Johannes Crack fan Bouricius

Johannes Crack fan Bouricius († 27 maart 1700) wie grytman fan Aenjewier tusken 1677 en 1679.

Aenjewier wie de twadde gritenij fan Sânwâlden en de lytste fan allegear. Grinze yn it noarden oan Utingeradiel, east oan Opsterlân, súd oan Skoatterlân en west oan Haskerlân. Aenjewier hie fjouwer doarpen: Gersleat, Tsjalbert, Lúnbert en Terbant, en noch in part fan It Hearrenfean.

Johannes wie in soan fan Jacobus fan Bouricius, troude op 9 jannewaris 1678 mei Catharina, dochter fan Daniël de Blocq van Scheltinga en Martha fan Kinnema, by wa't er ien soan hie. Waard op 19 jannewaris 1677 grytman fan Aenjewier en yn itselde jier Deputearre. Hat ek lid west fan de Steaten Generaal. Die yn 1697 ôfstân fan de gritenij en waard opfolge troch syn soan. Syn widdo stoar op 4 maaie 1739.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hobbe Baert fan Sminia - Nieuwe naamlijst van Grietmannen van de vroegste tijden af tot het jaar 1795