Vina Sky, echte namme: Kelly Nguyen (Houston, 14 maart 1999), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise, wa har artystenamme ek wol stavere wurdt as Vyna Sky of Vina Skyy. Hja sette yn 2018 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn frijwat films.

Vina Sky
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Vyna Sky, Vina Skyy
echte namme Kelly Nguyen
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 14 maart 1999
berteplak Houston (Teksas)
etnisiteit Fjetnameesk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2018 – no
offisjele webside
Vina Sky op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

Vina Sky waard yn 1999 berne yn Houston, yn 'e Amerikaanske steat Teksas. Hja is fan etnysk Fjetnameesk komôf. Yn 2018, doe't se 19 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se begjin 2020 al yn mear as 150 films spile.

Dêrby wurke Sky û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Digital Sin, Hustler Video, Devil's Film, Penthouse en Diabolic Video. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Third Degree Films, Mile High Media en Girlfriends Films. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America.

Under har karriêre hat Sky gearwurke mei kollega-aktrises as Vienna Black, Kacie Castle, Kaylani Lei, Kendra Spade en Misty Stone, en mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Mick Blue, James Deen, Jules Jordan, Keiran Lee, Logan Long en J. Mac.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Vina Sky is mongoloïde, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.52 m lang, mei in gewicht fan 43 kg, en in natuerlike cupmaat 32AA. Utsein de wenstige gatsjes troch de earlellen hat se gjin piercings, mar wol hat se in tatoeaazje fan in kersebluossem oan 'e lofterkant fan har bopperêch.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: