn totaal 250.000 tulpen plante waarden. Op 't heden is dat oantal útgroeid ta likernôch 6 miljoen. Faak binne strjitten der hielendal mei omseame, en ek alle plantsoenen en iepenbiere tunen steane der fol mei. Bûten de beboude kom leit in grutte tulpekwekerij, mei de namme Veldheer Tulip Gardens. Under it Tulip Time Festival wurdt Holland net inkeld besocht troch in protte toeristen dy't oer lân komme, mar ek ferskate cruiseskippen op 'e Grutte Marren dogge de stêd dan oan, sadat der jiers sa'n 1 miljoen minsken op it festival ôfkomme. Dêrmei is it it op twa nei grutste town festival fan 'e Feriene Steaten. Sûnt 2000 hawwe grutte nammen ûnder it festival optreden, lykas Christina Aguilera en Bobby Vinton.
Ek binne yn Holland ferskate museä fêstige, wêrûnder it Holland Museum, dat tentoanstellings oer it ferline fan 'e krite befettet, en it Cappon House Museum, dat ek in skiedkundige kolleksje hat en dat hûsfêste is yn it yn 1874 boude hûs fan 'e earste boargemaster fan Holland, Isaac Cappon. Fierders is der ek noch it Settlers House Museum, ien fan 'e mar in pear noch besteande gebouwen dy't ûnskeind de grutte brân fan 1871 oerlibbe hawwe, en dêr't tsjintwurdich de oarspronklike húsrie en ynrjochting út 'e pionierstiid te besichtigjen is.
De binnenstêd fan Holland is opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken. Oare kant de Macatawamar stiet it Holland Harbor Light', yn 'e folksmûle "Big Red", in (folslein reade) fjoertoer. Ek is yn 'e neite fan Holland De Zwaan te finen, in orizjinele 250 jier âlde en 38 m hege Nederlânske wynmûne, dy't oarspronklik by Krommenie, yn Noard-Hollân, boud waard, yn 1889 ôfbrutsen en wer op 'e nij opboud waard yn it Brabânske Vinkel, en yn 1964 nei de Feriene Steaten skipe waard om by Holland foar de twadde kear yninoar set te wurden.
Fierders ûnderhâldt Holland ek in fêste bân mei de Herfoarme Tsjerke yn Amearika. Sa is yn 'e stêd it Hope Kolleezje fêstige, in private ynstelling dy't yn 1866 oprjochte waard om 'e bern fan 'e leden fan 'e Herfoarme Tsjerke yn Amearika fan foechsum heger ûnderwiis te foarsjen. Mei in stêf fan 550 minsken en goed 3.400 studinten is it noch altyd tige wichtich foar de Nederlânsk-kalvinistyske mienskip yn it Midwesten yn 'e Feriene Steaten. Fuortby it Hope Kolleezje, en nau dêrmei ferbûn is it Westlik Teologysk Seminaarje, dat ek sûnt 1866 bestiet, en dêr't predikanten fan 'e Herfoarme Tsjerke yn Amearika oplaat wurde. Yn Holland is fierders sûnt 1897 ek in fabryk fêstige fan 'e H.J. Heinz Company (oftewol Heinz), dêr't yn it heechseizoen mear as in miljoen augurken deis yn 't soer set wurde.
Susterstêden
bewurkje seksjeDemografy
bewurkje seksjeDe befolking fan Holland is troch de jierren hinne stadich oanwoeksen, fan 2.300 minsken yn 1870, fia 7.800 yn 1900 en goed 14.000 yn 1930 nei 16.000 yn 1950. Yn 'e fyftiger jierren gie it hurd, nei 25.000 yn 1960, mar dêrnei sakke de befolkingsgroei wer ôf nei goed 26.000 yn 1970, om yn 'e santiger jierren sels in lyts bytsje efterút te gean. Yn 1990 wiene der 31.000 ynwenners en yn 2000 35.000, mar sûnt is it ynwennertal wer wat tebekrûn nei 33.000 yn 2010.
Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Holland 13,7% âlder as 65 jier en 24% jonger as 18 jier. Fierders bestie 43,3% fan 'e húshâldings út ien persoan. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 57,3% blanken; 22,7% Latino's; 3,6% swarten; 3,0% Aziaten; 0,6% Yndianen; 15,8% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|