Julius Matthijs fan Beyma thoe Kingma
Julius Matthijs fan Beyma thoe Kingma (Ternaard, 25 septimber 1781 - Sweins, 14 septimber 1847), wie de âldste soan fan C.L. fan Beyma en Aukjen (Aurelia) van Poutsma. Hy boaske 29 juny 1806 Agatha Wilhelmina van Voss (24 maart 1784 - 12 augustus 1861), by wa't hy fjouwer soannen hie.
Libben
bewurkje seksjeHy folge syn mem en heit nei Sint Omer yn 1788, en kaam mei harren yn 1795 werom yn Fryslân. Hy waard 12 juny 1800 yn Frjentsjer as studint ynskreaun, mar hat de stúdzje dêr net ôfmakke. Hy waard 29 juny 1806 beneamd ta ûntfanger 'der convooien en licenten, der onbeschrevene middelen, van de turf, het klein zegel en de registratie' te Warkum, en bleau dit oant 21 oktober 1811, doe't hy maire fan Tsjom waard. Yn 1814 waard hy beneamd as frederjochter yn it kanton Hylpen, en sette him doe wer nei wenjen yn Warkum.
Yn juny 1820 waard hy lid fan de Kommisje fan Lânbou yn Fryslân. Hy waard yn Warkum lid fan de Ried, en waard 1 juny 1824 troch syn meileden keazen as lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Yn 1825 waard hy yn plak fan syn omke E.M. van Beyma beneamd as grytman fan Frjentsjerteradiel en fêstige him op it dêrfoar troch omke fermakke Kingmastate ûnder Sweins. By syn ôftreding mei yngong fan july 1827 fersocht hy, yn Warkum net foar werferkiezing as steatelid yn oanmerking te kommen, mar no waard hy as sadanich 1 juny 1827 keazen yn it plattelânsdistrikt Dronryp. Hy bleau dit oant syn ôftreding mei july 1843, fersocht net foar in werferkiezing yn oanmerking te kommen. Oant syn ferstjerren is hy grytman bleaun.
Yn 1842 waard him de titel jonkhear takend. Nei de troch him bewenne Kingmastate neamde hy himsels thoe Kingma, lykas syn pake dêr't er nei neamd wie ek dien hie. Omdat syn broer P.J. van Beyma foar dy tafoeging gjin reden fûn, is sûnt de ûnderskieding tusken de stagen fan Beyma mei en sûnder thoe Kingma beastean bleaun.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |