Casey Calvert (pornografysk aktrise)
Casey Calvert, echte namme: Sarah Goldberger (Baltimore, 17 maart 1990), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingde Angelsaksysk Amerikaansk en Joadsk etnysk komôf. Hja sette yn 2012 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn in grut tal films. Calvert hat al foar acht ferskillende AVN Awards nominearre west, en yn 2015 wûn se in XRCO Award.
Casey Calvert (pornografysk aktrise) | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Sarah Goldberger | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 17 maart 1990 | |
berteplak | Baltimore (Marylân) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk Joadsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2012 – no | |
offisjele webside | ||
www.caseycalvert.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeCalvert waard yn 1990 berne yn Baltimore, yn 'e Amerikaanske steat Marylân, mar groeide op yn Gainesville, yn Floarida. Se waard grutbrocht yn it konservative joadendom en gie eltse sneon nei synagoge oant har bat mitzvah, wêrnei't har âlden oerstapten nei it reformjoadendom en inkeld noch op 'e hjeldagen nei synagoge giene. Op 'e middelbere skoalle die Calvert oan fuotbal en turnjen. Yn 2012 studearre se magna cum laude ôf oan 'e Universiteit fan Floarida yn Gainesville, mei in bachelortitel yn filmproduksje en as byfakken soölogy en antropology.
Pornokarriêre
bewurkje seksjeYn 'e maityd fan har earste stúdzjejier begûn Calvert te wurkjen as neakenmodel foar keunstlessen en letter ek as fetysjmodel. Se keas har artystenamme by wize fan earbetoan oan perfester Clay Calvert, fan wa't se kolleezjes oer mediawetjouwing folge hie. Der wie har nammentlik altyd ferteld dat pornografy yllegaal wie, en sûnder Calvert syn ûnderrjocht, sa sei se letter yn in fraachpetear, hie se dat no miskien noch wol tocht. Yn datselde ynterview fertelde se ek dat de namme 'Casey' (klinkt as 'K.C.') basearre wie op 'e inisjalen fan 'e foarnammen fan 'e bern fan 'e bekende Amerikaan op wa't se fereale wie, mar se sei der net by wa't dat wie.
Nei't se yn 'e simmer fan 2012 ôfstudearre wie, makke Calvert op 5 novimber fan dat jier op 22-jierrige leeftyd har debút yn in pornografyske film foar de lytse studio SexArt. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se sûnt yn likernôch 270 films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Elegant Angel, Digital Playground, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, New Sensations, Evil Angel, Devil's Film en Digital Sin. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas West Coast Productions, Girlfriends Films, Pure Play Media, Third Degree Films, Mile High Media en Metro. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Brazzers en Naughty America.
Tusken 2014 en 2016 waard Calvert net minder as acht kear nominearre foar in prestizjeuze AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld), en yn 2015 wûn se in XRCO Award. Yn septimber fan datselde jier waard se oannommen om ien kear yn 'e moanne in kollumn oer seksueel fetisjisme en BDSM te skriuwen op The Naked Truth, it blôch fan 'e webside GameLink. Dy kollumn krige de titel Casey's Corner. Se hat ek oer pornografy skreaun foar de Amerikaanske online-krante The Huffington Post. Njonken har aktearwurk is Calvert ek aktyf as neakenmodel en hat se posearre foar fotoreportaazjes yn ferskate neakenblêden, wêrûnder de Penthouse.
Priveelibben
bewurkje seksjeCalvert beskôget harsels as in feminist. Se mei graach kuierje, snorkelje en rotsklimme. Yn fraachpetearen hat se oanjûn dat se ek besocht hat om in karriêre as mainstream-aktrise te begjinnen, mar potinsjele wurkjouwers hawwe wegere har in kâns te jaan fanwegen har eftergrûn yn 'e pornografy. Neffens har koe men har sels werom doe't se ûnder har eigen namme audysje die.
Lichemsskaaimerken
bewurkje seksjeCasey Calvert is blank, mei brune eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m lang, mei in gewicht fan 50 kg, en in natuerlike kupmaat 34B. Behalven troch har earlellen hat se gjin piercings, en as tatoeaazjes hat se allinnich in hiel lyts klaverke trije op har rêch.
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2014 | AVN Award | nominearre | skandalichste sekssêne (mei Ralph Long) | Homecoming |
nominearre | bêste nije stjer | n.f.t. | ||
XRCO Award | nominearre | nije stjer fan it jier | n.f.t. | |
2015 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske sekssêne (mei Jada Stevens) | Dirty Panties 2 |
nominearre | bêste P.O.V.-sekssêne (mei Tim von Swine) | POV Pervert 17 | ||
nominearre | bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Adrianna Luna en Mike Adriano) | Anal Inferno 3 | ||
nominearre | bêste groepsekssêne (mei Mischa Brooks, Juelz Ventura, Xander Corvus, Tommy Pistol en Michael Vegas) | Nymphos | ||
Xbiz Award | nominearre | bêste sekssêne yn in gonzofilm (mei mei Dana DeArmond, Phoenix Marie en James Deen) | James Deen's 7 Sins | |
nominearre | bêste aktrise yn in film mei in relaasjetema | Proud Parents | ||
XRCO Award | wûn | ûnbesongen sirene | n.f.t. | |
2016 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske sekssêne (mei Shyla Jennings) | Sisterly Love 2 |
nominearre | bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei James Deen en Erik Everhard) | Analized | ||
Xbiz Award | nominearre | bêste aktrise yn in lesbyske pornofilm | Girlfriends | |
nominearre | bêste sekssêne yn in koarte pornofilm (vignette release) (mei Toni Ribas) | My Hotwife Blindfolded | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
XRCO Award | nominearre | ûnbesongen sirene | n.f.t. |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Casey Calvert
- (in) Biografy en filmografy fan Casey Calvert yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Casey Calvert yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Biografyske gegevens fan Casey Calvert op FreeOnes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|