Noelle Easton, echte namme ûnbekend (Knoxville (Tennessee), 17 desimber 1994), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e skûlnammen Alexis en Mattison Reid. Hja sette yn 2013 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Easton stiet benammen bekend om har natuerlike grutte boarsten.

Noelle Easton
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Alexis, Mattison Reid
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 17 desimber 1994
berteplak Knoxville (Tennessee)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
Iersk
Portorikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2013 – no
offisjele webside
Noelle Easton op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

Easton waard yn 1994 berne yn Knoxville, yn 'e Amerikaanske steat Tennessee. Hja is fan mingd Angelsaksysk Amerikaansk, Iersk en Portorikaansk etnysk komôf. Easton sette yn 2012, doe't se 18 jier wie en dêrmei mearderjierrich waard, útein mei in wurkpaad as stripper en neakenmodel. Se wurke yn ferskate stripklubs ear't se yn septimber 2013 har debút makke as aktrise yn in pornografyske film.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Easton begjin 2019 yn krapoan 150 films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Jules Jordan Video, Vivid Entertainment, Devil's Film, Evil Angel en Digital Sin. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Pure Play Media, Metro, The Score Group, Mile High Media en Girlfriends Films. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America.

Easton wist al rillegau in beskate populariteit te winnen, benammen troch har grutte boarsten, dêr't gjin silikoan oan te pas kommen is. Under har karriêre as pornoaktrise hat Easton sênes opnommen mei kollega-aktrises as Veronica Avluv, Keisha Grey, Holly Halston, Peta Jensen, Penny Pax en Jennifer White. Ek hat se gearwurke mei manlike tsjinspilers as Jordan Ash, Mick Blue, James Deen, Tommy Gunn, Jules Jordan, Sean Michaels, Ramon Nomar, Mr. Pete, Johnny Sins, Criss Strokes, Bruce Venture en Prince Yahshua.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Noelle Easton is blank, mei brune eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.62 m lang, mei in gewicht fan 59 kg, en in folslein natuerlike kupmaat 34DD. Behalven de wenstige piercings troch har earlellen hat Easton ek in tongpiercing, in nâlpiercing en in piercing troch har rjochternoaswjuk. Fierders hat se in tatoeaazje fan in oaljefant op har lofterskonk en in floral om har lofterankel. Foarhinne hie se ek in tribal fan in hert op har rjochterûnderearm, mar dy hat se letter bedekke litten troch in nije tatoeaazje fan in swarte panter.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: