Jedi-folkstellingsferskynsel

It Jedi-folkstellingsferskynsel is in ferskynsel dat him yn 2001 foar it earst foardie by folkstellings yn it Feriene Keninkryk en ferskate oare Ingelsktalige lannen. Dêrby joegen tsientûzenen minsken by de fraach oangeande harren religy it antwurd "Jedi" op, ferwizend nei in fiktive monastyske, mei it bewarjen fan 'e frede en it hanthavenjen fan wet en oarder belêstge organisaasje út 'e Amerikaanske mediafranchise Star Wars. By lettere folkstellings die itselde ferskynsel him foar yn deselde lannen, mar ek yn guon Eastjeropeeske steaten. It giet hjirby yn fierwei de measte gefallen om minsken dy't net echt oanhingers fan it jediïsme binne, mar fine dat harren religy de oerheid neat oangiet of dy't grappich wêze wolle.

In lânkaart fan Ingelân en Wales mei dêrop oanjûn de geografyske fersprieding fan 'e lju dy't by de folkstelling fan 2001 as religy it jediïsme opjoegen (wat blauwer, wat mear; wat gieler, wat minder).

It tinken is dat it Jedi-folkstellingferskynsel feroarsake waard troch in broadsje-aapferhaal. Dat woe hawwe dat eltse religy dy't in minimum oantal oanhingers hie (yn guon gefallen werjûn as 8.000, yn oaren as 10.000), automatysk offisjele erkenning krije soe. Dat ferhaal waard yn it Feriene Keninkryk, Austraalje, Nij-Seelân en Kanada foarôfgeande oan 'e fiif- of tsienjierlikse folkstelling ferspraat fia keatling-e-mail. Ek waarden lju oanfitere om by de fraach oer religy "Jedi" yn te foljen om blyk te jaan fan harren leafde foar Star Wars of om 'e fêstige oarder te yrritearjen.

Yn Austraalje joegen by de folkstelling fan 2001 mear as 70.000 minsken (0,37% fan 'e befolking) op dat se "Jedi's" wiene. It Australyske Buro foar de Statistyk (ABS) reägearre dêrop troch in parseferklearring útgean te litten wêryn't steld waard dat eltse fraach wêrfan't it antwurd ferwiisde nei de Jedi of Star Wars, beskôge wurde soe as net beäntwurde. By de folkstelling fan 2006 wiene der goed 58.000 Austraaljers dy't harsels opjoegen as Jedi, yn 2011 wiene dat der 65.000 en yn 2016 48.000. Yn 'e oanrin nei de folkstelling fan 2016 fierde de Australyske Ateïstyske Stifting (AAF) kampanje tsjin it jaan fan it antwurd "Jedi" op 'e fraach oangeande religy, mei as argumint dat sa'n "humoristysk" antwurd liede soe ta in ûndertelling fan ateïsten, wat der wer foar soargje soe dat ateïsten yn Austraalje minder macht krigen as dat se oars hawwe soene.

Feriene Keninkryk

bewurkje seksje

Ingelân en Wales

bewurkje seksje

By de folkstelling fan 2001 yn Ingelân en Wales joegen mear as 390.000 minsken op dat se Jedi-ridders wiene. Dat kaam del op krapoan 0,8% fan 'e befolking. It jediïsme waard dêrmei de op trije nei grutste religy fan it lân, nei it kristendom (70%), de islaam (3,1%) en it hindoeïsme (2,1%). Ek it ateïsme (16%) hie mear oanhing. It joadendom, it sikhisme en it boedisme wiene lykwols lytser as it jediïsme. Foarôfgeande oan 'e folkstelling hie it regear dúdlik makke dat, hoewol't der eins in jildboete stie op it net of ferkeard beäntwurdzjen fan 'e fragen fan 'e folkstelling, dêr net op hanthavene wurde soe yn it gefal fan 'e fraach oer jins religy. By de folkstelling fan 2011 wiene der yn Ingelân en Wales noch 177.000 Jedi oer. Yn 2021 fitere de humanistyske organisaasje Humanists UK ateïsten oan om net "Jedi" te antwurdzjen, mar "gjin religy".

Yn Skotlân antwurden by de folkstelling fan 2001 mear as 14.000 minsken by de fraach oer religy dat se Jedi-ridders wiene. Dat kaam del op 0,24% fan 'e befolking en wie dus oanmerklik leger as yn Ingelân en Wales.

It Iersk Sintraal Buro foar de Statistyk wegere yn 2012 fragen te beäntwurdzjen oer hoefolle lju oft harren by de folkstelling fan 2011 as "Jedi" opjûn hiene. Foar de folkstelling fan 2016 waarden de útkomsten foar alle opjûne religyen publisearre dy't mear as 30 kear neamd wiene. Doe wiene der 2.050 Ieren (0,09% fan 'e befolking) dy't harsels as "Jedi-ridder" opjûn hiene.

Yn Kanada joegen by de folkstelling fan 2001 21.000 minsken harren religy op as "Jedi-ridder". Dat wie oanlieding foar it regear om te besjen oft it folslein ynfoljen fan 'e 40 bledsiden lange folkstelling net frijwillich makke wurde koe. By in nasjonale enkête yn 2011 wiene der 9.000 Kanadezen dy't harsels "Jedi" neamden.

By de folkstelling fan 2011 yn Kroaasje joegen 303 minsken op dat se it jediïsme as religy hiene.

By de folkstelling fan 2001 joegen har yn Nij-Seelân mear as 53.000 minsken op as Jedi. Dat kaam del op 1,5% fan 'e befolking en dêrmei libben der yn Nij-Seelân relatyf sjoen de meast Jedi-ridders. It nasjonale buro foar de statistyk, Statistics New Zealand (SNZ) behannele dy gefallen as "antwurd begrepen mar net meiteld". By de folkstelling fan 2006 joegen 20.000 Nijseelanners harren religy op as it jediïsme. De folkstelling fan 2011 waard net ôfmakke omreden fan 'e swiere ierdbeving fan Christchurch, mar by de folkstelling fan 2018 wiene der yn Nij-Seelân noch hieltyd 20.409 Jedi (oftewol 0,43% fan 'e befolking).

By de folkstelling fan 2011 yn Servje joegen 640 minsken op dat se as religy it jediïsme oanhongen.

Yn Tsjechje beäntwurden by de folkstelling fan 2011 rom 15.000 minsken de frijwillige fraach nei harren religy mei "Jedi-ridder". It Tsjechysk Buro foar de Statistyk fertaalde dat nei "it hawwen fan 'e morele wearden fan 'e Jedi-ridders". De measte Tsjechyske Jedi-ridders wennen yn 'e haadstêd Praach.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Sources en Citations, op dizze side.