Kayla Mueller
Kayla Mueller (folút: Kayla Jean Mueller; Prescott (Arizona), 14 augustus 1988 – Rakka? (Syrje), ±6 febrewaris 2015) wie in Amerikaansk ûntwikkelingswurkster en meiwurkster fan in humanitêre helporganisaasje, dy't yn augustus 2013 yn Aleppo ûntfierd waard troch terroristen fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS). Se waard dêrnei oardel jier finzen holden en ûnderwurpen oan ferkrêfting en marteling, û.m. troch de selsútroppen "kalyf" fan IS, Abû Bakr al-Bagdadi, persoanlik. Se waard begjin febrewaris 2015 troch har ûntfierders ombrocht.
Kayla Mueller | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Kayla Jean Mueller | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 14 augustus 1988 | |
berteplak | Prescott (Arizona) | |
stoarn | ±6 febrewaris 2015 | |
stjerplak | Rakka? (Syrje) | |
etnisiteit | Dútsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | meiwurker helporganisaasje | |
jierren aktyf | 2011 – 2015 | |
reden bekendheid |
ûntfierd en fermoarde troch IS |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeMueller waard yn 1988 berne yn Prescott, yn 'e Amerikaanske steat Arizona, as de dochter fan Carl en Marsha Mueller. Se wie fan etnysk Dútsk komôf, en waard grutbrocht as in from kristen. Nei't se yn 2007 slagge wie foar har eineksamens foar it fuortset ûnderwiis oan 'e Tri-City College Prep High School, learde se fierder oan 'e Universiteit fan Noardlik Arizona yn Flagstaff, dêr't se sosjale en gedrachswittenskippen studearre.
As studinte wie Mueller belutsen by in oekumenyske kristlike groep op 'e kampus fan 'e universiteit, de United Christian Ministries. Yn deselde tiid sette se har yn foar ferskate goede doelen, wêrûnder humanitêre help oan flechtlingen en minskerjochten yn ferskate diktatueren. Teffens wie se aktyf as miljeu-aktiviste.
Wurkpaad help- en ûntwikkelingswurkster
bewurkje seksjeNei't se har stúdzje ôfrûne hie, reizge Mueller nei ferskate dielen fan 'e wrâld ta om har aktivisme yn 'e praktyk te bringen op plakken dêr't dat nedich wie. Sa wurke se yn Yndia mei flechtlingen út Tibet, joech se har yn Israel by it African Refugees Development Center, dat him ynset foar Afrikaanske asylsikers en flechtlingen, en wie se ek behelle yn 'e pro-Palestynske International Solidarity Movement. Yn desimber 2012 arrivearre Mueller foar it earst yn súdeastlik Turkije, dêr't se holp by de opfang en fersoarging fan lju dy't op 'e flecht slein wiene foar de Syryske Boargeroarloch.
Untfiering
bewurkje seksjeOp 3 augustus 2013 beselskippe Mueller har Syryske feint nei de stêd Aleppo, yn noardlik Syrje, dêr't er ynhierd wie om kommunikaasje-apparatuer te ynstallearjen yn in sikehûs fan Dokters sûnder Grinzen. Hoewol't se yn Turkije wurke foar in ynternasjonaal erkende helporganisaasje, Support to Life, wie der gjin inkele wurkrelatearre reden foar Mueller om mei te gean nei Syrje. De stêf fan Dokters sûnder Grinzen wie "ferbjustere" (sa't se letter oan 'e media fertelden) oer de skynbere nonsjalânse wêrmei't Mueller yn Syrje op stap gien wie, om't it dêr tige gefaarlik wie foar Westerlingen.
Der waarden sadwaande fuortendaliks prikken yn it wurk steld om Mueller wer yn Turkije te krijen. Doe't sy en har freon nei in bushalte brocht waarden, ried harren auto lykwols yn in mûklaach fan striders fan 'e islamistyske terroristyske organisaasje Islamityske Steat (IS), dy't sawol Mueller as har freon ûntfierden. Har freon waard letter frijlitten om't er as Syrjer fan nul en gjinderlei wearde foar IS wie as gizelder.
Finzenskip
bewurkje seksjeDe Amerikaanske Striidkrêften, it Amerikaanske Ministearje fan Bûtenlânske Saken en Mueller har âlden besochten ferskate kearen om har te rêden. Neffens in ferslach fan Catherine Herridge fan Fox News, dat basearre wie op anonime boarnen, soe it Wite Hûs yn maaie 2014 ynformaasje hân hawwe oer de lokaasje dêr't Mueller en ferskate oare Westerske gizelders troch IS fêstholden waarden. Der soe lykwols kostbere tiid fergriemd wêze troch te wachtsjen op fierdere befêstiging, foar't der ta aksje oergien waard. Sân wiken letter, yn july, fierden kommando's fan 'e Delta Force fan it Amerikaanske Leger en SEALs fan 'e Amerikaanske Marine in ynfal út by in ferlitten oaljeraffinaderij by Rakka, dat útroppen wie ta de haadstêd fan it 'kalifaat' fan IS. Dêrby waarden oanwizings ûntdutsen dat dêr oant koartby gizelders fêstholden wiene, mar doe't de ynfal plakfûn, wie der yn it gebouwekompleks nimmen mear te bekennen.
Neffens in wurdfierder fan 'e famylje Mueller wie der gauris direkt kontakt mei it Wite Hûs oer de saak. Yn 'e simmer fan 2014 fregen de Muellers de Amerikaanske presidint Barack Obama yn in brief om 'e ta 86 jier finzenisstraf feroardiele terrorist Aäfia Siddiki tsjin harren dochter út te ruiljen, mar it regear-Obama wie net ree om dat te dwaan.
Yn augustus 2015 skreau The New York Times dat Mueller ûnder har finzenskip twongen wie te trouwen mei Abû Bakr al-Bagdadi, de saneamde 'kalyf' fan IS, dy't har dêrnei ferskate kearen ferkrêfte hie. Ek wie se martele. Fierders waard yn maaie 2015 bekend dat Mueller ek in skoft in "persoanlike finzene" fan Abû Sajaf west hie, in oare liedingjaand figuer binnen IS. Yn augustus fan dat jier berjochte ABC News dat Sajaf syn widdo Umm Sajaf befêstige hie dat Al-Bagdadi de wichtichste kwelgeast fan Mueller west hie.
Mei-finzenen dy't letter ûntsnapten of befrijd waarden, tsjûgen fan Mueller har ûnbrekbere kriich en begrutsjen mei oaren. Se soe sels mei opsetsin in kâns rinne litten hawwe om sels te ûntkommen sadat oare froulju letter in bettere kâns hawwe soene om út te naaien. Nei moannen fan martelings en ferkrêftings besochten inkele IS-leden om har ûnder twang te bekearen ta de islaam, sadat se it nijs dêroer foar propagandadoelen brûke koene. De Deenske fotograaf Daniel Rue Ottosen, dy't op dat stuit ien fan har mei-finzenen wie, tsjûge letter hoe't Mueller wegere hie dêroan mei te wurkjen.
Ferstjerren
bewurkje seksjeOp 6 febrewaris 2015 makke IS bekend dat "in froulike Amerikaanske gizelster" omkommen wie by in bombardemint op Rakka dat útfierd wie troch de loftmacht fan Jordaanje as ferjilding foar it libben ferbrânen troch IS fan 'e Jordaanske piloat Mûat al-Kasasbeh. De SITE Intelligence Group identifisearre de gizelster dêr't it om gie letter as Mueller. Op 10 febrewaris 2014 makke de famylje Mueller bekend dat IS de dea fan Kayla Mueller befêstige hie yn in e-mail, dêr't ferskate foto's fan har stoflik omskot oan taheakke wiene. De Amerikaanske ynljochtingetsjinsten ûndersochten de foto's en stelden fêst dat se echt wiene.
Op it stuit fan har dea ferkearde Mueller persiis oardel jier yn 'e hannen fan IS. It ferhaal fan IS oer de gong fan saken by har ferstjerren wie gjin oertsjûgjend relaas, om't se op it stuit fan it bombardemint sûnder bewekkers allinnich litten west hawwe soe yn it gebou dat bombardearre waard. It Pentagon makke bekend dat it oangeande gebou yndie bombardearre wie, mar twifele deroan oft Mueller dêr oanwêzich west hie. Letter tsjûge in eardere Jezidyske seksslavinne fan IS dat Mueller net by in bombardemint omkommen wie, mar fermoarde wie troch IS-striders.
Neisleep
bewurkje seksjeOp 8 febrewaris waard Umm Sajaf, de widdo fan Mueller har eardere 'eigner', troch it federale Amerikaanske Iepenbier Ministearje yn 'e Amerikaanske steat Firginia oanklage foar it ferskaffen fan fysike stipe oan in útlânske terroristyske organisaasje dat resultearre yn immens dea. Dêrop stiet maksimaal libbenslange finzenisstraf. Umm Sajaf sit anno 2020 noch yn in Iraakske finzenis foar terrorisme. De Amerikaanske militêre operaasje wêrby't op 26 oktober 2019 IS-lieder Abû Bakr al-Bagdadi omkaam, wie neffens ferskate boarnen ferneamd nei Kayla Mueller.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |