Kimberly Kendall, echte namme ûnbekend (Milwaukee, 28 maaie 1993), is in Amerikaansk neakenmodel, pornografysk aktrise en pornoprodusinte fan tige mingd etnysk komôf, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenamme Ivana Vuitton. Hja sette yn 2012 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films.

Kimberly Kendall
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Ivana Vuitton
echte namme ?
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 28 maaie 1993
berteplak Milwaukee (Wiskonsin)
etnisiteit Armeensk
Ingelsk
Dútsk
Iersk
Egyptysk
Swartfuotsk (Blackfoot)
(Sioux)
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise,
produsinte
jierren aktyf 2012 – no
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre bewurkje seksje

Kendall waard yn 1993 berne yn 'e stêd Milwaukee, yn 'e steat Wiskonsin. Hja is fan multy-etnysk komôf, mei Armeensk, Ingelsk, Dútsk, Iersk, Egyptysk-Arabysk en twa soarten Yndiaansk bloed, Swartfuotsk (Blackfoot) en (Sioux).

Yn 2012, doe't se njoggentjin jier wie, makke se har debút yn 'e pornografyske film Wen Pornstars Attack! 2. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn in stik as 25 pornofilms spile, al wurde dêrby har mannichfâldige optredens op pornosites op it ynternet net meirekkene. Kendall hat û.m. wurke foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Jules Jordan Video, Red Light District, West Coast Productions, Elegant Angel, Devil's Film en Diabolic Video. Njonken har aktearwurk is Kendall ek aktyf as produksjemanager.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Kimberly Kendall is fan mingd blank en Yndiaansk ras, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.68 m lang, mei in gewicht fan 48 kg, en kupmaat 34D, dêr't se oan kommen is troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean. Fierders hat se ek plastyske sjirurzjy oan har noas dwaan litten. Behalven troch har earlellen hat Kendall ek in nâlpiercing, tongpiercing en piercings troch har beide spiennen. As tatoeaazjes hat se in tekst yn it Arabysk-Perzysk skrift yn har nekke en op har rêch; in tekst yn it Latynske alfabet op har rjochterside; noch in tekst op har ûnderrêch; in rige stjerren dy't by de rjochterkant fan búk lâns omleech rint; in namme ûnder har nâle; en teksten op 'e ringfinger fan har lofterhân en de mulfinger fan har rjochterhân.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: