Ariella Ferrera, echte namme: Maria C. Restrepo (Medellín, 15 jannewaris 1979), is in Kolombiaansk-Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise, dy't berne is yn 'e stêd Medellín, yn Kolombia, mar opgroeid is yn Chicago, yn 'e Amerikaanske steat Illinois. Ferrera sette yn 2009 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Se hat ek wol ûnder de artystenamme Elle Ferrera wurke, en har namme wurdt somtiden (mis)stavere as Ariella Ferrara. Se hat twaris nominearre west foar in prestizjeuze AVN Award.

Ariella Ferrera
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Elle Ferrera, Ariella Ferrara
echte namme Maria C. Restrepo
nasjonaliteit Kolombiaansk
Amerikaansk
berne 15 jannewaris 1979
berteplak Medellín (Kolombia)
etnisiteit Kolombiaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2009 – no
offisjele webside
www.ariellaferrera.com

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Ferrera waard yn 1979 berne yn Medellín, yn it Súdamerikaanske Kolombia, mar emigrearre doe't se fiif jier wie mei har âlden nei de Feriene Steaten, dêr't se opgroeide yn Chicago, yn 'e steat Illinois. Neffens eigen sizzen wie se yn har bernejierren in earsten wyldkat. Nei it ôfrûnjen fan 'e middelbere skoalle en har oplieding wurke Ferrera in oantal jierren as toskhygiëniste foar't se ferfear nei Mission Viejo, yn 'e steat Kalifornje, ûnder de reek fan Los Angeles. Dêr makke se yn 2009, doe't se tritich jier wie, har debút yn in pornografyske film.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Ferrera sûnt yn 240 films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Digital Playground, Zero Tolerance, Adam & Eve, Penthouse, Devil's Film, New Sensations, Evil Angel, Digital Sin, Hustler Video en Sin City. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Metro, Mile High Media, Girlfriends Films en Pure Play Media. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America.

Ferrera kaam al rillegau bekend te stean om har grutte boarsten. Hja spile benammen yn films dy't ta it sjenre fan 'e milfpornografy rekkene wurde kinne. Yn 2011 waard se yn 'e mande mei Tori Black en Lux Kassidy nominearre foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory bêste lesbyske triosekssêne, foar har rol yn Field of Schemes 8. Yn 2014 folge in twadde nominaasje foar dy priis, diskear yn 'e kategory milf-artyste fan it jier. Nei eigen sizzen hâldt Ferrera fan fytsen, kampearjen, swimmen, hurddraven en it meitsjen fan lange kuiertochten yn 'e frije natoer.

Lichemsskaaimerken

bewurkje seksje

Ariella Ferrera is blank, mei brune eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m lang, mei in gewicht fan 52 kg, en kupmaat 34DD, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Behalven troch har earlellen hat se gjin piercings, en likemin hat se tatoeaazjes.

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2011 AVN Award nominearre bêste lesbyske triosekssêne (mei Tori Black en Lux Kassidy) Field of Schemes 8
2014 AVN Award nominearre milf-artyste fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: