Hollywoodheuvels

(Trochferwiisd fan Hollywood Hills)

De Hollywoodheuvels of Heuvels fan Hollywood (Ingelsk: Hollywood Hills) is in heuvelrêch dy't fan east nei west rint yn it noarden fan 'e stêdekloft fan Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Se meitsje diel út fan 'e it gruttere Santa Monicaberchtme en markearje it plak dêr't de Cahuengapas troch dy bergen rint. Sûnt de 1920-er jierren binne de Hollywoodheuvels ferstedske en folboud. Hollywood Hills is sadwaande ek in wyk fan Los Angeles dy't yn 'e heuvels leit. Dêr steane benammen filla's dy't bewenne wurde troch de riken. Ek is it de lokaasje fan it ferneamde Hollywood Sign.

Hollywoodheuvels
  berchtme
De Hollywoodheuvels mei lofts it Hollywood Sign.
De Hollywoodheuvels mei lofts it Hollywood Sign.
geografy
diel fan Santa Monicaberchtme
regio Súdlik Kalifornje
lân Feriene Steaten
steat Kalifornje
sifers
hichte 380 m
geology
yndieling leechberchtme
stiensoarte granyt mei oar stiente
kaart
Hollywoodheuvels (Kalifornje)
Hollywoodheuvels
Lizzing yn Kalifornje.

De Hollywoodheuvels rinne fan east nei west troch de stêdekloft fan Los Angeles yn Súdlik Kalifornje. Se lizze dwers oer de Cahuengapas, dy't fan noard nei súd troch it Santa Monicaberchtme giet. Eastlik en westlik fan 'e Hollywoodheuvels is dat berchtme folle heger. De heuvels wurde fan it súdeasten nei it noardwesten trochsnien troch de snelwei U.S. Route 101.

As wyk fan Los Angeles wurdt Hollywood Hills yn it noardwesten begrinzge troch Studio City, yn it noarden troch Universal City en Burbank, yn it noardeasten troch it park Griffith Park, yn it súdeasten troch de Los Angelynske wyk Los Feliz, yn it suden troch de wyk Hollywood en yn it súdwesten troch de wyk Hollywood Hills West. Hollywood Hills is gearstald út 'e buerten:

De ûndergrûn fan 'e Hollywoodheuvels bestiet út in komplekse ferminging fan granyt en metamorf stiente, mei dêrtrochhinne op plakken sânstien en laaistien. Dêroerhinne hat him in gauris ûndjippe toplaach fan brune liemige grûn foarme, dy't faak fol mei losse stiennen sit.

 
In filla yn 'e Hollywoodheuvels, sjoen út it noardeasten wei, mei fier op 'e eftergrûn de Stille Oseaan.

Besjensweardichheden en oare bysûnderheden

bewurkje seksje

Neffens gegevens fan it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan 'e folkstelling fan 2000 hie de wyk Hollywood Hills doe in befolking fan 21.588 minsken. Mei't de wyk in oerflak hat fan 18,3 km², bedroech de befolkingstichtens 1.179,6 minsken de km². Yn 2008 wie de befolking oanwûn ta 22.988 minsken.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2000 sa: 74,1% blanken; 9,4% Latino's; 6,7% Aziaten; 4,6% swarten; en 5,2% oaren of fan mingd etnysk komôf. Fan 'e ynwenners fan 'e wyk wie 22,8% yn it bûtenlân berne, mei as wichtichste lannen fan oarsprong it Feriene Keninkryk en Meksiko.

De wyk stiet bekend om syn withoefolle filla's, en in grut diel fan 'e ynwenners bestiet dan ek út riken en superriken. Bekende persoanen út 'e filmyndustry, de muzyksektor en de sportwrâld dy't in filla yn Hollywood Hills bewenje, binne û.o. basketballer Shaquille O'Neal; sjongers Christina Aguilera, Lady Gaga, Ariana Grande, Billy Idol, Avril Lavigne, Demi Lovato, Britney Spears en Justin Timberlake; akteurs Jolene Blalock, Kevin Costner, Elisha Cuthbert, Richard Dreyfuss, Salma Hayek, Helen Hunt, Anna Kendrick, Chris Pratt, Keanu Reeves en Rebel Wilson; komyk Tom Green; regisseurs Werner Herzog en Quentin Tarantino; model Gisele Bündchen; en realitystjer Paris Hilton.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.