Jacques MacDonald

Jacques MacDonald
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Étienne Jacques Joseph Alexandre MacDonald, hartoch fan Taranto
nasjonaliteit Frânsk
berne 17 novimber 1765
berteplak Sedan (Frankryk)
stoarn 7 novimber 1840
stjerplak Beaulieu-sur-Loire (Frankryk)
etnisiteit Skotsk
wurkpaad
tsjinsttiid 17851830
yn tsjinst fan Ken. Frankryk (1785-89)
 Ken. f.d. Frânsen (1789-92)
Frânske 1e Rep. (1792-1802)
Frânsk Keizerryk (1802-14)
Ken. Frankryk (1814-1830)
Frânsk Ken. (1830)
legerûnderdiel lânmacht
heechste rang maarskalk (sûnt 1809)
konflikt(en) Oarl. f.d. Frânske Revolúsje
Napoleontyske Oarloggen
treffen(s) Slach by Trebbia
Slach by Wagram
Slach by Katzbach
Slach by Leipzig
ûnderskiedings Légion d'Honneur
Jacques MacDonald
politikus
lid fan it Frânske Hegerhûs
amtsperioade 18141840
Frânsk ambassadeur yn Denemark
amtsperioade 18021805

Jacques MacDonald (folút: Étienne Jacques Joseph Alexandre MacDonald; Sedan, 17 novimber 1765Beaulieu-sur-Loire, 7 novimber 1840), troch Napoleon bejeftige mei de titel 'hartoch fan Taranto', wie in Frânsk militêr fan etnysk Skotsk komôf, dy't karriêre makke ûnder de Oarloggen fan de Frânske Revolúsje, dy't folgen op 'e Frânske Revolúsje, en ûnder de Napoleontyske Oarloggen. Hoewol't er net de meast talintearre fjildhear wie, blonk er út troch syn trou en stânheftigens. MacDonald spile in krúsjale rol yn 'e Slach by Wagram, tsjin 'e Eastenrikers, mar moast by Katzbach belies jaan tsjin 'e Prusen. Under de Frânske ynfaazje fan Ruslân spile er in ûnderstypjende rol. Nei de fal fan Napoleon bleau er it nije rezjym trou, ek ûnder de Hûndert Dagen, doe't in protte oare generaals wer oerrûnen nei harren âlde keizer.

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en komôf

bewurkje seksje

MacDonald waard yn 1765 berne yn Sedan, yn 'e Frânske Ardinnen. Hy wie in lid fan 'e Skotske Clan MacDonald fan Clanranald, in ûnderdiel fan 'e gruttere Clan Donald (of MacDonald). Syn heit Neil MacEachen MacDonald wie in jakobyt út Howbeg op it Hebridyske eilân Súd-Uist, dy't nei de mislearre Jakobityske Opstân fan 1745 nei Frankryk flechte. Hy wie nau besibbe oan 'e ferneamde Flora MacDonald, dy't in wichtige rol spile by de ûntsnapping út Skotlân fan prins Karel Edwert Stuart, better bekend as Bonnie Prince Charlie, nei de nederlaach fan 'e jakobiten yn 'e Slach by Culloden.

Iere jierren

bewurkje seksje

Yn 1785, doe't er omtrint tweintich jier wie, joech MacDonald him him by it frijwilligerslegioen dat troch Ierske ballingen yn Frankryk oprjochte waard om yn 'e Republyk fan de Feriene Nederlannen oan 'e kant fan 'e Patriotten mei te fjochtsjen tsjin it binnenfallende Prusyske leger, dat steedhâlder Willem V te help kaam. Doe't it Ierske legioen nei de Prusyske oerwinning ûntbûn waard, krige MacDonald in ofsiersoanstelling yn it Frânske rezjimint fan Dillon, in legerûnderdiel dat yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje yn 't earstoan kening Loadewyk XVI trou bleau. MacDonald, dy't doedestiden fereale wie op in juffer Jacob, de dochter fan in fûleindich revolúsjonêr, joech him lykwols al rillegau by de tsjinpartij.

Under de Earste Koälysje-oarloch, de earste fan 'e Oarloggen fan de Frânske Revolúsje, dy't koart nei de revolúsje útbriek tusken Frankryk en de buorlannen, waard MacDonald oansteld as adjudant fan generaal Charles François Dumouriez. Hy ûnderskate him yn 'e Slach by Jemappes, yn 1792, en waard yn 1793 befoardere ta kolonel. Doe't Dumouriez datselde jiers oerrûn nei de Eastenrikers, wegere MacDonald him te folgjen, en by wize fan beleanning waard er doe befoardere ta brigadegeneraal mei it befel oer in brigade yn it Leger fan it Noarden. Yn 'e winter fan 1794 op 1795 focht MacDonald doe mei yn dat legerkorps, ûnder befel fan generaal Jean-Charles Pichegru, by de Frânske ferovering fan 'e Republyk fan de Feriene Nederlannen. Syn bekendheid mei it terrein (om't er dêr tsien jier earder ek fochten hie) wie nuttich, en hy spile in kaairol by de bemastering fan 'e Steatske float, dy't ynferzen wie by Den Helder, troch in ôfdieling Frânske huzaren.

Yn 1797, nei't er op 'e nij befoardere wie, diskear ta generaal-majoar, tsjinne MacDonald earst yn it Leger fan de Ryn, en letter yn Itaalje. Dêr besette er, op oarders fan generaal Louis Alexandre Berthier, Rome, de haadstêd fan 'e Pauslike Steat. Neitiid ferfolle er in skoft de funksje fan gûverneur fan dy stêd, foar't er yn gearwurking mei generaal Jean Étienne Championnet de troepen fan generaal Karl baron Mack von Leiberich fersloech en it Keninkryk Napels ferovere (dat neitiid troch de Frânsen omdoopt waard ta de Partenopeeske Republyk). Doe't de Russyske genraal Aleksander Sûvorov yn 1799 noardlik Itaalje binnenfoel en dêr de Frânske feroverings ûngedien begûn te meitsjen, teach MacDonald út it suden fan 'e Lears fan Itaalje op nei it noarden, dêr't er mei in leger fan 36.000 man Sûvorov syn 22.000 man tellende troepemacht oanfoel yn 'e Slach by Trebbia. Nei trije dagen fjochtsjen, en sûnder dat it oare Frânske leger yn Noard-Itaalje, ûnder befel fan Jean Victor Marie Moreau, him te help kaam, waard MacDonald op-en-út ferslein en moast er him út 'e fuotten meitsje nei Genua.

Neitiid waard er beneamd ta gûverneur fan Versailles, dêr't er net dielnaam oan, mar him wol dellei by de steatsgreep fan 18 Brumaire, dy't Napoleon yn Frankryk oan 'e macht brocht. Yn 1800 krige MacDonald it befel taparte oer it Frânske leger yn 'e Helvetyske Republyk (Switserlân), in wichtige post, om't it doe oan him tafoel om it kontakt tusken de Frânske legers yn súdlik Dútslân en Noard-Itaalje te ûnderhâlden. Yn 'e winter fan 1800 op 1801 krige er oarders om oer de Splügenpas te marsjearjen oan it haad fan it saneamde Frânske Leger fan Graubünden, wat yn 'e omstannichheden fan dy jiertiid in hiele toer wie. Doe't MacDonald yn 1802 weromkearde yn Parys, waard er daliks wer útstjoerd, diskear as Frânsk ambassadeur yn Denemark.

Under Napoleon

bewurkje seksje

Nei syn thúskomst út Denemark, yn 1805, die bliken dat MacDonald ûnbewust de ôfkear fan Napoleon oproppen hie, om't dy him assosjearre mei syn fijân Moreau. Sadwaande waard MacDonald doe net mei de measte oare generaals fan syn kaliber ta maarskalk beneamd. Hy bleau fierhinne amtleas oant 1809, doe't Napoleon him oanstelde as militêr adviseur fan syn styfsoan prins Eugène de Beauharnais, de ûnderkening fan it Napoleontyske Keninkryk Itaalje. Datselde jiers joech MacDonald lieding oan it Frânske leger fan Itaalje by Napoleon syn fjildtocht fan dat jier tsjin Eastenryk. Dêrby late er yn 'e Slach by Wagram de oanfal dy't de Eastenrykske midden briek en dêr't de oerwinning mei behelle waard. Sadwaande befoardere Napoleon him op it slachfjild ta maarskalk en ferhefte er him koarte tiid letter yn 'e adelstân as hartoch fan Taranto (yn súdlik Itaalje).

Yn 1810 tsjinne MacDonald ûnder de Spaanske Unôfhinklikheidsoarloch op it Ibearysk Skiereilân tsjin 'e Britske troepen fan 'e hartoch fan Wellington. Yn 1812 hied er it befel oer lofter- of noardlike flank fan 'e Grande Armée, ûnder Napoleon syn fatale ynfaazje fan Ruslân. Dêrby wie it MacDonald syn taak om it Baltikum te besetten en sa te bewissigjen dat de Frânske befoarriedingslinen net út it noarden wei trochsnien wurde koene. Nei't er yn 1813 dielnommen hie oan 'e fjildslaggen by Lützen en Bautzen, krige MacDonald befel en fal Sileezje binnen. Dêr waard er lykwols yn 'e Slach by Katzbach mei swiere ferliezen ferslein troch it Prusyske leger ûnder Gebhard von Blücher.

Yn 'e beslissende Folkeslach by Leipzig, ek yn 1813, moast MacDonald it doarp Liebertwolkwitz priisjaan oan it IVe Eastenrykske Korps fan Johann von Klenau. Hy sette lykwols in tsjinoanfal yn wêrby't er it doarp wer weromwûn. Letter dyseldichste deis blokkearre Klenau MacDonald syn besykjen om 'e Eastenrykske haadmacht, ûnder Karl Philipp, foarst fan Schwarzenberg, yn 'e rêch oan te fallen. Nei de Frânske nederlaach yn dizze slach hie MacDonald tegearre mei prins Józef Antoni Poniatowski it befel oer de Frânske efterhoede, dy't langernôch stânhâlde moast sadat de Frânsen Leipzig ûntromje koene. Hja holden persoanlik tafersjoch oer it opblazen fan 'e lêste brêge oer de rivier de Elster, en besochten doe swimmend de oare igge te berikken; MacDonald slagge dat, mar de ferwûne Poniatowski ferdronk.

 
Jacques MacDonald op syn hynder op it slachfjild.

Under de ferdigeningskampanje fan 1814 ûnderskate MacDonald himsels op 'e nij. Doe't de totale Frânske nederlaach net mear tsjin te kearen foel, wie MacDonald ien fan 'e maarskalken dy't troch Napoleon nei Parys stjoerd waarden mei syn akte fan troansôfstân, doe't er as lêste wanhoopsmaatregel besocht om syn soan, Napoleon II, troch syn fijannen foar him yn 't plak as keizer erkend te krijen. Tsjin dy tiid, doe't alle rotten it sinkende skip ferlieten, bleau MacDonald syn keizer trou. Dêrop krige er fan Napoleon opdracht om him by it nije rezjym (fan 'e restaurearre Boerbon-keningen) te jaan. As blyk fan wurdearring foar syn trou lange de keizer him it swurd fan Moerad Bey, de Mammelûkske ûnderkening fan Egypte oer, dat Napoleon yn 1798 by syn fjildtocht nei de Piramiden wûn hie. Der giet lykwols in ferhaal dat Napoleon ienris sei, en mar heal foar de grap, dat er "nea in MacDonald fertrouwe soe as der doedelsekken te hearren wiene."

Under de Boerbons

bewurkje seksje

Nei de Restauraasje waard MacDonald ûnder it nije rezjym fan it Hûs fan Boerbon ta Frânsk ealman ferheft en waard er beneamd ta ridder-grutkrús yn 'e Keninklike Oarder fan Sint-Loadewyk. Wylst in protte oare eardere napoleontyske ofsieren yn 1815, ûnder de Hûndert Dagen (doe't Napoleon út syn ballingsoard Elba ûntsnapte en weromkearde nei Frankryk), wer oerrûnen nei harren eardere keizer, hold MacDonald him oan 'e eed fan trou dy't er oan 'e nije kening Loadewyk XVIII sward hie.

Fan 1815 oant 1831 wie MacDonald kânselier fan it Légion d'Honneur, en yn 1816 waard er beneamd ta kommandant fan 'e keninklike liifgarde. Fan 1814 ôf hied er as ealman in sit yn it Frânske Hegerhûs, dêr't er him neffens syn stimgedrach konsekwint in moderate liberaal toande. Doe't MacDonald yn 1830 ôfswaaide út it Frânske leger hied er ûnder seis ferskillende Frânske rezjyms tsjinne.

Priveelibben

bewurkje seksje

MacDonald troude trije kear. Yn 1791 waard er man-en-wiif mei Marie-Constance Soral de Montloisir († 1797), mei wa't er twa dochters krige: Anne-Charlotte (1792-1870) en Adèle-Elisabeth (1794-1822). Yn 1802 wertroude er nei syn weromkear út Switserlân mei Félicité-Françoise de Montholon († 1804), de widdo fan 'e Frânske generaal Bathélemy Catherine Joubert, mei wa't er noch in dochter krige, Alexandrine-Aimée (1803-1869). Yn 1821 troude MacDonald, ta einbeslút, foar de trêde kear, mei Ernestine-Thérèse de Bourgoing (1789-1825), mei wa't er in soan krige, Louis-Marie MacDonald (1824-1881).

Nei't er yn 1830 mei 65 jier mei pinsjoen gien wie, loek MacDonald him werom yn syn lânhûs Courcelles-le-Roi, te Beaulieu-sur-Loire yn it departemint Seine-et-Oise, dêr't er op 7 novimber 1840, tsien dagen foar syn 75ste jierdei, kaam te ferstjerren. MacDonald syn autobiografy waard lang postúm publisearre, yn 1892, en wurdt omskreaun as "koart en missend yn lykwicht". Yn 2007 waard fierders it deiboek útjûn dat er byhold ûnder in reis troch de Skotske Heechlannen en de Hebriden, it lân fan syn foarâlden, dat er yn 1825 besocht. Op 30 april 2010 waard op it eilân Súd-Uist, it berteplak fan syn heit, in plakette ûntbleate ta oantins oan dizze MacDonald-telch om utens.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.