Amerikaanske harmeling

De Amerikaanske harmeling (wittenskiplike namme: Mustela richardsonii) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e lytse marters (Mustela), dat lânseigen is yn hast hiel Kanada en grutte dielen fan 'e Feriene Steaten. It is in lytse karnivoar dy't benammen nachts aktyf is. Oant 2021 waard dit bist sjoen as in ûndersoarte fan 'e (gewoane) harmeling (Mustela erminea), mar nij ûndersyk hat útwiisd dat it eins in selsstannige soarte is.

Amerikaanske harmeling
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje martereftigen (Mustelidae)
skaai lytse marters (Mustela)
soarte
Mustela richardsonii
Bonaparte, 1838
IUCN-status: – (noch net beoardiele)
ferspriedingsgebiet

De Amerikaanske harmeling waard hiel lang beskôge as in ûndersoarte (of eins in groep ûndersoarten) fan 'e gewoane harmeling (Mustela erminea), in bist dat ek yn Fryslân foarkomt. Mar yn 'e ienentweintichste iuw wiisde nij wittenskiplik ûndersyk nei it DNA fan harmelingen út dat wat foarhinne as ien soarte beskôge waard, eins trije nau besibbe mar selsstannige soarten wiene: de gewoane harmeling fan noardlik Jeraazje, Alaska, de Kanadeeske Arktyske Eilannen en Grienlân; de Amerikaanske harmeling fan it grutste part fan it fêstelân fan Noard-Amearika; en de Keninginne Sjarlotte-eilânske harmeling (Mustela haidarum) op 'e Keninginne Sjarlotte-eilannen foar de westkust fan Kanada. Dat lêste bist is nei alle gedachten in hybride soarte, fuortkommend út in tige âld proses fan hybridisearring fan 'e gewoane harmeling en de Amerikaanske harmeling. Trijeresom foarmje dizze soarten no it ûnderskaai fan 'e harmelingen (Mustela) binnen it skaai fan 'e lytse marters (Mustela).

De wittenskiplike namme fan 'e Amerikaanske harmeling, Mustela richardsonii, is in ferwizing nei de natoerûndersiker en poalreizger John Richardson.

Fersprieding

bewurkje seksje

De Amerikaanske harmeling is lânseigen yn it grutste part fan Kanada. Yn it westen komt er lykwols net foar op 'e Keninginne Sjarlotte-eilannen en yn 'e westlike Yukon. Yn it suden is er likemin te finen op 'e Grutte Flakten fan súdlik Saskatchewan. En yn it noarden ûntbrekt er yn it noardwesten fan 'e Noardwestlike Territoaria en fan Nûnavût, en op alle eilannen fan 'e Arktyske Arsjipel bewesten Baffinlân. Dat lêste eilân fertsjintwurdiget it noardlikste punt fan it ferspriedingsgebiet fan 'e Amerikaanske harmeling.

Yn 'e Feriene Steaten komt de Amerikaanske harmeling foar yn 'e Panhandle fan Alaska en op 'e measte eilannen fan 'e Alexanderarsjipel, útsein Kupreanof, Kuiu, Prince of Wales Island, Dall en Suemez. Yn 'e legere achtenfjirtich steaten libbet er yn it noardeasten yn Maine, Nij-Ingelân, New York, Nij-Jersey, Marylân, Delaware en Noardlik Firginia. Fierder westlik komt er yn 'e krite fan 'e Grutte Marren foar yn hiel Michigan, Wisconsin en Minnesota en it noarden fan Ohio, Indiana en Illinois, en oanslutend ek yn it easten fan 'e Dakota's en it noarden fan Iowa. Bewesten de Grutte Flakten omfettet it areaal fan 'e Amerikaanske harmeling fierders noch de steaten Washington, Oregon en Idaho hielendal en Utah en Wyoming hast hielendal, mei dêropta it noarden fan Kalifornje, Nevada en Nij-Meksiko en it westen fan Montana.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De Amerikaanske harmeling hat trochinoar in kop-romplingte fan 211/2–29 sm lang, mei in sturtlingte fan 8–12 sm en in gewicht fan 1,4–4,5 kg. Mantsjes binne wat foarser as wyfkes. It liif is rank en langhalich, en leit ticht by de grûn op koarte poatsjes. De pels is simmerdeis op 'e rêch kastanjebrún fan kleur, en op 'e bealch krêmkleurich wyt. Krekt as de gewoane harmeling (Mustela erminea) ferhierret de Amerikaanske harmeling hjerstmis, sadat er foar de winter in folslein wite pels kriget, útsein de sturtpunt, dy't by 't simmer swart is en dat by 't winter ek bliuwt.

 
In Amerikaanske harmeling yn syn winterpels.

Amerikaanske harmelingen komme foar yn alle lânskipstypes, salang't der mar genôch beskûl is. Sadwaande kinne se oantroffen wurde yn 'e bergen, mar ek yn moerasgebieten en op flakten.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

De Amerikaanske harmeling is benammen in nachtdier, hoewol't benammen wyfkes dy't jongen hawwe ek wol oerdeis op 'e lapen binne. Dit bist libbet solitêr en ûnderhâldt in territoarium dat er agressyf ferdigenet tsjin soartgenoaten fan itselde geslacht. De grutte fan it territoarium is ôfhinklik fan 'e terreinsgesteldheid en de foarriedichheid fan proaien, en kin dêrom útinoar rinne fan 4–50 ha. De iennichste tiid fan it jier dat Amerikaanske harmelingen inoar opsykje, is de peartiid, dy't fan maart oant juny falt. De pearing is de iennichste bydrage fan it mantsje oan 'e fuortplanting.

Krekt as oare martereftigen hawwe Amerikaanske harmelingen in ferlinge draachtiid. Dêrby wurdt de ûntwikkeling fan 'e embryo's tsjinkeard oant febrewaris fan it folgjende jier, wannear't it slimste fan 'e winter foarby is. Nei in eigentlike draachtiid fan likernôch 10 wiken smyt it wyfke dan yn april of maaie in nêst fan almeast 4–8 jongen, dy't blyn en dôf te wrâld komme. Wol hawwe se by de berte al in pluzige pels. De jongen wurde mei 5 wiken ôfwûn en kinne mei 12 wiken selsstannich oerlibje. De mantsjes binne nei har earste winter geslachtsryp; de wyfkes binne dat 5 wiken nei de berte al.

Krekt as oare martereftigen is de Amerikaanske harmeling in karnivoar. Yn Jeropa fret de harmeling (Mustela erminea) alderhanne proaien, fan lyts wrimelt lykas ynsekten oant wylde kninen, dy't wol fjouwer kear sa grut binne as hysels. Yn Noard-Amearika wurdt de biologyske nys foar it fretten fan proaien ter grutte fan rotten en kninen lykwols al ferfolle troch de langsturtwezeling (Neogale frenata). Dêrom fret de Amerikaanske harmeling lytser guod, benammen mûzen, wrotmûzen, pipermûzen en de jongen fan 'e ûnderskate soarten katoensturtkninen.

De Amerikaanske harmeling is net bedrige, mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. In offisjele IUCN-status foar dit bist ûntbrekt anno 2023 lykwols om't de erkenning as in selsstannige soarte noch sa farsk is.

Undersoarten

bewurkje seksje

Der binne 14 (stân fan saken yn 2023) erkende ûndersoarten fan 'e Amerikaanske harmeling (Mustela richardsonii):

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.