John Richardson (natoerûndersiker)

(Trochferwiisd fan John Richardson (biolooch))

Sir John Richardson (Dumfries, 5 novimber 1787Grasmere, 5 juny 1865) wie in Britsk dokter, natoerûndersiker en poalreizger fan Skotsk komôf. Hy learde oarspronklik foar sjirurgyn en naam yn dy hoedanichheid tsjinst by de Britske Keninklike Marine. Fan 1819 ôf wied er behelle yn ferskate ûntdekkingsreizen yn it noarden fan wat letter Kanada wurde soe. Dêrby lei er him ta op ûndersyk nei geology, botany en soölogy (benammen ichtyology). Teffens publisearre er ferslaggen fan guon fan syn reizen. Foar syn bydrage oan 'e wittenskip waard er yn 1846 troch keninginne Fiktoaria fan it Feriene Keninkryk ta ridder slein.

John Richardson
persoanlike bysûnderheden
echte namme John Richardson
nasjonaliteit Britsk
berne 5 novimber 1787
berteplak Dumfries (Skotlân)
stoarn 5 juny 1865
stjerplak Grasmere (Ingelân)
etnisiteit Skotsk
wurkpaad
berop/amt sjirurgyn
aktyf as biolooch, ûntdekkingsreizger
jierren aktyf 18071855

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

John Richardson waard yn 1787 berne yn 'e stêd Dumfries, yn súdlik Skotlân, as de soan fan Gabriel Richardson en dy syn frou Anne Mundell. Hy kaam út in begoedige sosjaal fermidden; syn heit wie de boargemaster (Lord Provost) fan Dumfries. Richardson folge leger ûnderwiis yn syn berteplak en gie dêrnei yn 'e lear by dokter James Mundell, ek te Dumfries, dy't in omke oan memmeskant fan him wie. Letter studearre er medisinen oan 'e Universiteit fan Edinburgh, wêrnei't er yn 1807, yn 'e tiid fan 'e Napoleontyske Oarloggen, mei tweintich jier sjirurgyn waard by de Britske Keninklike Marine.

Richardson naam yn 'e jierren 18191822 diel oan syn earste ûntdekkingsreis, doe't er mei de ekspedysje fan John Franklin yn it gebiet yn it noarden fan Noard-Amearika dat behearske waard troch de Britske Hudsonbaaikompanjy op 'e siik gie nei de Noardwestlike Trochfeart nei Aazje. Foar it offisjele ferslach fan 'e ekspedysje skreau Richardson de bydragen oangeande geology, botany en ichtyology.

Yn 1825 kearden Richardson en Franklin werom nei wat letter Kanada wurde soe foar de Mackenzie-ekspedysje. Dêrby folge Richardson de rivier de Coppermine nei syn mûning oan 'e noardkust fan Noard-Amearika, wylst Franklin de Mackenzie nei syn mûning folge, fierder nei it westen ta. Fan dy beide punten ôf reizgen de ûntdekkingsreizgers by de noardkust lâns, Richardson nei it westen en Franklin nei it easten, oant se inoar úteinlings earne yn 'e midden troffen. Tegearre hiene se doe goed 3.000 km fan in kustline yn kaart brocht dy't oant doe ta noch ûnferkend west hie.

De ûntdekkings op it mêd fan 'e natoer dy't by de Mackenzie-ekspedysje dien waarden, wiene se wiidweidich dat se yn twa boeken fêstlein wurde moasten: it botanyske Flora Boreali-Americana (18331840), skreaun troch William Jackson Hooker, en it soölogyske Fauna Boreali-Americana (18291837), skreaun troch Richardson yn 'e mande mei William John Swainson, John Edward Gray en William Kirby.

Yn 1846 waard Richardson foar syn bydragen oan 'e biology en geografy fan Noard-Amearika riddere troch keninginne Fiktoaria fan it Feriene Keninkryk. Yn 18481849 joech er him by John Rae op dy syn ûnsúksesfolle syktocht nei de ferdwûne John Franklin. It ferslach fan harren reis publisearre Richardson yn 1851 ûnder de titel An Arctic Searching Expedition ("In Poalsyktocht"). Dêrnjonken wied er ek de auteur fan ichtyologyske wurken as Icones Piscium (1843), Catalogue of Apodal Fish in the British Museum (1856) en de twadde edysje fan William Yarrell syn History of British Fishes (1860).

 
John Richardson yn 1828 op in gravuere fan Edward Finden fan in skilderij fan Thomas Phillips.

Lettere jierren

bewurkje seksje

Yn 1855, doe't er 68 jier wie, loek Richardson him werom yn syn lânhûs by it doarp Grasmere, yn 'e Ingelske Marrekrite, yn it greefskip Westmorlân, deunby de Skotske súdgrins. Dêre hold er him, holpen troch syn dochter Beatrice, dwaande mei it sammeljen fan nije Ingelske wurden om oan it gesachhawwende Oxford English Dictionary ta te foegjen. Dat wie yn reäksje op in oprop fan redakteur James Murray foar frijwilligers om wurden yn te stjoeren. De bydrage fan Richardson bedroech úteinlings 23.568 lemmata.

Priveelibben

bewurkje seksje

Richardson troude trije kear, earst yn 1818 mei Mary Stiven, doe yn 1833 mei Mary Booth, en úteinlings yn 1847 mei Mary Fletcher.

John Richardson ferstoar op 5 juny 1865 yn 'e âlderdom fan 77 jier yn syn lânhûs Lancrigg House benoarden Grasmere, yn 'e Marrekrite fan wat no it Ingelske greefskip Kumbria is. Hy waard te hôf brocht by de Sint-Oswaldtsjerke yn Grasmere.

Ta eare fan 'e wichtige bydragen dy't Richardson levere oan 'e stúdzje fan 'e Noardamerikaanske biology binne ferskate bisten en planten nei him ferneamd. Dêrby giet it om sûchdieren lykas de Amerikaanske harmeling (Mustela richardsonii), it richardsongrûniikhoarntsje (Urocitellus richardsonii), de richardsonwrotmûs (Microtus richardsoni) en de richardsonlemming of richardsonhalsbânlemming (Dicrostonyx richardsoni); reptilen lykas de richardsonstreeklippeskink (Eremiascincus richardsonii), de richardsonhealfingergekko (Hemidactylus richardsonii), de richardsonmangrovedrochnjirre (Myron richardsonii) en de richardsonkûgelfingergekko (Sphaerodactylus richardsonii); fisken lykas de richardsonlantearnefisk (Diaphus richardsoni), it richardsonsardyntsje (Sardinella richardsoni) en de richardsonbryktosk (Astronesthes richardsoni); en planten as it richardsonbeekskom (Boykinia richardsonii) en it richardsonpoarperklokje (Heuchera richardsonii).

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.