Johannes Wijnandus (Johan) Remkes (Súdbroek, Grinslân 15 juny 1951) is in Nederlânsk politikus fan de Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy (VVD). Fan 2010 oant 1 jannewaris 2019 wie er kommissaris fan de Kening yn de provinsje Noard-Hollân. Earder wie her minister fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (2002-2007), twadde minister (2002-2003) en steatssiktaris fan Folkshûsfêsting en Stêdebeleid (1998-2002). Mei yngong fan 12 oktober 2019 waard er beneamd ta waarnimmend boargemaster fan De Haach.

Johan Remkes
Algemien
Berne 15 juny 1951
Berteplak Súdbroek, Grinslân
Partij VVD
Politike funksjes
1975-1977 Foarsitter JOVD
1978-1993 Lid Provinsjale Steaten fan Grinslân
1978-1982 Gemeenteriedslid fan de gemeente Grins
1994-1996 Fraksjefoarsitter
2004-2006 Steatssikretaris Underwiis, Kultuer en Wittenskippen
1982-1993 Deputearre yn Grinslân
1993-1998, 2002, 2006-2010 Lid fan de Twadde Keamer
1998-2002 Steatssiktaris fan Folkshûsfêsting en Stêdebelied
2002-2007 Minister fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes
2010-2018 Kommissaris fan de Keninginne/Kening fan Noard-Hollân

Remkes folge de hbs-A en studearre foar in skoft ekonomy oan de Ryksuniversiteit Grins. Fan 1975 oant 1977 wie er foarsitter fan de JOVD, de ûnôfhinklike liberale jongereinorganisaasje. Yn 1978 waard er keazen yn de Provinsjale Steaten fan Grinslân en tagelyk ek yn de gemeenterie fan de gemeente Grins. Syn earste riedslidmaatskip duorre fjouwer jier. Syn lidmaatskip fan de Provinsjale Steaten einige yn 1993. Fan 1982 oant 1993 wie er ek lid fan Deputearre Steaten fan Grinslân en fan 1994 oant 1996 siet er fannijs yn de gemeenterie fan Grins, tagelyk mei it lidmaatskip fan de Twadde Keamer.

Lânlike polityk

bewurkje seksje

Yn 1993 waard er lid fan de Twadde Keamerfraksje fan de VVD; yn 1998 steatssiktaris yn it kabinet-Kok II en op 22 july 2002 minister fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes yn it kabinet-Balkenende I. Hy hold dy lêste funksje ek yn de kabinetten Balkenende II en III. Hy bleau minister oant 22 febrewaris 2007 en doe kaam er wer yn de Twadde Keamer.

Doe't Remkes ûnder syn fakânsje op it eilân Ko Samui, begjin 2005, net op besite woe by de slachtoffers fan de ierdskodding yn de Yndyske Oseaan yn it toeristeplak Phuket dat ûnderstrûpt wie, joech dat in soad argewaasje. Hy sei dat er de rêdingslju net foar de fuotten rinne woe. Nei krityk út de Twadde Keamer gie er likegoed noch op besite by it Rampe Identifikaasje Team.

Kommissaris fan de Kening(inne)

bewurkje seksje

Remkes makke op 16 maart 2010 buorkundich dat er nei de Twadde Keamerferkiezings op 9 juny net werom komme soe yn de Twadde Keamer. Dêrnei waard er mei yngong fan 1 july 2010 beneamd ta Kommissaris fan de Keninginne fan de provinsje Noard-Hollân as opfolger fan Harry Borghouts. Hy waard beneamd foar in twadde termyn mei yngong fan 1 july 2016. Op 1 jannewaris 2019 hold er dermei op en waard er opfolge troch syn partijgenoat Arthur van Dijk.

Stikstofadvys

bewurkje seksje

Remkes waard foarsitter fan it advyskolleezje dat yn septimber 2019, jannewaris en juny 2020 advizen oan it kabinet-Rutte III útbrocht oangeande de stikstofkrisis.

Waarnimmend boargemaster

bewurkje seksje

Mei yngong fan 12 oktober 2019 waard Remkes beneamd ta waarnimmend boargemaster fan de gemeente De Haach. Hy moast de opstapte boargemaster, syn partijgenoat Pauline Krikke ferfange. Mei yngong fan 1 juli 2020 waard er opgfolge troch Jan van Zanen.

Op 7 septimber 2021 waard Remkes op foardracht fan de VVD troch de Twadde Keamer oanwiisd as ynformateur fan de kabinetsformaasje. Fan syn befiningen brocht er 30 septimber fan dat jier einferslach út, wêrnei't er op 5 oktober tegearre mei Wouter Koolmees opnij as ynformateur oansteld waard. [1]

Oare funksjes

bewurkje seksje
  • Foarsitter fan de Lânlike Koördinaasjekommisje Deltakearings
  • Lid fan de Rie foar it Foarsjen fan Drinkwetter
  • Foarsitter fan de Evaluaasjekommisje M-50 (polityk jongerenwurk)
  • Lid fan de subkommisje fan de Rie foar de Wettersteat oangeande finânsiearring fan de ynfrastruktuer
  • Lid van de kommisje-Van Thijn
  • Foarsitter fan de rie fan tafersjoch fan it Martini-Sikehûs (fan juni 2007 ôf)
  • Foarsitter fan de rie fan tafersjoch fan Acantus Wentestifting Feandam
  • Lid rie fan bestjoer fan it Verwey-Jonker Ynstitút yn Utert
  • Foarsitter Rie fan Kommissarissen wentekorporaasje Portaal
  • Foarsitter Ynterprovinsjaal Oerlis (2011-2018 as KfdK)
  • Foarsitter Steatskommisje parlementêr stelsel (sûnt 27 jannewaris 2017)
  • Foarsitter advyskolleezje Stikstofkrisis

Underskieding

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Twadde Keamer (5 oktober 2021), Kamervoorzitter ontvangt nieuwe informateurs.