Langsturtwezeling
De langsturtwezeling (wittenskiplike namme: Neogale frenata, foarh. Mustela frenata) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e wezelingen fan 'e Nije Wrâld (Neogale). Dit bist komt foar yn it grutste part fan Noard-Amearika en teffens yn hiel Midden-Amearika en yn dielen fan noardwestlik Súd-Amearika. De langsturtwezeling is in fûleindige lytse karnivoar, dy't behalven yn 'e peartiid in solitêr bestean liedt. Krekt as bgl. de besibbe harmeling (Mustela erminea) kriget dit bist yn it neijier by it ferhierjen in wite pels foar it winterhealjier. Yn Noard-Amearika wurdt de langsturtwezeling behalven long-tailed weasel ek wol bridled weasel ("leiewezeling") of big stoat ("grutte harmeling") neamd. De langsturtwezeling waard foarhinne yndield by de lytse marters (Mustela), mar nij DNA-ûndersyk hat oan it ljocht brocht dat er eins nauwer besibbe is oan guon oare soarten út 'e Amearika's. Hy nimt yn Noard- en Midden-Amearika de ekologyske nys yn dy't yn Jeropa ferfolle wurdt troch de murd (Mustela putorius). De IUCN klassifisearret de langsturtwezeling as net bedrige.
langsturtwezeling | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Neogale frenata | ||||||||||||
Lichtenstein, 1831 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Taksonomy
bewurkje seksjeDe langsturtwezeling waard yn 1831 foar it earst beskreaun troch de biolooch Hinrich Lichtenstein ûnder de wittenskiplike namme Mustela frenata. Dy klassifikaasje as lid fan it skaai fan 'e lytse marters (Mustela) waard hûndertfyftich jier oanholden, mar yn 2021 wiisde nij ûndersyk nei it mitogondriaal DNA fan 'e lytse marters út dat der in nije yndieling komme moast, om't de langsturtwezeling eins nauwer besibbe wie oan ferskate oare soarten martereftigen út 'e Amearika's. Sadwaande waard doe it skaai wezelingen fan 'e Nije Wrâld (Neogale) optúgd, dat behalven de langsturtwezeling twa oare eardere leden fan 'e lytse marters omfiemet, en dêropta de beide soarten dy't earder it skaai fan 'e Amerikaanske nertsen (Neovison) foarmen.
Fersprieding
bewurkje seksjeDe langsturtwezeling is lânseigen yn frijwol de hiele legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten, útsein de drûchste woastinen fan Arizona, westlik Nij-Meksiko en súdeastlik Kalifornje. Yn Kanada komt er foar yn it suden fan 'e provinsjes Britsk-Kolumbia, Alberta en Saskatchewan, en fierder eastlik teffens yn it suden fan Ontario, súdwestlik Kebek en yn Nij-Breunswyk. Yn Meksiko ûntbrekt de langsturtwezeling inkeld yn 'e Sonoarawoastyn en op it Kalifornysk Skiereilân. Fierder nei it suden ta heart hiel Midden-Amearika ta it ferspriedingsgebiet fan dit bist, dat yn Súd-Amearika ek noch noardlik en westlik Kolombia, noardwestlik en noardlik Fenezuëla en sintraal Ekwador omfiemet, mei in útrinner yn 'e Andes troch Perû hinne oant yn Bolivia. In isolearre populaasje bestiet yn it noardwesten fan it Amazônegebiet: yn eastlik Kolombia, noardwestlik Brazylje en súdlik Fenezuëla.
Uterlike skaaimerken
bewurkje seksjeDe langsturtwezeling hat trochinoar in kop-romplingte fan 21–28 sm, mei in sturtlingte fan 12–24 sm en in gewicht fan 85–270 g. Der bestiet frijwat seksuele dimorfy yn dizze soarte: yn 'e measte populaasjes binne de wyfkes 10–15% lytser as de mantsjes, mar op plakken kin it ferskil kin oprinne oant 50%.
De pels is simmerdeis op 'e rêch, de boppekant fan 'e kop, de poaten en de sturt ljochtbrún, en op 'e bealch, de binnenkant fan 'e poaten, de hals en it kin witich, krêmkleurich of gielich brún. De lange sturt hat in swarte útein. Yn Floarida en it Amerikaanske Súdwesten hawwe langsturtwezelings soms witige of gielige plakken yn it gesicht. Yn it noarden fan syn ferspriedingsgebiet ferliest dit bist by 't winter syn brune kleur om, krekt as de harmeling (Mustela erminea), in wite pels te krijen. Inkeld de swarte sturtein behâldt dan syn kleur. Yn it suden fan it ferspriedingsgebiet, dêr't gjin snie falt, bart dat net. Langsturtwezelingen ferhierje twaris yn it jier, yn 'e hjerst (oktober oant mids novimber) en by 't maityd (maart oant april). Dat proses duorret 3–4 wiken. Oars as by de harmeling, dy't it hiele jier troch tichtbehierre soallen hâldt, binne de soallen fan 'e langsturtwezeling simmerdeis keal.
Langsturtwezelingen hawwe goedûntwikkele anaalklieren, dy't in sterke muskusrook produsearje. Oars as by stjonkdieren, dy't harren muskus spuitsje, wriuwt de langsturtwezeling syn geurklier oer oerflakken hinne dêr't er syn rook oan ôfjaan wol. Dat docht er sawol om syn territoarium ôf te setten as om rôfdieren te ûntmoedigjen as er him bedrige fielt.
Hâlden en dragen
bewurkje seksjeDe langsturtwezeling libbet yn hoalen ûnder de grûn, faak beskerme troch beamstobben of rotsblokken. Yn 'e regel graaft er net sels syn hoale út, mar nimt er ferlitten wenten fan grûniikhoarntsjes oer. Syn mei strie en hier fan proaidieren isolearre nêst, dat in diameter fan 22–30 sm hat, makket er op sa'n 60 sm ôfstân fan 'e yngong fan 'e hoale.
De peartiid falt foar langsturtwezelingen yn july en augustus, wêrnei't troch in ferlingde draachtiid de ymplantaasje fan 'e befruchte aaisel yn it limoer fan it wyfke tsien moanne lang opkeard wurdt. De eigentlike draachtiid begjint sadwaande yn maart, as der fretten by 't folop beskikber is, en duorret likernôch 4 wiken. Yn april of begjin maaie smyt it wyfke dan in nêst fan 5–8 jongen, dy't blyn en foar in diel noch keal te wrâld komme en dan 3 g weagje.
De ûntwikkeling fan langsturtwezelingjongen giet hurd, en mei 3 wiken hawwe de jongen in pels, krûpe se ta it nêst út en kinne se fêst fretten beplúzje. Tsjin dy tiid weagje se 21–27 g. Mei 5 wiken geane de eachjes iepen en wurde se aktyf. Dan begjint it wyfke se ek fan har molke ôf te wennen, en mei 6 wiken geane de jongen mei op jacht. Tsjin it begjin fan 'e hjerst binne se folwoeksen en geane se by de mem wei. Wyfkes binne mei 3–4 moannen al geslachtsryp, mar mantsjes wurde dat pas mei 15–18 moannen.
Fretten
bewurkje seksjeLangsturtwezelingen binne lytse, mar ûnferfearde rôfdieren, dy't bisten oanfalle sels as dy folle grutter as harsels binne. Se frette benammen mûzen, rotten, iikhoarntsjes, grûniikhoarntsjes, wrotmûzen, pipermûzen, mollen en kninen. Ut en troch steane ek lytse fûgels, fûgelaaien, lytse reptilen, amfibyen, fisken, wjirms en ynsekten op it menu. Der is waarnommen hoe't langsturtwezelingen koloanjes flearmûzen ynkrongen om 'e jongen op te fretten.
Lytse proaidieren, lykas mûzen, wurde bestoarme en dan deade mei ien byt op 'e kop. Gruttere proaien, lykas kninen, wurde beslûpt. De langsturtwezeling springt dan by de knyn op 'e rêch en bringt in deadlike byt yn 'e nekke ta. Soms deadzje langsturtwezelingen mear proaien as se op kinne, benammen yn 'e maityd, as se jongen hawwe, en hjerstmis. Soms wurde sokke oerstallinge proaien opburgen om letter opfretten te wurden, mar mei't langsturtwezelingen de foarkar jouwe oan farsk deade proaidieren, litte se se meastal lizze. Nei't se in proai deade hawwe, slikje se it bloed op, mar oars as dat de folkloare oer dizze bisten hawwe wol, sûge se it bloed net aktyf út it lichem fan 'e proai wei.
Status
bewurkje seksjeDe langsturtwezeling hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Undersoarten
bewurkje seksjeDer binne 42 erkende ûndersoarten fan 'e langsturtwezeling (Neogale frenata):
- N. f. affinis
- N. f. altifrontalis
- Arizonalangsturtwezeling (N. f. arizonensis) (Arizona, mar ek de Rocky Mountains fan Britsk-Kolumbia oant Nij-Meksiko en de Sierra Nevada op 'e grins fan Kalifornje en Nevada)
- arthurlangsturtwezeling of Arthurs langsturtwezeling (N. f. arthuri)
- behindige langsturtwezeling (N. f. agilis)
- Black Hills-langsturtwezeling (N. f. alleni) (Black Hills yn Súd-Dakota)
- Boliviaanske langsturtwezeling (N. f. boliviensis) (de Andes yn Bolivia en Perû)
- breedsnútwezeling (N. f. latirostra)
- Cascadeslangsturtwezeling (N. f. saturata) (de Cascades yn it Amerikaanske Noardwesten)
- N. f. celenda
- elegante langsturtwezeling (N. f. gracilis)
- Floaridalangsturtwezeling (N. f. peninsulae) (it Floaridaskiereilân)
- gewoane langsturtwezeling (N. f. longicauda) (de Grutte Flakten fan Kansas ôf nei it noarden)
- gielbealchlangsturtwezeling (N. f. areoventris)
- grutearwezeling (N. f. macrophonius)
- hellerlangsturtwezeling of Hellers langsturtwezeling (N. f. helleri)
- Inyolangsturtwezeing (N. f. inyoensis)
- Kalifornyske langsturtwezeling (N. f. xanthogenys) (Kalifornje)
- Kostarikaanske langsturtwezeling (N. f. costaricensis) (Kosta Rika)
- leiewezeling (N. f. frenata) (Meksiko)
- N. f. munda
- Nevadalangsturtwezeling (N. f. nevadensis) (Nevada)
- New Yorkske langsturtwezeling (N. f. noveboracensis) (New York en it noardeasten fan 'e legere 48 steaten)
- Nijmeksikaanske langsturtwezeling (N. f. neomexicanus) (Nij-Meksiko)
- Nikaragûaanske langsturtwezeling (N. f. nicaraguae) (Nikaragûa)
- N. f. notius
- N. f. occisor
- N. f. olivacea
- Oregonlangsturtwezeling (N. f. oregonensis) (Oregon)
- N. f. oribasus
- Panameeske langsturtwezeling (N. f. panamensis) (Panama)
- N. f. perda
- N. f. perotae
- N. f. primulina
- N. f. pulchra
- N. f. spadix
- swartgiele langsturtwezeling (N. f. nigriauris)
- Teksaanske langsturtwezeling (N. f. texensis) (Teksas)
- tropyske langsturtwezeling (N. f. tropicalis) (súdlik Meksiko en Gûatemala)
- Tsjiapteekske langsturtwezeling (N. f. goldmani) (Tsjiapas yn súdlik Meksiko)
- Washingtonlangsturtwezeling (N. f. washingtoni) (Washington)
- wytbûnte langsturtwezeling (N. f. leucoparia)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|