Roxy Raye
Roxy Raye, echte namme ûnbekend (yn Floarida, 2 juny 1989), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise, wa har skûlnamme oft ek wol (mis)stavere wurdt as Roxy Ray. Hja sette yn 2010 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Raye stiet benammen bekend om 'e ekstreme foarmen fan anale seks dêr't se oan docht. Yn 2015 waard se nominearre foar twa AVN Awards.
Roxy Raye | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Roxy Ray | |
echte namme | ûnbekend | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 2 juny 1989 | |
berteplak | ûnbekend (Floarida) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, webcamgirl, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2010 – no | |
offisjele webside | ||
www.roxyraye.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeRaye waard yn 1989 earne yn 'e Amerikaanske steat Floarida berne. Begjin 2008 begûn se as webcamgirl te wurkjen, en letter uploade se op fergese pornografyske útwikselingswebsiden ferskate amateurpornografyske filmkes, dêr't op te sjen wie hoe't se seks hie mei har doetiidske freon. Nei't se dêr positive reäksjes op krigen hie, besleat se om in karriêre as pornoaktrise te begjinnen. Sadwaande makke se yn oktober 2010, doe't se 21 jier wie, se har debút yn in (profesjonele) pornografyske film.
Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Raye begjin 2017 yn mear as sechstich pornofilms spile, benammen foar it foaroansteande label Evil Angel. Dêrnjonken hat se ek wurke foar studio's as Jules Jordan Video, Mile High Media en Girlfriends Films, en foar pornowebsiden op it ynternet, lykas Brazzers en Kink.com. Raye stiet fral bekend om 'e foarmen fan ektreme anale seks dy't se beoefenet, lykas anale fisting en sênes mei ûnbidich grutte dildo's en oar seksboartersguod. Hja waard yn 2015 nominearre foar twa AVN Awards (de Oscars fan 'e pornowrâld), yn 'e kategoryen lesbyske groepsekssêne en skandalichste sekssêne.
Under har karriêre hat Raye gearwurke mei kollega-aktrises as Tori Black, Amy Brooke, Ava Devine, Skin Diamond, Ashley Fires, Lea Lexis, Chastity Lynn, Krissy Lynn, Kelsi Monroe, Bobbi Starr, Jada Stevens, Stoya, Alexis Texas, Dana Vespoli en Jessie Volt, en mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Jordan Ash, Mick Blue, James Deen, Manuel Ferrara, Steve Holmes, Sean Michaels, Rocco Siffredi, Lexington Steele, Criss Strokes en Mark Wood. Neffens eigen sizzen mei Raye yn har frije tiid graach non-fiksjeboeken lêze en te angelfiskjen gean.
Lichemsskaaimerken
bewurkje seksjeRoxy Raye is blank, mei brune eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m lang, mei in gewicht fan 58 kg, en in beskieden kupmaat 34B, dêr't se lykwols in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Behalven troch har earlellen hat se ek piercings troch har spiennen en in nâlpiercing. As tatoeaazjes hat se de tekst "Strength to Fight" ("Krêft om te Fjochtsjen") yn 'e nekke stean, in ûntwerp mei wetter op har rjochterkût, en in lytse hertsje op 'e mulfinger fan har lofterhân.
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2015 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske groepsekssêne (mei Ashley Fires en Jessie Volt) | Voracious: Season Two, Volume 3 |
nominearre | skandalichste sekssêne (mei Raylin Joy, Lea Lexis, Stoya, Wolf Hudson en Rocco Siffredi) | Voracious: Season Two, Volume 4 |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Roxy Raye
- (in) Roxy Raye op Twitter
- (in) Biografy en filmografy fan Roxy Raye yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Roxy Raye yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Biografyske gegevens fan Roxy Raye op FreeOnes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |