Kananaskisberchtme

It Kananaskisberchtme (Ingelsk: Kananaskis Range) is in berchtme yn it súdwesten fan 'e Kanadeeske provinsje Alberta. It makket diel út 'e Rocky Mountains. It berchtme is ferneamd nei de rivier de Kananaskis.

Kananaskisberchtme
  berchtme
Gusty Peak yn it Kananaskisberchtme.
Gusty Peak yn it Kananaskisberchtme.
geografy
diel fan Rocky Mountains
regio súdwestlik Alberta
lân Kanada
provinsje Alberta
sifers
oerflak ±800 km²
lingte 44 km
breedte 25 km
heechste punt Mount Galatea
hichte 3.185 m
geology
yndieling heechberchtme
âldens 80 – 55 miljoen jr
stiensoarte metamorf stiente e.o.
kaart
Gusty Peak yn it Kananaskisberchtme.
De lokaasje fan it Kananaskisberchtme (read omrâne) yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta.

It Kananaskisberchtme is in dielberchtme fan 'e Rocky Mountains, dat yn it súdwesten fan 'e Kanadeeske provinsje Alberta leit, oan 'e eastkant fan 'e grutte berchrige en westlik fan 'e rivier de Kananaskis. It Kananaskisberchtme strekt him fan noard nei súd út oer in lingte fan 44 km en is op it breedste punt 25 km breed. It oerflak bedraacht sa'n 800 km². It berchtme leit likernôch 70 km súdsúdwestlik fan Calgary, de haadstêd fan Alberta. It heechste punt yn it Kananaskisberchtme is de Mount Galatea, mei in hichte fan 3.185 m boppe seenivo.

 
It Kananaskisberchtme.

It Kananaskisberchtme ûntstie yn it Kryt en it Paleogeen, tusken 80 en 55 miljoen jier lyn. It stiente fan it berchtme is âlder. It meastepart, bestiet út metamorf stiente, dat foarme waard fanôf it Prekambrium, in geologysk tiidrek dat 1,7 miljard jier lyn begûn.

Heechste toppen

bewurkje seksje

In protte fan 'e heechste berchtoppen yn it Kananaskisberchtme binne ferneamd nei marineskippen en persoanen dy't belutsen wiene by de Slach by Jutlân, in seeslach op 'e Noardsee yn 'e Earste Wrâldoarloch. De Mount Bogart is ferneamd nei D.B. Dowling (Bogart wie de famkesnamme fan syn mem en syn eigen middelnamme), dy't it Kananaskisberchtme yn 'e 1900-er jierren ferkende en yn kaart brocht yn opdracht fan it Geografysk Genoatskip fan Kanada.

De heechste toppen fan it Kananaskisberchtme binne (yn folchoarder fan ôfrinnende hichte):

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.