Mercedes Carrera, echte namme: Melinda Smith, (Los Angeles, 30 novimber 1982), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd etnysk komôf. Hja sette yn 2014 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn frijwat films.

Mercedes Carrera
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Melinda Smith
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 30 novimber 1982
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Dútsk
Lakota
Portorikaansk
Sweedsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20142019
offisjele webside
www.mercedescarreraxxx.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Carrera waard yn 1982 berne yn Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Se is fan mingd etnysk Dútsk, Portorikaansk, Sweedsk en Lakota-komôf. Yn 2014, doe't se 32 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn mear as 490 pornofilms spile.

 
Mercedes Carrera.

Dêrby wurke Carrera û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Evil Angel, Devil's Film, Digital Playground, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Elegant Angel, Digital Sin, Adam & Eve en it Dútske Magmafilm. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Girlfriends Films, Third Degree Films, Mile High Media en Pure Play Media. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings en Brazzers.

Under har karriêre hat Carrera gearwurke mei kollega-aktrises as Bridgette B, Lexi Belle, Ana Foxxx, Keisha Grey, Allie Haze, Shyla Jennings, Julia Ann, Kendra Lust, Riley Reid en Daisy Summer, en mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Mick Blue, James Deen, Erik Everhard, Manuel Ferrara, Tommy Gunn, Kieran Lee, Ramon Nomar, Lexington Steele, Criss Strokes en Bruce Venture.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Mercedes Carrera is in fan oansjen blanke Latina, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.72 m lang, mei in gewicht fan 61 kg, en cupmaat 34DD, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Op 'e wenstige gatsjes troch de earlellen nei hat se gjin piercings, en likemin hat se tatoeaazjes.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: