Súdeast-Alaska

(Trochferwiisd fan Panhandle fan Alaska)

Súdeast-Alaska, dat ek wol de Panhandle fan Alaska, de Alaskaanske Panhandle of de Alaska Panhandle (oftewol it "Panhânsel fan Alaska") neamd wurdt, is de panhandle of it skerp útstykjende súdeastlike diel fan 'e Amerikaanske steat Alaska. It grutste diel fan dit gebiet heart ta it Nasjonaal Wâld Tongass, it grutste nasjonaal wâld fan 'e Feriene Steaten. Der hearsket foar Alaskaanske mjitstêven in tige myld klimaat. Histoarysk kaam dit diel fan Noard-Amearika by Alaska te hearren troch de Russyske kolonisaasje fan it kustgebiet. Wêr't yn it binnenlân de grins lei mei de Britske ynfloedssfear, bleau lange tiid dizenich. Nei't Alaska yn 1867 oergien wie yn Amerikaanske hannen, ûntstie dêrtroch it Alaskaanske Grinskonflikt, wêrby't de Feriene Steaten en Grut-Brittanje yn in slepend skeel ferwikkele rekken oer de krekte lizzing fan 'e grins tusken Alaska en Britsk-Kolumbia. Pas yn 1903 waard dy deilisskip yn it foardiel fan 'e Feriene Steaten oplost.

Súdeast-Alaska
In kaart fan Súdeast-Alaska. De dûnkerder kleure gebie-ten binne nasjonale parken; de blau kleure farrûte is Alaska Marine Highway.
In kaart fan Súdeast-Alaska. De dûnkerder kleure gebie-ten binne nasjonale parken; de blau kleure farrûte is Alaska Marine Highway.
polityk
soarte gebiet regio
lân Feriene Steaten
steat Alaska
haadplak Juneau
grutste plak Juneau
sifers
ynwennertal 72.000 (2010)
oerflak 91.010 km²
befolkingstichtens 0,8 / km²
oar
tiidsône UTC –9
simmertiid UTC –8
It Nasjonaal Wâld Tongass, by Ketchikan.

Súdeast-Alaska hat in oerflak fan 91.010 km², wat delkomt op 6,1% fan Alaska (wêrmei't it dochs grutter is as bgl. de steat Maine). It is in smelle stripe lân dy't yn it súdwesten begrinzge wurdt troch de Stille Oseaan, yn it súdeasten en easten troch de Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia en yn it noardeasten troch de Yukon, in Kanadeesk territoarium. Yn it noardwesten sit it fêst oan 'e rest fan Alaska. De grins mei Kanada rint foar in grut part by de heechste toppen fan it Kustberchtme lâns. Súdeast-Alaska is in gebiet fan rotsige bergen, ûnoantaaste nullewâlden en rûge kusten. De withoefolle eilannen dy't foar de fjordekust lizze, foarmje it einpunt fan 'e Binnenpassaazje (Inside Passage), in beskerme wetterwei dy't begjint yn 'e Puget Sound by Seattle en dêrwei tusken de eilannen troch en by de kust lâns bochtet. Dy rûte spile fral oan 'e ein njoggentjinde iuw in krúsjale rol by de Amerikaanske kolonisaasje fan Alaska en de Goudkoarts fan Klondike.

 
In cruiseskip yn 'e haven fan Ketchikan.

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 hie Súdeast-Alaska doe in befolking fan krapoan 72.000 minsken, wêrfan't likernôch 45% konsintrearre wie yn Juneau, de grutste stêd fan it gebiet, dy't tagelyk ek de steatshaadstêd fan Alaska is. Oare gruttere plakken yn Súdeast-Alaska binne Ketchikan en Sitka. In oansjenlik diel fan 'e befolking fan it gebiet wurdt noch foarme troch de lânseigen bewenners, foar it meastepart de Tlingit, en fierders op Prince of Waleseilân ek Haida. It trêde Yndiaanske folk út it gebiet, de Tsimsjian, dy't in delsetting hawwe te Metlakatla, op it eilân Annette, komme oarspronklik út noardwestlik Britsk-Kolumbia, en hawwe har pas oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw yn Alaska nei wenjen set.

Op ekonomysk mêd moat Súdeast-Alaska it benammen hawwe fan 'e kommersjele fiskerij en fan it toerisme. By dat lêste giet it fral om lju dy't it gebiet oandogge by rûnfearten mei cruiseskippen troch it noarden fan 'e Stille Oseaan. Foarhinne wie ek de boskbou en de dêrmei mank geande papieryndustry fan grut belang foar de regionale ekonomy, mar dy sektor is geandewei it lêste part fan 'e tweintichste iuw troch konkurrinsje mei oare gebieten sterk yn it neigean rekke, wat resultearre hat yn 'e sluting fan 'e measten papierfabriken. Súdeast-Alaska is yn ekonomysk (en kultureel) opsjoch nauwer ferbûn mei Seattle en it Amerikaanske Noardwesten as mei de rest fan Alaska.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.