Jacob Kalma

(Trochferwiisd fan Kalma, J.J.)

Jacob Jetses (Jaap) Kalma (Hantumhuzen, 17 maaie 1907 - Ljouwert, 23 maaie 1991) wie in frijsinnich herfoarme dûmny en skiedkundich skriuwer.

Jacob Kalma
Jaap Kalma
Jaap Kalma
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jacob Jetses Kalma
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 17 maaie 1907
berteplak Hantumhuzen
stoarn 23 maaie 1991
stjerplak Ljouwert
wurkpaad
berop/amt dûmny, histoarikus
aktyf as publisist, Frysk beweger
prizen dr Joast Halbertsmapriis, earedoktoraat RUG
offisjele webside
Kalma, biografysk portaal.nl

Libben en wurk

bewurkje seksje

Op 17 maaie 1907 waard Jacob (Jaap) Kalma berne te Hantumhuzen. Hy wie it earste bern fan Jetze Jacobs Kalma en Gerritje Alberts. Beide kamen út in âld boerelaach. Nei harren trouwen wie Jetze Kalma bouboer wurden. Hy hierde lykwols in pleats. As frijsinnigen wienen de Kalma's eins apartelings yn dy otterdokse streek. Yn 1922 slagget it heit Kalma om in pleats by Stiens te keapjen.

Jaap waard, neffens de liberale famyljetradysje, learling fan de Ryks HBS-B te Ljouwert. Yn 1920 die er dêr mei hiel goede sifers syn eineksamen.

Under ynfloed fan de bekende Stienzer dûmny J.A. Bruins jr. dy't in goede freon fan de famylje wie, waard besletten dat Jaap teology yn Leien studearje soe. Dêr moete hy syn lettere frou Froukje Koops. Froukje Koops hat in grutte stipe foar Kalma west. As teolooch koe se as it nedich wie, wat faak bard is, syn plak tydlik ynnimme. Kalma hat meastentiids net lang op it selde plak stien. Hy beromme him der op dat hy sa yn alle Fryske klasses stien hie. Yn syn bertegea hat er stien yn Hegebeintum (1938-1940) en yn Waaksens/Brantgum (1940-1943).

Kalma wie in master op in protte wapens. As sosjalist wie hy aktyf yn de SDAP en letter de PvdA. Hy wie belutsen by de Fryske Akademy en it Fries Genootschap. Op it mêd fan Fryske beweging hat Kalma in protte wurk fersetten.

Ek op tsjerklik gebiet hat er funksjes hân.

Yn 1958 kaam de Encyclopedie van Friesland út. Kalma waard frijmakke fan syn gemeente Lekkum/Miedum om de redaksje te fieren. In protte artikels moast er sels skriuwe. Kalma waard faak frege om in boek oer in betinking te skriuwen.

Yn 1968 gie Kalma, fanwege syn rêch, mei emeritaat yn Boyl.

De Kalma's setten har yn Ljouwert ta wenjen en Kalma koe him no wije oan syn grutte passy, de Fryske skiednis. Nei 1973 fierde er syn eigen projekten út. Dêrút binne in rige boeken fuortkommen.

Yn 1982 kaam it huldeboek "Freonen om ds. J.J. Kalma hinne" út.

Syn sûnens gie efterút. Doch socht er, as it koe, syn eigen plakje yn de Provinsjale Bibleteek hieltyd wer op. Op 23 maaie 1991 is Kalma yn Ljouwert ferstoarn. Syn frou wie him al foar gien.

Keppeling om utens

bewurkje seksje