Jikke de Haan (1938Frjentsjer, 12 augustus 2024) wie in Frysk toanielregisseur en oersetster. Fan hûs út wie se dosinte yn it fuortset ûnderwiis. De Haan wie jierrenlang belutsen by ferskate amateurtoanielferienings en iepenloftspullen en sette in stikmannich toanielstikken út Nederlânsk, Ingelsk, Frânsk en Dútsk nei it Frysk ta oer. Yn 'e 1970-er jierren siet De Haan fierders foar de PvdA yn 'e gemeenteried fan 'e gemeente Frjentsjer.

Jikke de Haan
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jikke de Haan-Steensma
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1938
berteplak Frjentsjer?
stoarn 12 augustus 2024
stjerplak Frjentsjer
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt dosinte
aktyf as toanielregisseur, oersetster
jierren aktyf 19792009
reden
  bekendheid
● har toanieloersettings
● har rezjy fan it Iepenloftspul
   Jelsum-Britsum-Koarnjum
bekendste
  wurk(en)
Rûn Rjocht
John Gabriel Borkman

Libben en karriêre

bewurkje seksje

De Haan, dy't yn 1938 berne waard as Jikke Steensma, trof yn 1959 har man Melle de Haan, doe't se allebeide yn 'e lieding fan in jongereinkamp sieten. Se trouden op 27 maart 1963 en krigen twa bern: dochter Anneke Femme (1964) en soan Jurgen (1968). De Haan en de man kamen beiden út in ûnderwizershúshâlding, en se trêden datoangeande beiden yn 'e fuotleasten fan harren heiten. De Haan waard leararesse en stie oan 'e húshâldskoalle yn Frjentsjer. Har man Melle kaam nei de kweekskoalle earst foar de klasse te stean oan 'e legere skoalle yn De Rottefalle, mar hy socht fanwegen harren trouwen wurk yn Frjentsjer. Dêr kaam er earst oan in legere skoalle te stean en letter waard er learaar Ingelsk en Nederlânsk oan 'e pleatslike MULO, dy't nei ferrin fan tiid omfoarme waard ta de MAFU T.J. Albronda.

Yn 1969 kaam De Haan foar de PvdA yn 'e gemeenteried fan 'e gemeente Frjentsjer. Hja wie doedestiden it iennichste froulike gemeenteriedslid en klom nei ferrin fan tiid op ta fraksjefoarsitter. Mei it biedwurd "Lit Jikke net stikke" waard De Haan twa kear werkeazen, oant se yn 1979 opstapte út solidariteit mei in PvdA-wethâlder dy't nei in konflikt ôftrede moast.

De frije tiid, dy't se doe foar it earst yn jierren wer hie, brûkte De Haan foar in nije leafhawwerij. Se folge de rezjykursus dy't oanbean waard troch it Frysk Sintrum foar Amateurtoaniel en waard dêrnei toanielregisseur. Yn dy hoedanichheid wie se ferbûn oan 'e amateurtoanielferienings fan Grou en fan Jelsum/Koarnjum. Ek regissearre De Haan jierrenlang it Iepenloftspul Jelsum-Britsum-Koarnjum, en ferskate iepenloftspullen yn 'e gemeente Menameradiel. Fierders die se ferskate jierren mei oan 'e nijjiersrevu fan Frjentsjer, earst as spylster en letter likernôch tsien jier lang as regisseur, wylst har man dêrfoar de muzyk skreau en op 'e piano spile. Resinsinten wiene wakker te sprekken oer har rezjy fan toanielstikken, en yn 1989 wûn De Haan mei Jelsum/Koarnjum de earste priis yn 'e eareklasse fan it Bûn fan Fryske Toanielselskippen.

Yn 2001 gie De Haan har man Melle mei pinsjoen nei in mear as fjirtichjierrich wurkpaad yn it ûnderwiis. Noch gjin jier letter, yn 2002, krige er in aneurysma, en doe't er dêroan operearre waard, krige er in harsenynfarkt. Hy lei tsien dagen yn kritike tastân op 'e intensive care, foar't er wer opbettere. Mei útfal fan 'e rjochterlichemshelte wie it refalidaasjetrajekt swier. Om't De Haan fanwegen har regissearjen hast alle jûnen fan hûs wie, moast se dy hobby deroan jaan om har man by te stean as mantelsoarger.

Fan dat stuit ôf rjochte se har dêrom op it oersetten fan toanielstikken út oare talen nei it Frysk foar it Frysktalige amateurtoaniel, eat dêr't se ein 1980-er jierren al sporadysk mei úteinset wie. Sa sette De Haan it stik La Cantatrice Chauve fan Eugène Ionesco oer út it Frânsk, Der Kaukasische Kreidekreis fan Bertold Brecht út it Dútsk, Beat it, Beatnik! fan Anne Coulter Martens út it Ingelsk, John Gabriel Borkman fan Henrik Ibsen út it Noarsk en Vaders fan Haye van der Heyden út it Nederlânsk.

Omtrint de midden fan 'e 2010-er jierren begûn De Haan geastlik fluch ôf te takeljen. Nei ûndersyk waard by har de sykte fan Alzheimer fêststeld. Yn 2019 waard se úteinlings opnommen yn it soarchsintrum De Westerpoarte yn Frjentsjer. Har man Melle bleau allinne thús efter en besocht har trou, earst op 'e fyts en letter, doe't fytsen foar him omreden fan syn eigen sûnensswierrichheden net mear fertroud wie, yn 'e WMO-taksy. Fan begjin 2024 ôf wie ek dat net mear mooglik om't er thús it bêd hâlde moast. Meiwurkers fan De Westerpoarte begelaten De Haan twaris by in besyk oan har man, mar beide kearen krige se dêr sels nei ôfrin in tebekfal yn har sûnens fan. Op 8 augustus 2024 kaam Melle de Haan te ferstjerren, en fjouwer dagen letter, op 12 augustus, ferstoar ek Jikke de Haan. De beide begraffenissen waarden kombinearre yn ien útfearttsjinst.

Boarne: Jikke de Haan yn it digitaal argyf fan Tresoar (deade link)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Grosso, Maria del, Toneel en muziek vormden het leven van echtpaar De Haan, in memoriam yn de Ljouwerter Krante, 20 septimber 2024, s. 25.
  • Spoelstra, Eddie, Echtpaar De Haan uit Franeker 60 Jaar Getrouwd, op Franeker Actueel, 27 maart 2023.