It jediïsme (útspr.: [ʤɛdaːi̭ˈɪsmə], "dzjed-daai-is-muh") is in filosofy en nije religieuze beweging dy't fierhinne basearre is op 'e ôfskildering fan 'e Jedi-ridders yn Star Wars. Dat is in tige bekende Amerikaanske mediafranchise, betocht troch George Lucas, dy't yn 1977 úteinsette mei de film Star Wars: Episode IV – A New Hope, wêryn't de Jedi yntrodusearre waarden.

Jediïsme
klassifikaasje
teïsme non-teïsme
type nije religieuze beweging
skiednis
ûntstean 1990-er jierren
basearre op Star Wars
leauwenden
oanhing ûnbekend
fersprieding wrâldwiid

De Jedi-ridders wurde yn 'e Star Wars-franchise foarsteld as leden fan in monastyske en akademyske organisaasje mei in sterke kriichsdissipline, foar wa't it bewarjen fan 'e frede en it hanthavenjen fan wet en oarder yn it algemien de heechste prioriteit hat. Se folgje de ljochte kant fan de Krêft, in metafysyske en rûnombywêzige enerzjy dy't as mystyk ferskynsel in protte wei hat fan in godheid, mar mar apersoneel is. It folgjen fan 'e ljochte kant fan 'e Krêft betsjut koartsein it yn acht nimmen fan selsbehearsking en it stribjen nei it goede. Geweld is foar Jedi altyd it lêste rêdmiddel.

Beskriuwing fan it jediïsme

bewurkje seksje

De fiktive religy fan 'e Jedi-ridders krige meitiid fia de popkultuer sa'n ynfloed dat der in echte religieuze beweging út ûntstie, it jediïsme. Oanhingers dêrfan beklamje dat se net leauwe dat de mytology en fiksje fan Star Wars wier is. Ynstee fiele se har ynspirearre troch de libbenswize fan 'e fiktive Jedi-ridders en wolle se besykje de morele aspekten en spiritualiteit fan dy libbenswize yn harren eigen libben nei te bearen. Dêrta drage guon jediïstyske websiden de "16 learstellings" út, wylst oaren de "21 stelregels" neame.

Organisaasjes

bewurkje seksje

De jediïstyske beweging hat gjin sintrale struktuer of lieder, hoewol't der wol inkele organisaasjes besteane wêryn't oanhingers fan it jediïsme har feriene hawwe, benammen yn 'e Feriene Steaten en it Feriene Keninkryk. Ien fan 'e grutsten is de Temple of the Jedi Order, dy't yn 2005 yn Teksas oprjochte waard en yn 2015 troch de Amerikaanske belestingtsjinst IRS erkend waard as religieuze organisaasje (en dêrom frijstelling fan belestingbetelling krige). Yn 2007 waard yn it Feriene Keninkryk The Church of Jediism oprjochte.

Yn 2009 waard Daniel Jones, de oprjochter fan The Church of Jediism, út in Tesco-supermerk yn Bangor yn it noarden fan Wales set, om't er syn kapusjon net ôfdwaan woe. Hy berôp him op religieuze klaaiïngsfoarskriften om't er Jedi wie. De eigner fan 'e supermerk ferwarde him yn 'e media lykwols troch te ferwizen nei Star Wars: "Hy mei der bêst yn. Jedi's binne folslein wolkom om by ús te winkeljen, mar dan wolle wy wol dat se harren kap ôfdogge. Obi-Wan Kenobi, Yoda en Luke Skywalker hawwe allegearre sûnder kap omrûn sûnder dat se dêrtroch ta de tsjustere kant fan 'e Krêft ferfoelen en wy binne ús inkeld bewust fan 'e keizer as ien dy't nea syn kap ôfdie."

Jedi-folkstellingsferskynsel

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Jedi-folkstellingsferskynsel.

It jediïsme kaam as nije religieuze beweging yn 2001 foar it earst rûnom yn 'e media, doe't it saneamde Jedi-folkstellingsferskynsel him foar it earst foardie. Dat jiers joegen by folkstellings yn it Feriene Keninkryk, Kanada, Austraalje en Nij-Seelân tsientûzenen minsken by de fraach oangeande harren religy it antwurd "Jedi" op. Ek by lettere folkstellings yn deselde en oare lannen hawwe in soad lju oanjûn dat harren religy it jediïsme is. It tinken is lykwols dat it dêrby yn fierwei de measte gefallen giet om minsken dy't net echt oanhingers fan it jediïsme binne, mar ynstee fine dat harren religy de oerheid neat oangiet of dy't grappich wêze wolle. It is dêrom ûndúdlik hoe grut oft de oanhing fan it jediïsme echt is.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.