Katedraal fan Hereford

De Katedraal fan Hereford (Ingelsk: Hereford Cathedral) is de katedraal fan it Anglikaanske bisdom Hereford yn Hereford, Ingelân. De meast ferneamde skat fan de katedraal is de mappa mundi fan Hereford, in troch Richard fan Holdingham om 1300 hinne makke midsiuwske kaart fan de wrâld. De kaart is ynskreaun yn it Memory of the World Register fan UNESCO. Al sûnt de 8e iuw of noch earder is it plak fan 'e katedraal in plak dêr't de kristlike earetsjinst fierd wurdt, alhoewol't it âldste diel fan 'e tsjerke, de bishop's chapel, út de 11e iuw datearret. De katedraal is in monumint yn 'e heechste graad.

Katedraal fan Hereford
Lokaasje
lân Ingelân
greefskip Herefordshire
plak Hereford
adres 5 College Cloisters, Cathedral Close
koördinaten 52° 3' N 2° 42' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Anglikaanske Tsjerke
bisdom Hereford
patroanhillige Jongfaam Marije
Sint-Ethelbert
Arsjitektuer
boujier Sûnt de 11e iuw
boustyl gotyk
monumintale status Grade I listed building
Webside
www.herefordcathedral.org
Kaart
Katedraal fan Hereford (Herefordshire)
Katedraal fan Hereford

De katedraal is wijd oan 'e hillige Jongfaam Marije en Sint-Ethelbert. Ethelbert waard yn 794 ûnthalze troch Offa, kening fan Mersia. Offa hie ûnthjitten om syn dochter út te houlikjen oan Ethelbert, mar om ûndúdlike redenen kaam er dat net nei. De eksekúsje of moard soe neffens sizzen plakfûn ha yn Sutton, seis kilometer fan Hereford ôf. In fromme muonts brocht it lichem fan Ethelbert nei de moard nei it plak fan 'e katedraal, dêr't yn 'e rin fan 'e tiid ferskate wûnders barden. In iuw letter liet de ealman Milfrid, dy't tige oandien wie troch alle ferhalen oer de wûnders, it lytse tsjerkje dat der doe stie ferfange troch in stiennen tsjerke, dy't oan 'e yntusken hillich ferklearre Ethelbert opdroegen waard.

Foar dy tiid wie Hereford al in bisdom, mooglik al sûnt de jierren 670. De stiennen katedraal dy't Milfrid bouwe liet hold it twa iuwen fol en waard doe ferfongen troch nijbou, dy't net lang stean bleau en yn 1056 nei fûl ferset fan de kanunniken plondere en yn 'e lôge set waard troch troepen fan de Welske prins Gruffydd ap Llywelyn.

Normandysk tiidrek

bewurkje seksje
 
Tsjerkeskip mei Normanyske arkades.

De katedraal bleau nei de plondering troch prins Gruffydd ap Llywelyn in bulte pún, oant Robert fan Loataringen yn 1079 biskop waard en de katedraal wer opbouwe liet. Syn wurk waard troch syn opfolgers fuortset oant de tsjerke ûnder biskop Robert fan Béthune foltôge waard, dy't fan 1131 oant 1148 biskop wie.

Fan dy Normandyske tsjerke bleaune it koer oant de hichte fan 'e ljochtbeuk, it súdlike transept, de bôge tusken it noardlike transept en de sydbeuk fan it koer en de arkades fan it tsjerkeskip bewarre. In heale iuw letter nei de foltôging liet biskop William de Vere it eastlike ein ôfbrekke foar de bou fan in retrokoer en in Marijekapel (Lady Chapel). De Marijekapel waard al gau nei dy tiid tusken 1226 en 1246 werboud yn 'e iere goatyske styl mei in krypte derûnder. Healwei dy iuw moasten de ljochtbeuk en nei alle gedachten it ferwulft fan it koer fernijd wurde fanwegen skea troch it gewicht fan de sintrale toer. Under Petrus Aigueblanche (biskop fan 1240 oant 1268) sette de fernijing fan it noardlike transept útein, foltôge yn 'e deselde iuw troch Swinfield, dy't ek de sydskippen fan it haadskip en it eastlike transept bouwe liet.

 
Koer.

14e - 16e iuw

bewurkje seksje

Yn 'e earste helte fan 'e 14e iuw waard de sintrale toer fernijd. Likernôch tagelyk fûn ek de bou fan it yn 'e 18e iuw ôfbrutsen kapittelhûs plak. Under Thomas Tevenant, dy't biskop wie fan 1389 oant 1404, waard it súdlike ein fernijd en it grutte transept boud. Likernôch yn it midden fan 'e 15e iuw waard oan it westlike diel fan it skip in tsjintwurdich net mear besteande toer tafoege en yn 'e twadde helte fan dy iuw lieten de biskoppen John Stanberry en Edmund Audley trije kapellen bouwe. De earste kapel oan 'e noardlike kant fan it preesterkoer, de lêste oan 'e súdlike kant fan 'e Marijekapel. De lêste tafoegings oan 'e katedraal wie de bou fan it noardlike portaal. Dêrmei kaam in ein oan de bou-aktiviteiten fan 'e katedraal, dy't meiïnoar 440 jier duorre hawwe.

17e iuw - 19e iuw

bewurkje seksje

Yn 'e Ingelske Boargerkriich tusken kening en parlemint foel Hereford yn it iene en dan wer yn it oare kamp. De katedraal waard plondere en de skea wie sa grut, dat it oansjen fan 'e katedraal nea wer yn 'e selde gloarje fan foar dy tiid hersteld waard. Oan it begjin fan 'e 18e iuw hie biskop Phlip Bisse (biskop fan 1712 oant 1721) in plan om de sintrale toer te ferstevigjen. Hy liet ek in ûnbidich grut alterstik en in iken koerhek bestelle. Dêrnjonken liet er it kapittelhûs ôfbrekke om de stiennen dêrfan te brûken foar ferbetterings oan it biskoplike paleis.

Op Peaskemoandei 1786 barde de grutste ramp yn 'e skiednis fan 'e katedraal. De westlike toer stoarte yn en fersoarsake de ferneatiging fan de hiele westlike gevel en in diel fan it skip. De toer toande in grutte oerienkomst mei de sintrale krusingstoer en beide tuorren wiene oerdiedich fersierd mei bolfoarmige blommen. De arsjitekt James Wyatt waard frege om de skea te herstellen, mar lykas ek yn Durham reparearre er net allinnich, mar brocht er ek feroarings oan, dy't net troch elkenien wurdearre waarden en wurde.

Yn 1841 waard útein set mei in restauraasje ûnder lieding fan 'e neogoatyske arsjitekt Lewis Nockalls Cottingham en syn soan, Nockalls. It mitselwurk fan Bisse, yn dy tiid as sinleas beoardiele, waard wer fan 'e sintrale toer ferwidere. Ek waard der in soad wurk útfierd yn it skip en oan it eksterieur fan 'e Marijekapel. Doe't Nockalls Cottingham ûnderweis nei New York yn septimber 1854 ferdronk, waard George Gilbert Scott ynhierd om oant 1863 it koer te restaurearjen. Yn dat jier waard op 30 juny de katedraal wer iepene mei in plechtige tsjinst. Tusken 1902 en 1908 restaurearre John Oldrid Scott de westlike gevel en ta oantinken fan it diamanten jubileum fan Fiktoaria waard Wyatt's fassade ferfongen troch in riker fersierde gevel. Keninginne Fiktoaria is (ûnder yn it midden fan it sintrale raam) tusken oantal hilligen en biskoppen te sjen.

20e iuw - 21e iuw

bewurkje seksje

Yn it begjin fan 'e jierren 1990 waard in nije bibleteek boud en iepene troch keninginne Elizabeth II. Mei de liturgyske feroarings yn 'e jierren 1960 waard it doksaal fan Scott demontearre en ferwidere. Tsjintwurdich is it te sjen yn it Victoria and Albert Museum.

 
It doksaal fan 'e katedraal dat tsjintwurdich yn it Victoria and Albert Museum stiet.

Tusken 2010 en 2011 waard it gebiet om de katedraal opknapt. Dêrby waarden likernôch 2.500 omskotten op 'e nij begroeven, guon dêrfan stamden út de 12e iuw oant 14e iuw. Argeologen ûntdutsen tusken de omskotten in út Normandje stammende ridder mei in grut tal ferwûnings, dy't er nei alle gedachten by toernoaien oprûn hie. Opmerklik wiene ek de lichems fan in leproas (om't it net wênst wie om leproazen by de katedraal te begraven) en in frou mei in ôfhakte hân (in straf foar in dief, dy't gewoanlik ek net in grêf krige by de katedraal).

It oargel is in ynstrumint út 1892 fan Henry Willis en wurdt oer it generaal as ien fan bêste foarbylden beskôge fan syn wurk. De kleurrike pipen fan it oargel binne ûntwurpen troch Gilbert Scott en stamme noch fan in âlder ynstrumint út 1864. Dêrnjonken besit de tsjerke noch in posityf en in saneamd festivaloargel, dat yn 1927 troch Nicholson & Co. boud waard foar de musikale begelieding by it Three Choirs Festival.

 
Marijekapel

It eastlike ein fan de tsjerke wurdt ôfsletten troch de ferhege Marijekapel, dy't oer in krypte boud waard. Yn de eastlike muorre binne fiif lânsetfinsters ynbrocht mei 19e iuwske ramen fan Cottingham as in neitins oan deken John Merewether, dy't him sa ynset hat foar de restauraasje fan de katedraal en yn de krypte ûnder de kapel byset waard.

Fierder binne hjir monuminten te sjen foar Johanna fan Kilpec en har man Humphrey fan Bohun. Johanna wie in 14e iuwske begeunstiger fan de katedraal dy't it kapittel lân joech en de bou fan in tal kapellen mooglik makke.

Súdlik fan de kapel is noch in fiifhoekige kapel mei twa ferdjippings, dy't út de 15e iuw stamt.

 
Krypte

De krypte ûnder de Marijekapel is mar lyts, mar fan belang om't it de iennige krypte fan in Ingelske katedraal is dy't boud waard nei it Normandyske tiidrek oant de bou fan 'e katedraal fan Truro (de krypte fan de St. Pauls is mar in rekonstruksje). Oant it gebrûk as bientsjekou waard de krypte Golgotha neamd.

De mappa mundi fan Hereford is in midsiuwske kaart fan de doe bekende wrâld. De grutste midsiuwske kaart, dy't noch bestiet, is yn it besit fan 'e katedraal. De kaart waard op ien stik perkamint fan 135 sintimeter by 165 sintimeter nei alle gedachten tusken 1285 en 1295 makke troch Richard fan Haldingham en Lafford (tsjintwurdich Holdingham en Sleaford), ek bekend ûnder de namme Richard de Bello, in geastlike dy't ferbûn wie oan 'e katedraal fan Lincoln. Se binne net ienriedich oer de taskriuwing en fanwegen it hege nivo fan details yn 'e kaart waard der ek wol tocht dat it net it wurk west hat fan ien persoan. Guon tinke dat de kaart oarspronklik makke is troch Richard fan Haldingham en Lafford en dat de kaart nei syn dea troch syn jongere neef, Richard de Bello, en syn beskermhear Richard Swindfield ôfmakke is.

 
Mappa mundi fan Hereford.

Lange tiid hong de mappa mundi earne yn it sydskip fan it ingelenkoer sûnder dat der acht op slein waard. Yn 1855 liet it Britsk Museum de mappa mundi skjinmeitsje en yn oarder meitsje. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de kaart foar de feiligens mei oare weardefolle manuskripten út de bibleteek fan 'e katedraal helle en oant 1946 earne oars opslein.

De wrâld wurdt yn in sirkel ôfbylde, omklamme fan 'e oseaan. Sintraal yn 'e wrâld leit Jeruzalim. It easten leit boppe yn de sirkel, dêr't de Tún fan Eden mei it iten fan 'e ferbeane apel en de ferballing fan Adam en Eva útbylde wurdt. De kaart wurdt bekroand mei in foarstelling fan it Jongste Gerjocht, mei in foarsprekkende Jongfaam Marije en leauwenden, dy't út de grêven opstean en nei de himelske stêd brocht wurde. Op 'e kaart binne stêden, bisten, fûgels, fisken en fabelbisten tekene. De stêden Jeruzalim, Babylon, Rome en Troaje springe der út. Yn Grut-Brittanje, tekene oan 'e noardwestlike grins, wurde ek de nammen fan 'e katedralen neamd.

Doe't it bisdom yn 1988 finansjeel yn swier waar rekke, stelde de deken en it kapittel út om de mappa mundi te ferkeapjen. Foarse donaasjes fan it National Heritage Memorial Fund, Jean Paul Getty en filantropen makken it mooglik om de kaart yn Hereford te hâlden. Ek koe der in nije bibleteek boud wurde om dêr de mappa mundi en de bibleteken fan 'e katedraal en de Alderheljentsjerke (All Saints' Church) yn ûnder te bringen. De nije bibleteek súdwestlik fan 'e katedraal waard op 3 maaie 1996 iepene.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: