It Lytsdjip is in rivierke binnen de stedsgrêften fan Dokkum. It rivierke rint fan de Dokkumer Ie by de mûne Zeldenrust op it Baantsjebolwurk, eastoan nei De Syl (de eardere slûs), dêr’t it oanslút op it Dokkumergrutdjip.

Lytsdjip
It Lytsdjip fan De Syl ôf
Dizze side giet oer it rivierke yn Dokkum. Foar it rivierke yn Eaststellingwerf, sjoch: Lytsdjip.

Dokkum is grif ûntstien op de terp dy’t no de Merk is. Besuden dy terp run in iepen see-earm, of rivier (it hjoeddeiske Dokkumer Djip), dy’t it oerskot oan wetter fan it Eastergoa, de omkriten fan Dokkum, nei it easten ôffierde nei wat letter de Lauwerssee wurde soe. Tanksij dy rivier hie de delsetting in ferbining mei de see, sadat yn de Midsiuwen it plak útgroeie koe ta in stêd.

Om de ynfloeden fan eb en floed te behearskjen waarden yn dy rivier slûzen oanlein. Earst bewesten Dokkum, mei nammen as "Leppesyl", of "Alde Syl", mar yn 1583 waard der in slûs yn Dokkum sels oanlein; de Syl. East fan dy slûs bestie noch altiten de iepen ferbining mei de see, it Dokkumer Djip. Bewesten de slûs waard in wetterferbining mei Ljouwert makke, de Ljouwerter Feart en letter de Dokkumer Ie neamd.

Yn 1585 waarden der om Dokkum festingwâlen oanlein, de bolwurken. It wetter fuort bewesten en eastlik fan de Syl foel no binnen de stedsgrêften en waarden tegearre "It Djip" neamd. [1] It wetter kaam yn it westen Dokkum yn oer de saneamde "Trije Pipen", in poarte yn de stedsomwâling. Dy poarte mei it poartewachtershúske is yn 1836 ôfbrutsen. [2] De ferbining yn it easten bleau iepen by de Easterpoarte, dy't feitlik allinnich mar in ophelbrêge wie. Omdat it eastlike diel fan it Djip in iepen ferbining mei de see hold, waard dat stik letter Grutdjip neamd, wêrnei't it lytse, westlike part fansels de namme "Lytsdjip" krige.

Betsjutting foar de stêd

bewurkje seksje

It Grutdjip en it Lytsdjip foarmje mei de Syl in wichtich en werkenber gebiet yn de midden fan Dokkum. As gehiel wurde se ek beskerme as Ryksmonumint. It brede wetter foarme in ideale haven, wêrby't it Grutdjip de bûtenhaven foarme en it Lytsdjip de binnenhaven. [3] Oan beide kanten fan it wetter wiene kaaien mei ferlege losplakken, dêr't skippen fan oer see harren hannelslading losten. Dy ferlege loskaaien binne der noch altiten. Oan de kaaien ferriisden pakhuzen, kroegen, fabrykjes en in brouwerij.

Tichtbij de lossende skippen waard by 't soad hannele. Ferskate merken krigen in eigen plak oan de kaai. Tsjintwurdich ferwize inkele strjitnammen noch nei dy hannelsplakken. Fan de Syl ôf sjoen is Vleesmarkt oan de linkerkaai, wylst oan de rjochterkaai de Suupmarkt en de Turfmarkt lizze. Op de Suupmarkt waard benammen suvel ferhannele, de naam "Suup" komt fan it wurd sûpe.

Alvestêdetocht

bewurkje seksje

Mei de Alvestêdetocht komme de dielnimmers de binnenstêd fan Dokkum yn op It Lytsdjip. De riders moatte ûnder de (Bontebrêge) troch om harren stimpel te heljen. By de stimpelpost op it Lytsdjip leit it kearpunt, wêrnei't de riders it lêste stik oer de Dokkumer Ie rjochting Bartlehiem op Ljouwert oan geane. As oantinken oan dit kearpunt is oan de Suupmarkt in bankje setten yn de foarm fan in Fryske trochrinder.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Gemeente Atlas van Nederland, J. Kuyper 1865-1870, gemeente Dokkum
  2. De Vesting Dokkum: Het Stadsplan
  3. Wannelrûte troch Dokkum - Fakânsje yn it Lauwerslân, Fryslân en Grinslân - Lauwersmeer Koerier