Ashley Fires
Ashley Fires, echte namme: Trisha Jean Newalu (Los Angeles, 2 maart 1982), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Gryksk-Skotsk etnysk komôf. Hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Angela Aspen en Aspen Blue. Fires sette yn 2003 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Se waard acht kear nominearre foar in AVN Award.
Ashley Fires | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Angela Aspen, Aspen Blue | |
echte namme | Trisha Jean Newalu | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 2 maart 1982 | |
berteplak | Los Angeles (Kalifornje) | |
etnisiteit | Gryksk Skotsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2003 – no | |
offisjele webside | ||
www.ashleyfires.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeAshley Fires waard yn 1982 berne yn Northridge, in wyk fan Los Angeles, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Hja is fan mingd Gryksk en Skotsk etnysk komôf.[1] Koart nei't se mearderjierrich wurden wie, sette se útein mei in karriêre as stripper, wêrby't se û.m. yn Las Vegas wurke. Fia-fia rekke se doe by de Amerikaanske pornoyndustry belutsen
Yn 2003, doe't se 21 jier wie, makke Fires har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se tsjin begjin 2017 yn mear as twahûndert films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Elegant Angel, Jill Kelly Productions, Sin City, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Evil Angel, Hustler Video en Adam & Eve. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Pure Play Media, Girlfriends Films, Metro en Third Degree Films. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America.
Fires hat acht kear nominearre west foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld): twa kear yn 2012, ien kear yn 2013, trije kear yn 2014 en twa kear yn 2015. Fierders wûn se yn 2013 de Sex Award yn 'e kategory meast seksy pornostjer. Njonken har aktearwurk is Fires ek aktyf as neakenmodel en reizget se feature dancer tsjintwurdich foar optredens by stripklubs yn 'e hiele Feriene Steaten lâns.
Lichemsskaaimerken
bewurkje seksjeAshley Fires is blank, mei griene eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 52 kg, en in natuerlike kupmaat 34B. Behalven troch har earlellen hat se gjin piercings, en tatoeaazjes hat se allikemin.
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2012 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske groepsekssêne (mei Marie Luv en Bobbi Starr) | Bobbi's World |
nominearre | bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Mick Blue en Mark Wood) | Burning Embers | ||
2013 | AVN Award | nominearre | meast ûnderwurdearre stjer fan it jier | n.f.t. |
Sex Award | wûn | meast seksy pornostjer | n.f.t. | |
2014 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske groepsekssêne (mei ferskate oaren) | Gape Lovers 8 |
nominearre | bêste P.O.V.-sekssêne | Anal Workout 2 | ||
nominearre | bêste groepsekssêne (mei Anikka Albrite, Mischa Brooks, Dillion Harper, Remy Lacroix, Riley Reid en Manuel Ferrara) | Manuel Ferrara: Reverse Gangbang | ||
2015 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske groepsekssêne (mei Roxy Rave en Jessie Volt) | Voracious: Season 2, Volume 3 |
nominearre | skandalichste sekssêne (mei Madison Ivy en Chastity Lynn) | Pretty Sloppy 5 |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Ashley Fires
- (in) Biografy en filmografy fan Ashley Fires yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Ashley Fires yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Biografyske gegevens fan Ashley Fires op FreeOnes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|