Kanaryske Eilannen
De Kanaryske Eilannen (Spaansk: Las Islas Canarias) binne in kloft eilannen yn de Atlantyske Oseaan, dy by Spanje hearre, mar foar de kust fan de Westlike Sahara en Marokko lizze. De arsjipel makket diel út fan Makaroneezje, dat in regio fan Afrika is.
Kanaryske Eilannen | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Lokaasje yn Spanje | |
Algemien | |
Haadstêd | (de eilannegroep hat gjin haadstêd) |
Oerflakte | 7.447 |
Befolking | 1.968.280 |
Befolkingstichtens | 264,30 |
Oare ynformaasje | |
Heechste punt | |
Provinsjes | Las Palmas en Santa Cruz |
Geografy
bewurkje seksjeDer binne sân grutte eilannen, âlde fulkanen dy't út it wetter fan de Atlantyske Oseaan stekke:
De eilannen binne opdield yn twa provinsjes. De eastlike eilannen foarmje de Provinsje fan Las Palmas, mei as haadstêd Las Palmas op Gran Kanaria. De westlike eilannen foarmje de Provinsje fan Santa Cruz fan Teneryf, mei Santa Cruz as haadstêd.
De eilannen binne polityk en ekonomysk part fan Spanje, mar geologysk binne se part fan Afrika. De koarste ôfstân tusken de eilannen en de fêste wâl is 108 km. It foar in part subtropyske klimaat makket de eilannen in populêr fakânsjeplak foar likernôch tsien miljoen minsken jiers.
Skiednis
bewurkje seksjeDe Griken hienen ferhalen oer de Loksillige Eilannen fier yn it westen, mar it is net wis of dat de Kanaryske Eilannen wienen. De namme Kanaryske eilannen komt fan de Romeinen, mar de oarsprong dêrfan is ek net wis. Ien ferklearring is dat in ekspedysje fan Juba fan Mauritaanje 40 f.Kr. op de eilannen gjin minsken fûn, mar allinnich in lytse ruïne en op ien eilân wylde hûnen. (Canis is Latyn foar hûn.) In oare útlis is dat oan de Atlantyske kust fan Noard-Afrika in folk wenne dat de Romeinen Canarii neamden, om't de minsken fan dat folk harren iten dielden mei harren hûnen.
Der binne tige âlde ruïnes op de eilannen, dy't skynber gjin ferbân hâlde mei de Guanches. Hoenear't de Guanches op de eilannen kaam binne is ek net wis, mar nei alle gedachten binne se fan Berbersk komôf, en dan soenen se út it noardwesten fan Afrika komme. Harren kultuer hie gjin oanwiisbere Arabyske ynfloeden, dat de Guanches soenen nei de eilannen kaam wêze moatte eart de Arabieren Noard-Afrika ynnamen.
Yn 999 ûntdutsen de Arabieren de eilannen, en in de 14e iuw dienen de Jeropeanen itselde. Yn 1385 begûn it oernimmen fan de eilannen troch Kastylje, mei it ûntromjen fan hiel Lanzarote. De earste festiging fan op de eilannen wie yn 1402, mar om't Spanje kolonisaasje net organisearre, en troch it ferset fan guon fan de Guanges, duorre it oant 1495 eart alle eilannen ynnaam wienen.
Foar safier de Guanches net dea wienen, of as slaaf weifierd waarden, rekken se fermingd mei de nije Spaanske ynwenners, oant der net langer in aparte Guanche-befolking op de eilannen wie. De eilannen waarden ta it lêste oanlisplak foar Spaanske skippen dy't nij de Nije Wrâld gongen. De mooglikheden lutsen keaplju oan, en de eilannen waarden ryk. Mar de eilannen waarden ek ta doelwyt fan bygelyks de Ingelske float.
Mei't de ferhâldings tusken koloanjes en memmelannen feroaren, feroare ek de posysje fan de eilannen. Yn de 18e en 19e iuw feroare de woltier fan de eilannen mei ynhoefier't de Spaanske wetten de hannel fan de eilannen beheinden. Yn it begjin fan de 20e iuw wie der in protte emigraasje nei Kuba en letter nei Fenezuëla, mar yn de twadde helte fand e 20e iuw waarden de wetten liberaler, en waard it toerisme hieltyd wichtiger foar de eilannen.
Kultuer
bewurkje seksjeDe befolking fan de Kanaryske eilannen is bot hechte oan har djip ynfretten tradysjes en keunstniverheid. De ambachten omfetsje borduerwurk, keramyk, kantklossen, houtsnijwurk ensafuorthinne. Alle eilannen hawwe in eigen spesjaliteit, sa stiet La Gomera bekend om syn flochten kuorren en is Tenerife it sintrum foar tradisjonele potten yn Guanche-styl. Op El Hierro wurde weven tapiten makke en tassen en yn de stêd Ingenio op Gran Canaria binne borduerwurk fan de eilannen te finen. Dizze ambachten komme fuort út ynfloeden fan ferskillende kultueren, dêr't Guanche-ûntwerpen it meast autintyk fan binne. Dizze binne neimakke fan archeologyske fynsten en wurde tradisjoneel útfierd. It giet dêrby fral om ierdewurk ynspirearre troch de Moarske Azulejos styl.
Ek karnaval spilet in grutte rol op de Kanaryske eilannen. It karnafal yn Santa Cruz op Tenerife wurdt wol fergelike mei it karnaval spektakel fan Rio de Janeiro en New Orleans. It wurdt alle jierren hâlden de 10-14 dagen foar Jiskewoansdei.
Ekonomy
bewurkje seksjeDe bananen dy't op sawat alle eilannen boud wurdt, is in wichtich eksportprodukt nei it heitelân Spanje.
autonome mienskippen fan Spanje | ||
---|---|---|
Andalûsje • Aragon • Astuerje • Baleären • Baskelân • Ekstremadoera • Falinsia • Galysje • Kanaryske Eilannen • Kantaabrje • Kastylje en Leön • Kastylje-La Mansja • Kataloanje • Madrid • Moersia • Navarra • La Riocha | ||
autonome stêden fan Spanje | ||
Ceuta • Melilla | ||
· · |
Jeropeeske Uny | ||
---|---|---|
Lidsteaten: Belgje • Bulgarije • Denemark • Dútslân • Eastenryk • Estlân • Finlân • Frankryk • Grikelân • Hongarije • Ierlân • Itaalje • Kroaasje • Letlân • Litouwen • Lúksemboarch • Malta • Nederlân • Poalen • Portegal • Roemeenje • Syprus • Sloveenje • Slowakije • Spanje • Sweden • Tsjechje | ||
Ultraperifeare regio's: Frankryk: Frânsk-Guyana • Gûadelûp • Majot • Martinyk • Reünion • Sint-Marten Portegal: Azoaren • Madeara Spanje: Kanaryske Eilannen | ||
Kandidaat-lidsteaten: Albaanje • Bosnje • Georgje • Moldaavje • Montenegro • Noard-Masedoanje • Oekraïne • Servje • Turkije | ||
· · |