John Tootoosis
John Tootoosis (Cut Knife (Saskatchewan), 18 july 1899 – dêre, 1 febrewaris 1989) wie in Kanadeesk aktivist, politikus en bestjoerder fan etnysk Yndiaansk komôf.
John Tootoosis | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | John Tootoosis | |
nasjonaliteit | Kanadeesk | |
berne | 18 july 1899 | |
berteplak | Cut Knife (Saskatchewan) | |
stoarn | 1 febrewaris 1989 | |
stjerplak | Cut Knife (Saskatchewan) | |
etnisiteit | Kry Stony | |
wurkpaad | ||
berop/amt | politikus | |
aktyf as | aktivist foar Yndiaanske rjochten | |
jierren aktyf | 1946 – 1989 |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeTootoosis waard yn 1899 berne yn it Poundmaker Reservaat 114 yn Cut Knife, yn 'e Kanadeeske provinsje Saskatchewan. Hy wie fan mingd etnysk komôf, mei't er sawol bloed fan 'e Kry (Cree) as fan 'e Stony (Stoney) hie. Hy wie de pakesizzer fan Giele Moddertekken, de broer fan it legindaryske Kry-opperhaad Bizonfâlemakker.
John Tootoosis wie tige begien mei it lot fan syn folk, en sadwaande ûntjoech er him al ier yn syn libben ta polityk aktivist, wêrby't er opkaam foar de rjochten fan 'e lânseigen befolking fan Kanada. Doe't yn 1946 de Uny fan Saskatchewaanske Yndianen (USI) oprjochte waard, tsjinne Tootoosis as earste foarsitter fan dy organisaasje. Letter beklaaide er ek oare funksjes yn it bestjoer.
Yn 1959, doe't de Uny reorganisearre waard ta de Federaasje fan Yndiaanske Naasjes yn Saskatchewan (FSIN), waard Tootoosis ek dêrfan de earste foarsitter. Yn 1970 waard er beneamd yn 'e nijfoarme senaat fan 'e FSIN, en neitiid tsjinne er njoggentjin jier lang as senator.
Tootoosis kaam yn 1989 te ferstjerren yn it Poundmaker Reservaat 114, yn 'e âlderdom fan 89 jier. Hy hie fjirtjin soannen en dochters, wêrûnder de akteur Gordon Tootoosis (1941-2011).
Literatuer
bewurkje seksje- Sluman, Norman, en Goodwill, Jean Cuthand, John Tootoosis: Biography of a Cree Leader, Ottawa, 1982 (Golden Dog Press).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |