Vienna Black, echte namme: Candice McMillan (New York, 27 maaie 1995), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd etnysk komôf. Hja sette yn 2017 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn frijwat films.

Vienna Black
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Candice McMillan
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 27 maaie 1995
berteplak New York (New York)
etnisiteit Brazyljaansk
Dominikaansk
Frânsk
Jamaikaansk-Kreoalsk
Skotsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2017 – no
offisjele webside
Vienna Black op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

Vienna Black waard yn 1995 berne fan 'e stêd New York. Se is fan mingd Brazyljaansk, Dominikaansk, Frânsk, Jamaikaansk-Kreoalsk en Skotsk etnysk komôf.[1] Black waard grutbrocht yn 'e New Yorkske borough Queens. Nei't se de middelbere skoalle ôfrûne hie, fûn se wurk as fersekeringsaginte. Nei eigen sizzen begûn se in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry om't se it as in feilich fermidden seach om har eigen seksualiteit te ferkennen.

Black makke har debút yn in pornografyske film yn 2017, doe't se 22 jier wie. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se mids 2019 yn 190 films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, New Sensations, Evil Angel, Digital Sin, Digital Playground, Zero Tolerance, Jules Jordan Video en Elegant Angel. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Third Degree Films, Mile High Media en Girlfriends Films. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers, Naughty America en Kink.com.

Under har karriêre hat Black yn ien sêne spile mei kollega-aktrises as Bridgette B, Maya Bijou, Casey Calvert, Mercedes Carrera, Dana DeArmond, Veronica Rodriguez en Vanessa Sky. Ek hat se gearwurke mei manlike tsjinspilers as Mick Blue, James Deen, Sean Lawless, Logan Long, J. Mac, Ramon Nomar en Mark Wood. Njonken har aktearwurk hat Black ek as neakenmodel foar ferskate neakenblêden posearre.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Vienna Black is fan mingd ras, mei in hûdskleur dy't ljochtbrún is, mar ek foar blank trochgean kin. Se hat brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m lang, mei in gewicht fan 57 kg, en in natuerlike cupmaat 32C. Se hat gjin tatoeaazjes, mar njonken de wenstige gatsjes troch de earlellen hat se in piercing troch har lofternoaswjuk.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bio, op www.pornhub.com/pornstar/vienna-black.