Summer Brielle
Summer Brielle, ek wol bekend ûnder har bynamme the Atomic Blonde ("de Atoomblondine"), echte namme: Laura Cox (yn Tennessee, 7 febrewaris 1987), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise. Hja makket ek wol gebrûk fan 'e artystenammen Brielle Taylor, Summer Taylor en Summer Brielle Taylor. Se sette yn 2010 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Summer Brielle stiet benammen bekend om har blonde hier en har grutte boarsten en lippen. Se hat ûnderwilens nominearre west foar njoggen AVN Awards.
Summer Brielle | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
the Atomic Blonde, Brielle Taylor, Summer Brielle Taylor, Summer Taylor | |
echte namme | Laura Cox | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 7 febrewaris 1987 | |
berteplak | yn Tennessee (Feriene Steaten) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2010 – no | |
offisjele webside | ||
Summer Brielle op Twitter |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeSummer Brielle waard yn 1987 berne yn 'e Amerikaanske steat Tennessee. Nei't se slagge wie foar har eineksamens oan 'e middelbere skoalle, wurke se in skoftke as model yn 'e reklamebrâns en as trophy girl by autoraces. Teffens folge se in oplieding fisazjy, sadat se tsjintwurdich in diplomearre fisazjiste is. Yn 2008 posearre se neaken foar twa edysjes it manljusblêd Playboy, en letter stie se ek yn 'e neakenblêden Hustler, High Society en American Curves. Teffens hat se gearwurke mei de foaroansteande Amerikaanske neakenfotografe Holly Randall.
Neitiid wie Summer Brielle koart wurksum as stripper en as webcamgirl, foar't se yn 2010, doe't se 23 jier wie, har debút makke yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt dy tiid yn mear as 210 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Adam & Eve, Wicked Pictures, Evil Angel, Digital Playground, Devil's Film, Digital Sin, Elegant Angel, Zero Tolerance, Jules Jordan Video en Hustler Video. Ek hat se wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Girlfriends Films, Pure Play Media, Mile High Media en Third Degree Films. Fierders hat se ek in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder Brazzers, Naughty America en Muffia.
Summer Brielle die har earste anale sekssêne yn 'e film Anal Provocateur, út 2015. Njoggen kear sleepte se in nominaasje foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e wacht. Se hat gearwurke mei kollega-aktrises as Ava Addams, Asa Akira, Anikka Albrite, Britney Amber, Breanne Benson, Nikki Benz, Lily Carter, Brooklyn Chase, Vicki Chase, Angelina Chung, Allie Haze, Dani Jensen, Julia Ann, Eva Karera, Remy LaCroix, Lisa Ann, Krissy Lynn, Riley Reid, Andy San Dimas en Jada Stevens, en mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Marco Banderas, Mick Blue, Danny D, James Deen, Erik Everhard, Manuel Ferrara, Tommy Gunn, Keiran Lee, Mandingo, Ramon Nomar, Mr. Pete, Toni Ribas, Johnny Sins, Lexington Steele en Bruce Venture.
Lichemsskaaimerken
bewurkje seksjeSummer Brielle is blank, mei blauwe eagen en blond hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.72 m lang, mei in gewicht fan 57 kg. Foar har kupmaat 34G ûndergie se yn 2011 in boarstfergruttingsoperaasje. Foartiid hie se in B-kup. Behalven piercings troch har earlellen hat Brielle ek in nâlpiercing. Fierders hat se tatoeaazjes oan 'e binnenkant fan har lofterpols, op har ûnderrêch en op har lofterside. Yn 2013 joech se oan spyt te hawwen dat se har tatoeaazjes nommen hie en fertelde se dat se fan doel wie om se allegear fuorthelje te litten.
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2014 | NightMoves Award | nominearre | bêste boarsten (redakteurskar) | n.f.t. |
nominearre | bêste boarsten (publykspriis) | n.f.t. | ||
TLA Raw Award | nominearre | bêste nijynkommelinge | n.f.t. | |
Xbiz Award | nominearre | bêste nije stjer | n.f.t. | |
2015 | AVN Award | nominearre | bêste soloseksêne | 9½ Weeks: An Erotic XXX Parody |
nominearre | bêste P.O.V.-sekssêne | Tease Me POV | ||
nominearre | bêste groepsekssêne (mei Alektra Blue, Dahlia Sky, Chanel Preston, Romi Rain, Mick Blue, Erik Everhard en Ramon Nomar) | Orgy Masters 4 | ||
nominearre | bêste groepsekssêne (mei Asa Akira, Sophia Fiore, Remy Lacroix, Kaylani Lei, Samantha Saint, Brad Armstrong, Bill Bailey, James Deen, Eric Masterson en Mr. Pete) |
Holly... Would | ||
nominearre | bêste aktrise fan jier (publykspriis) | n.f.t. | ||
NightMoves Award | nominearre | bêste boarsten (redakteurskar) | n.f.t. | |
nominearre | bêste boarsten (publykspriis) | n.f.t. | ||
nominearre | bêste milf (redakteurskar) | n.f.t. | ||
nominearre | bêste milf (publykspriis) | n.f.t. | ||
Xbiz Award | nominearre | bêste aktrise yn in filmparody | 9½ Weeks: An Erotic XXX Parody | |
nominearre | bêste aktrise yn in parodysêne | 9½ Weeks: An Erotic XXX Parody | ||
2016 | AVN Award | nominearre | bêste groepsekssêne | Prince the Punisher |
nominearre | bêste kont (publykspriis) | n.f.t. | ||
nominearre | meast seksy milf (publykspriis) | n.f.t. | ||
nominearre | bêste mediastjer (publykspriis) | n.f.t. | ||
Xbiz Award | nominearre | bêste gonzosêne | Prince the Punisher |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Biografy en filmografy fan Summer Brielle yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Summer Brielle yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Biografyske gegevens fan Summer Brielle op FreeOnes
- (in) Biografyske gegevens, karriêre en hd-foto's fan Summer Brielle
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|