Jezabel Vessir, echte namme ûnbekend (Denver, 13 april 1990), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Afro-Amerikaansk en Yndiaask komôf, dy't ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Jezabel Vessire en Jezabel Visser. Hja sette yn 2014 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn in stikmannich films. Vessir stiet benammen bekend om har grutte natuerlike boarsten.

Jezabel Vessir
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Jezabel Vessire,
Jezabel Visser
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 13 april 1990
berteplak Denver (Kolorado)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
Hindoestaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2014 – no
offisjele webside
Jezabel Vessir op Twitter

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Vessir waard yn 1990 berne yn Denver, yn 'e Amerikaanske steat Kolorado. Hja is fan etnysk Afro-Amerikaansk komôf. Yn 2014 makke se mei 24 jier har debút yn in pornografyske film. Under har karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry kaam se benammen bekend te stean om har tige grutte, natuerlike boarsten. Se wurke gear mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Mick Blue, James Deen en Keiran Lee.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Vessir tsjin begjin 2017 yn mear as tritich films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Wicked Pictures, Devil's Film, Evil Angel en Digital Playground. Teffens hat se wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Mile High Media, West Coast Productions, Northstar Associates en Pure Play Media. Fierders wie Vessir ek geregeldwei yn 't spier foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Naughty America en Brazzers.

Lichemsskaaimerken

bewurkje seksje

Jezabel Vessir is swart, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m lang, mei in gewicht fan 52 kg, en in opfallend grutte natuerlike kupmaat 28F. Behalven piercings troch har earlellen hat Vessir ek in nâlpiercing. Fierders hat se in tatoeaazje oan 'e binnenkant fan har rjochterearm.

Filmografy (in seleksje)

bewurkje seksje
jier film studio
2014 Hot Black Chicks Love Huge White Dicks Northstar Associates
2015 Big Natural Boobies TittyFucked BigTitsRoundAsses.com
Big Tits Round Asses 40 BangBros
Black Girl Gloryholes 12 Dogfart
Black in Black Digital Desire
Brown Bunnies 11 Bang Bros
Erotic Encounters Erotica X
Jezabel's Sweet Breasts BabyGotBoobs.com
Real Black Housewives of LA 4 West Coast Productions
We Fuck Black Girls 2 Dogfart
2016 Deep Throat League PervCity.com
Dirty Money Wicked Pictures
Sexy Jezabel BigNaturals.com
We Fuck Black Girls 5 Dogfart

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: