James Deen, echte namme: Bryan Matthew Sevilla (Los Angeles County (Kalifornje), 7 febrewaris 1986), is in rêstend Amerikaansk pornografysk akteur en regisseur fan mingd Joadsk, Dútsk, Ingelsk en Skotsk etnysk komôf. Hy sette yn 2004 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Deen ûntjoech him ta ien fan 'e bekendste manlike pornoakteurs en spile yn tûzenen films. Mei syn frij smelle lichemsbou falt er op tusken syn kollega's, dy't oer it algemien in spierd uterlik hawwe. Under syn fans binne in soad tinerfamkes. Deen is anno 2017 de winner fan 13 AVN Awards. Ein 2015 kamen ferskate pornoaktrises mei beskuldigings fan seksueel wangedrach fan Deen nei bûten ta, wêrby't it gie om sawol beropsmjittige as priveesitewaasjes.

James Deen
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Bryan Matthew Sevilla
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 7 febrewaris 1986
berteplak Los Angeles County (Kalifornje)
etnisiteit Dútsk
Ingelsk
Joadsk
Skotsk
wurkpaad
wurksum as pornoakteur, regisseur
jierren aktyf 20042019
offisjele webside
jamesdeenblog.com

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Deen waard yn 1986 berne yn Los Angeles County, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Hy groeide op yn Pasadena. Syn heit en mem wiene beide yngenieur, wêrby't syn heit spesjalisearre wie yn meganika en syn mem yn kompjûters en oare elektroanika. Deen syn pake oan heitekant kaam út Ohio, en syn eigen âlden (Deen syn oerpake en -beppe) wiene Sefardysk-Joadske ymmigranten út Istanbul, yn Turkije. Deen syn beppe oan heitekant kaam ek Ohio, en wie fan mingd Dútsk, Ingelsk en Skotsk etnysk komôf. De famylje fan Deen syn mem bestiet út Asjkenazyske Joaden dy't út East-Jeropa stamje. Yn 2004 slagge Deen foar de middelbere skoalle oan 'e La Cañada High School yn Pasadena. Tsjin dy tiid wiene syn âlden skieden, en loek er by syn heit yn. Hy folge kolleezjes oan it Pasadena City College en wurke dêrnjonken yn in Starbucks-kofjehûs.

Pornokarriêre

bewurkje seksje

Neffens eigen sizzen wie it al Deen syn ambysje om pornoakteur te wurden sûnt er op 'e beukerskoalle siet. As tiner hearde er ris in fraachpetear mei pornostjer Jenna Jameson op it radioprogramma Loveline, wêrby't in harker ynskille om har te freegjen hoe't er pornoakteur wurde koe. Jameson antwurde dat hy himsels oanleare moast om sûnder sjêne te masturbearjen yn it bywêzen fan tweintich oaren. Sadwaande begûn Deen mei it hawwen fan seks yn it iepenbier op feesten en raves. Neffens him hat sok ekshibysjonistysk hâlden en dragen him tige by tige holpen om te 'prestearjen' foar de kamera.

Doe't er santjin jier wie, besleat er it grûnwurk foar in karriêre as pornoakteur te lizzen troch om te gean mei fammen dy't konneksjes yn 'e pornoyndustry hiene. Fia-fia kaam er doe yn 'e kunde mei pornoaktrise Pamela Peaks, dy't him û.m. holp by it kiezen fan in gaadlike artystenamme. 'James Deen' wie in alternative stavering fan in âlde en heal fergetten bynamme fan sines dy't syn maten fan 'e middelbere skoalle him jûn hiene doe't er tolve jier wie, om't er smookte lykas akteur James Dean. It foel him lykwols earst noch net ta om in pornokarriêre oan 'e gong te krijen, mei't er, doe't er dêr yn 2004 mei úteinsette, kwealk achttjin jier wie en alhiel gjin ûnderfining foar de kamera hie.

Dean syn trochbraak kaam ein 2004, doe't Eon McKai him caste yn 'e film Art School Sluts. Yn 't earstoan wurke er benammen mei oan milfpornografyske films mei âldere aktrises as tsjinspylsters. Mei syn frij tingere lichemsbou falt Deen op tusken syn manlike kollega's, dy't oer it algemien in spierd uterlik hawwe. Dat hat foar him lykwols gjin behindering west om in grutte skare fans te garjen, dêr't, nei't it skynt, in protte tinerfamkes ûnder binne, in demografyske groep dy't yn 'e regel net daliks assosjearre wurdt mei it fandom fan 'e pornoyndustry. Sokke fans neame harrensels 'deenagers' (in wurdboarterij fan 'Deen' en 'teenagers'). Yn febrewaris 2012 stjoerde de Amerikaanske omrop ABC in ôflevering fan 'e aktualiteiterubryk ABC Nightline oer Deen út, mei as titel Porn's Boy Next Door ("De Buorjonge fan 'e Pornoyndustry"). Dêrfoar waarden sawol Deen as ferskaten fan syn jonge froulike fans ynterviewd. Ien fan 'e famkes omskreau him as de Ryan Gosling fan 'e pornoyndustry.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Deen begjin 2017 yn mear as 2.300 ûnderskate pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Red Light District, VCA Pictures, Diabolic Video, Zero Tolerance, New Sensations, Adam & Eve, Hustler Video, Digital Sin, Vivid Entertainment, Jules Jordan Video, Evil Angel, Sin City, Elegant Angel, Digital Playground, Anabolic Video, Penthouse, ClubJenna, Shane's World, Wicked Pictures en Devil's Film. Fierders hat er ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Pure Play Media, Third Degree Films, Metro, Legend Video, Mile High Media, Platinum X Pictures, Coast to Coast Video en LFP Video, Inc. En teffens hat er in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder Reality Kings, Brazzers, Naughty America en Kink.com. Njonken syn aktearwurk is Deen (fan 2008 ôf) ek de regisseur fan likernôch tweintich pornofilms, dy't útbrocht binne by û.m. Evil Angel en syn eigen, yn 2011 oprjochte produksjestudio James Deen Productions.

Oant en mei 2016 hie Deen mar leafst 13 prestizjeuze AVN Awards (de Oscars fan 'e pornowrâld) wûn, wylst er foar nochris 74 nominearre wie. Yn 2009, doe't er foar it earst de priis yn 'e kategory 'manlike artyst fan it jier' takend krige, wied er mei 22 jier de jongste winner fan dy priis ea. Yn 2012 wûn er dy priis op 'e nij. Fierders wûn er twaris de AVN Award yn 'e kategory bêste triosekssêne en twaris de AVN Award yn 'e kategory bêste groepsekssêne. Ek wûn Deen njoggen Xbiz Awards en acht XRCO Awards.

Under syn karriêre as pornoakteur wurke Deen gear mei froulike aktrises as Ava Addams, Asa Akira, Anikka Albrite, Britney Amber, Andi Anderson, Eva Angelina, A.J. Applegate, Davia Ardell, Asia, Cherokee d'Ass, Veronica Avluv, Bridgette B, Briana Banks, Cassidy Banks, Sarah Banks, Nyomi Banxxx, Lanny Barby, Belladonna, Lexi Belle, Yurizan Beltrán, Breanne Benson, Nikki Benz, Maya Bijou, Carmella Bing, Audrey Bitoni, Tori Black, Vienna Black, Julia Bond, Abby Lee Brazil, Summer Brielle, Amy Brooke, Ashlynn Brooke, Jenna Brooks (Bambi Bliss), Hunter Bryce, Casey Calvert, Charisma Cappelli, Mercedes Carrera, Lily Carter, Vicki Chase, Adriana Chechik, Renae Cruz, Courtney Cummz, Miko Dai, Daisy Marie, Claire Dames, Dana DeArmond, Sophie Dee, Devon, Skin Diamond, Gia DiMarco, Kelly Divine, Tiffany Doll, Noelle Easton, Alana Evans, Ariella Ferrera, Jada Fire, Ashley Fires, Erica Fontes, Alexis Ford, Shay Fox, Ana Foxxx, Diamond Foxxx, Havana Ginger, Keisha Grey, Sasha Grey, Holly Halston, Dillion Harper, Nina Hartley, Allie Haze, Jenna Haze, Jenny Hendrix, Audrey Hollander, Kylie Ireland, Jewels Jade, Franceska Jaimes, Nikita von James, Jesse Jane, Jade Jantzen, Sara Jay, Jayden Jaymes, Dani Jensen, Peta Jensen, Jenaveve Jolie, Julia Ann, Victoria June, Kortney Kane, Kagney Linn Karter, Anissa Kate, Katsuni, Kimberly Kendall, Kerry Louise, London Keyes, Austin Kincaid, Kayden Kross, Remy LaCroix, Ava Lauren, Dyanna Lauren, Melissa Lauren, Eve Laurence, Shayla LaVeaux, Francesca Le, Brooklyn Lee, Jayden Lee, McKenzie Lee, Sharon Lee, Leilani Leeane, Leyla Lei, Mia Lelani, Shawna Lenée, Yasmine de Leon, Sunny Leone, Lea Lexis, Alina Li, Rebeca Linares, Lisa Ann, Alexis Love, Sinnamon Love, Shy Love, Mya Luanna, Kendra Lust, Chastity Lynn, Gina Lynn, Krissy Lynn, Nyomi Marcela, Madelyn Marie, Tanner Mayes, Jynx Maze, Marie McCray, Gianna Michaels, Maxi Mikita, Mariah Milano, Memphis Monroe, Carmel Moore, Cayden Moore, Mason Moore, Tiffany Mynx, Valentina Nappi, Mya Nichole, Skyla Novea, Aletta Ocean, Bree Olson, Gabriella Paltrova, Teagan Presley, Priva, Alanah Rae, Priya Rai, Romi Rain, Roxy Raye, Veronica Rayne, Riley Reid, Rhylee Richards, Amy Ried, Abby Rode, Veronica Rodriguez, Kristina Rose, Sativa Rose, Natalia Rossi, Rachel Roxxx, Trinity St. Clair,Katie St. Ives, Savanna Samson, Andy San Dimas, Hillary Scott, Vina Sky, Dakota Skye, Aurora Snow, Saya Song, Kendra Spade, Charmane Star, Lela Star, Cindy Starfall, Bobbi Starr, Rachel Starr, Riley Steele, Jada Stevens, Misty Stone, Stoya, Delilah Strong, Shyla Stylez, India Summer, Puma Swede, Mika Tan, Alexis Texas, Teanna Trump, Flower Tucci, Angelina Valentine, Megan Vaughn, Juelz Ventura, Dana Vespoli, Vicky Vette, Taylor Wane, Kelly Wells, Sienna West, Jennifer White, Ricki White en Harmony Wonder.

Yn april 2013 naam Deen in pornografyske sêne op mei realitytillefyzjestjer Farrah Abraham, dy't bekend wurden wie fan it tillefyzjeprogramma Teen Mom. Deen sei letter dat him earst frege wie om te bearen dat er in echte relaasje mei Abraham hie, by wize fan trúk om 'e sekssêne in by fersin útlekte sekstape lykje te litten. Hy sei dat er dat wegere hie: "Ast in sekstape fan in ferneamde frou makkest en dwaan wolst as wie dat in amateur-home video, dan hierst dêrfoar net in bekende pornostjer yn." Ek yn 2013 naam Deen yn in hotelkeamer yn New York in sekssêne op mei Jenn Tisdale, in blochster en komediënne ferbûn oan 'e online-krante The Huffington Post, nei't sy yngien wie op in iepen útnûging fan him op Twitter. Tisdale wurke oan 'e sêne mei ûnder de skûlnamme Gwen Derringer, en it resultaat waard yn 2014 útbrocht as ûnderdiel fan 'e dvd James Deen's Sex Tapes: Hotel Sex.

Yn febrewaris 2013 rjochte Deen de webside en webwinkel JamesDeenStore.com op, dêr't behalven Deen syn films en seksboartersguod ek it kleanmerk Deen's Baby Panda ferkocht wurdt. Yn july 2013 wurke Deen fierders gear mei pornoaktrise Andy San Dimas, de pornografyske app store MiKandi en Xbiz, in online-krante oer de Amerikaanske pornoyndustry, om 'e earste pornosêne te meitsjen dy't opnommen wie mei in Google Glass-kamerabril. Binnen 24 oeren waard de sinsurearre trailer op YouTube mear as 1 miljoen kear besjoen. De ûnsinsurearre ferzje waard publisearre op 'e webside fan MiKandi.

Deen wie ek aktyf op it reitsflak fan 'e pornoyndustry mei de bredere Amerikaanske maatskippij. Yn septimber 2012 naam Deen diel oan in parsekonferinsje mei oare tsjinstanners fan 'e saneamde Maatregel B fan it bestjoer fan Los Angeles County, in wetsfoarstel dat de pornoyndustry ferplichtsje soe om tenei foar eltse sekssêne kondooms te brûken. Op dy parsekonferinsje stelde Deen de grûnwetlikens fan sa'n maatregel yn 'e kiif. Yn jannewaris 2014 joech Deen him by it doe krekt oprjochte Adult Performer Advocacy Committee (APAC), in organisaasje dy't pornoakteurs fertsjintwurdiget, him ynset foar de beskerming fan 'e rjochten fan pornoakteurs, tasjocht op it neilibjen fan 'e besteande regeljouwing foar de pornoyndustry en foarstellen foar nije regels docht as dy nedich binne. Deen hat as skathâlder en as foarsitter fan it APAC tsjinne.

Mainstream-karriêre

bewurkje seksje

Los fan yn wurk 'e pornoyndustry hat James Deen ek in eigen websearje presintearre mei as titel James Deen Loves Food. Dêryn gied er as resinsint by ferneamde restaurants del, mar ek by filialen fan fastfoodrestaurantkeatlings, om it iten te beoardieljen. Yn jannewaris 2013 brocht Deen fia in crowdfundingsaksje op 'e webside Kickstarter.com jild byinoar om 'e mainstream-steampunkwesternfilm Cowboys & Engines te meitsjen. De kampanje gie rom oer it yn 't foar stelde doel fan $100.000 yn 58 dagen hinne. Akteur Malcolm McDowell sei syn meiwurking ta oan 'e film. Ek yn 2013 spile Deen mei filmstjer Lindsay Lohan yn 'e mainstream-film The Canyons, ûnder rezjy fna Paul Schrader nei in senario fan Bret Easton Ellis.

 
James Deen mei syn doetiidske freondinne Joanna Angel yn 2011.

Yn febrewaris 2013 waard Deen útnûge om it Pasadena City College te besykjen, dêr't er as tiner studearre hie. Perfester Hugo Schwyzer woe graach dat er dêre foar de studinten in lêzing hold oer syn karriêre yn 'e pornografy. Oarspronklik soe de lêzing foar in elk tagonklik wêze, mar doe't sawol Deen syn fans as anty-pornografy-demonstranten oankundigen derhinne te sillen, besleat men om 'e tagong te beheinen ta studinten fan 'e hegeskoalle. Neitiid waard Deen troch hegeskoallen en universiteiten út 'e hiele Feriene Steaten frege om te sprekken oer ûnderwerpen as wetjouwing oangeande pornografy, it gebrûk fan kondooms en foarbehoedsmiddels yn 'e pornoyndustry, en persoanlike relaasjes, media en seksualiteit yn it libben fan in pornoakteur.

Priveelibben

bewurkje seksje

Deen identifisearret himsels mei it joadendom, mar mear yn 'e sin fan in kultuer as yn 'e sin fan in religy, mei't er net leauwich is. Fan 2005 oant 2011 hie Deen in relaasje mei pornoaktrise Joanna Angel. Neitiid gied er fan 2012 oant 2014 om mei pornoaktrise Stoya.

Beskuldings fan seksuaal wangedrach

bewurkje seksje

Op 28 novimber 2015 waard Deen op Twitter beskuldige fan ferkrêfting yn 'e priveesfear troch pornoaktrise Stoya, mei wa't er earder in relaasje hân hie. Deen ûntkende yn alle toanaarden en omskreau Stoya har ferhaal as "ûnwier", "kwetsend" en "kwealasterlik". Joanna Angel, in oare âld-freondinne fan Deen, wie lykwols ien fan 'e earsten dy't Stoya byfoel. Doe't se te gast wie yn it praatprogramma The Jason Ellis Show, beskuldige Angel Deen fan seksuële mishanneling ûnder harren seis jier duorjende relaasje.

Neitiid kamen ferskate oare pornoaktrises nei foarren mei ferhalen fan mishanneling en seksueel wangedrach troch Deen, wêrûnder Tori Lux, Ashley Fires, Kora Peters, Nicki Blue, Lily LaBeau en Bree Olson, dy't útholden dat er ûnnedich gewelddiedich west hie by it opnimmen sekssênes mei harren. Amber Rayne fertelde dat Deen har op 'e set fan in pornofilm in kear stompt en dêrmei ferwûne hie, al hie se dat doedestiden opfet as in ûngemak en wie se letter mei Deen befreone rekke.

Fanwegen de beskuldigings ferbriek de bondaazje- en s.m.-webside Kink.com alle bannen mei Deen, dêrby ferklearjend dat ynstimming fan beide partijen altyd sakrosankt is. De webside The Frisky hefte Deen syn seksadvyskollumn op en ferwidere advertinsjes foar en links nei Deens syn offisjele webside. Fierders lei Deen frijwillich syn funksje as foarsitter fan it Adult Performer Advocacy Committee (APAC) del, hoewol't er folhold dat er "ferbjustere" wie troch de beskuldigings, dy't er oant op 'e dei fan hjoed ûntkent. By dizze saak moat oantekene wurde dat gjinien fan 'e froulju dy't Deen beskuldigje fan seksueel wangedrach oanjefte tsjin him dien hat by de plysje.

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2006 AVN Award nominearre bêste manlike nijynkommeling n.f.t.
2007 AVN Award nominearre bêste orale sekssêne (fideo) (mei Hillary Scott) Corruption
nominearre bêste anale sekssêne (fideo) (mei Joanna Angel) Lewd Conduct 27
nominearre bêste gearwurking yn in sekssêne (fideo) (mei Naomi Russell) Naomi... There's Only One
nominearre bêste groepsekssêne (fideo) (mei Marie Luv, Erik Everhard en Mr. Pete) Racial Tension
nominearre bêste groepsekssêne (fideo) (mei Faith Leon, Kraig Kraagen, Alec Knight, Ryan Knox en Mr. Pete) Blacklight Beauty
nominearre bêste byrol fan in akteur Guide 2 Humping
nominearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre bêste nije dekhynst n.f.t.
2008 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Hillary Scott) Upload
nominearre bêste triosekssêne (f/m/m) (mei Sasha Grey en Alec Knight) Razördolls
nominearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
XRCO Award wûn bêste gearwurking yn in sekssêne (mei Joanna Angel) n.f.t.
wûn ûnderwurdearre swurdfjochter n.f.t.
2009 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Brianna Love) Belladonna: Manhandled 3
nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Teagan Presley) Not Bewitched XXX
nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Lexi Belle) Teenage Heartbreakers 2
nominearre bêste P.O.V.-sekssêne (mei Joanna Angel) P.O.V. Punx
nominearre bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Camryn Kiss en Kristina Rose) Sweet Cheeks 10
nominearre bêste groepsekssêne (mei Shay Jordan, Camryn Kiss, Alexis Texas, Tommy Gunn en Johnny Sins) Cheerleaders
nominearre bêste groepsekssêne (mei Rebeca Linares, Faye Reagan, Andrew Andretti, Jerry en Steve Taylor) The Gauntlet 3
nominearre bêste byrol fan in akteur Ashlynn Goes to College
nominearre bêste akteur The Chauffeur's Daughter
wûn manlike artyst fan it jier n.f.t.
XRCO Award wûn bêste gearwurking yn in pornosêne (mei Joanna Angel) n.f.t.
wûn manlike artyst fan it jier n.f.t.
2010 AVN Award nominearre bêste anale sekssêne (mei Belladonna) Butthole Whores 3
nominearre bêste anale sekssêne (mei Ricky White) Ass Cleavage 10
nominearre bêste anale sekssêne (mei Kristina Rose) Kristina Rose: Dirty Girl
nominearre bêste anale sekssêne (mei Joanna Angel en Alexis Texas) Scrubs: A XXX Parody
nominearre bêste anale sekssêne (mei Chayse Evans) Evil Anal 10
nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Joanna Angel en Sean Michaels) LA Pink: A XXX Porn Parody
nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Mackenzee Pierce en Sascha) Hot n' Sexy
nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Tiffany Mynx en Mr. Pete) No Cum Dodging Allowed 10
nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Dakota Brookes en Jerry) Slut Puppies 3
nominearre bêste groepsekssêne (mei Marie Luv, Natalie Minx Jade Starr, Alec Knight en Jayme Langford) Fuck the World
nominearre bêste akteur Scrubs: A XXX Parody
nominearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
NightMoves Award wûn bêste manlike artyst (redakteurskar) n.f.t.
Xbiz Award wûn manlike artyst fan it jier n.f.t.
XRCO Award wûn bêste inkele optreden - akteur Scrubs: A XXX Parody
wûn manlike artyst fan it jier n.f.t.
2011 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Lexi Belle) Batman XXX: A Porn Parody
nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Bobbi Starr) Rough Sex #2
nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Kristina Rose en Mick Blue) Kristina Rose Is Slutwoman
nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Tori Black en Mick Blue) Tori Black Is Pretty Filthy 2
nominearre bêste triosekssêne (f/m/m) (mei Tori Black en Dale DaBone) Batman XXX: A Porn Parody
nominearre bêste triosekssêne (f/m/m) (mei Riley Steele en Scott Nails) Riley Steele: Bar Pussy
nominearre bêste triosekssêne (f/m/m) (mei Andy San Dimas en Mr. Pete) Belladonna: Slut!
nominearre bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Joanna Angel en Draven Star) Rebel Girl
nominearre bêste groepsekssêne (mei Lorelei Lee, India Summer en Mickey Mod) Private Independent 2: Open Invitation - A Real
Swingers Party in San Francisco
nominearre skandalichste sekssêne (mei Dana DeArmond en Kelly Divine) Nice Jewish Girls
nominearre bêste byrol fan in akteur Batman XXX: A Porn Parody
nominearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
2012 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei April O'Neil) Legs Up Hose Down
nominearre bêste P.O.V.-sekssêne (mei Joanna Angel en Skin Diamond) P.O.V. Punx 4
nominearre bêste P.O.V.-sekssêne (mei Tori Lux) P.O.V. Punx 4
nominearre bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Megan Coxx) Dirty Little Club Sluts
nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Stoya en Steve Holmes) Bad Girls: Episode 5
nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Joanna Angel en Keni Styles) Joanna Angel and James Deen's Summer Vacation
nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Krissy Lynn en Jordan Ash) Ass Worship 13
nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Chanel Preston en Mick Blue) Breast in Class 2: Counterfeit Racks
nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Eva Angelina en Jordan Ash) Pornstars Punishment 2
nominearre bêste groepsekssêne (mei Dana DeArmond, Brock Adams, Alex Gonz Jon Jon, Ramon Nomar, Toni Ribas en John Strong) Gangbanged 2
nominearre bêste groepsekssêne (mei Jayden Jaymes, Brock Adams, Erik Everhard, Jon Jon, Danny Mountain, Criss Strokes en John Strong) Gangbanged 2
nominearre bêste groepsekssêne (mei Joanna Angel, Audrina Lee, Moretta, Sofi Vondoom, Felix en Keni Styles) Joanna Angel and James Deen's Summer Vacation
nominearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
NightMoves Award wûn bêste manlike artyst (publykspriis) n.f.t.
XRCO Award nominearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
2013 AVN Award nominearre bêste anale sekssêne (mei Lexi Belle) Lexi
nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Eva Angelina en Mr. Pete) Evalutionary 2
nominearre bêste groepsekssêne (mei Skin Diamong, Brooklyn Lee, Misty Stone, Mika Tan, Dane Cross en Alex Gonz) Official The Hangover Parody
wûn bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Asa Akira en Brooklyn Lee) Asa Akira Is Insatiable 3
wûn crossover-stjer fan it jier (dield earste plak mei Sunny Leone) n.f.t.
wûn manlike artyst fan it jier n.f.t.
Xbiz Award wûn crossover-stjer fan it jier n.f.t.
wûn manlike artyst fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
wûn mainstreamfavoryt út 'e pornoyndustry n.f.t.
2014 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Dani Daniels) Skin Tight
nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Kennedy Leigh) Ultimate Fuck Toy: Kennedy Leigh
nominearre bêste anale sekssêne (mei Farrah Abraham) Farrah Superstar: Backdoor Teen Mom
nominearre bêste anale sekssêne (mei Dana DeArmond) What an Asshole
nominearre bêste anale sekssêne (mei Stoya) Code of Honor
nominearre bêste akteur Watch Over Me
nominearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
wûn bêste triosekssêne (f/m/m) (mei Anikka Albrite en Ramon Nomar) Anikka
wûn mainstream-stjer fan it jier n.f.t.
wûn favorite manlike pornostjer (publykspriis) n.f.t.
NightMoves Award wûn bêste manlike artyst (redakteurskar) n.f.t.
Xbiz Award wûn bêste akteur (feature-film) The New Behind the Green Door
wûn crossover-stjer fan it jier n.f.t.
wûn manlike artyst fan it jier n.f.t.
XRCO Award wûn mainstreamfavoryt út 'e pornoyndustry n.f.t.
2015 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Anikka Albrite) Voracious: Season 2, Volume 1
nominearre bêste anale sekssêne (mei Jodi Taylor) Anal Cuties
nominearre bêste anale sekssêne (mei Asa Akira) Holly... Would
nominearre bêste anale sekssêne (mei Dakota Skye) Meet Dakota
nominearre bêste akteur Untamed Heart
nominearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
nominearre regisseur fan it jier n.f.t.
wûn bêste groepsekssêne (mei A.J. Applegate, Mick Blue, Erik Everhard, Jon Jon, Ramon Nomar, Mr. Pete en John Strong) Gangbang Me
wûn skandalichste sekssêne (mei Adriana Chechik, Mick Blue, Erik Everhard, Criss Strokes en John Strong) Gangbang Me
wûn mainstream-stjer fan it jier n.f.t.
wûn favorite manlike pornostjer (publykspriis) n.f.t.
Xbiz Award wûn bêste sekssêne yn in koarte film (vignette release) (mei Ava Dalush) I Love My Hot Wife
wûn bêste sekssêne yn in gonzofilm (mei Adriana Chechik, Mick Blue, Erik Everhard, Criss Strokes en John Strong) Gangbang Me
wûn manlike artyst fan it jier n.f.t.
2016 AVN Award wûn bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Riley Reid en Erik Everhard) Being Riley
wûn bêste groepsekssêne (mei Keisha Grey, Mick Blue, Erik Everhard, Jon Jon en John Strong) Gangbang Me 2

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.