Keeseekoose Earste Naasje
De Keeseekoose Earste Naasje (útspr.: [ki:si:'ku:s], likernôch: "kii-sii-kûûs"; Ingelsk: Keeseekoose First Nation; Odjibwa: Giizhigoons Anishinaabeg) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei in eigen reservaat yn it súdeastlike part fan 'e provinsje Saskatchewan. ("Earste naasje" is in typysk Kanadeeske term foar "Yndianestamme".) De Keeseekoose Earste Naasje bestiet út etnyske Odjibwe, dy't ta de subgroep fan 'e Flakte-Odjibwe of Saulteaux hearre. It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn Kamsack, dat bûten it eigentlike reservaat leit.
Keeseekoose Earste Naasje | ||
Ingelsk | Keeseekoose First Nation | |
lânseigen | Giizhigoons Anishinaabeg | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Kanada | |
provinsje | Saskatchewan | |
haadkertier | Kamsack (Saskatchewan) | |
etnisiteit | Odjibwa (Flakte-Odjibwa) | |
ledetal | 2.243 (2018) | |
oprjochting | 1874 | |
status | erkend | |
erkenning | Kanada | |
reservaat | ||
reservaat | Keeseekoose Reservaat 66 Ferdrach Nû. 4 Res.grûnen 77 | |
lokaasje | súdeastlik Saskatchewan | |
oerflak | 69,3 km² (allinnich Reservaat 66) | |
ynwennertal | 679 (2018) | |
offisjele webside | ||
www.keeseekoose.com | ||
kaart | ||
Lokaasje yn Saskatchewan.
|
Skiednis
bewurkje seksjeOarspronklik wiene de Keeseekoose in troep fan Flakte-Odjibwe dy't op 'e noardlike Grutte Flakten libben, yn wat no súdwestlik Manitoba en súdeastlik Saskatchewan is. Nei alle gedachten bejoegen se har út en troch ek yn 'e wâlden benoarden har wenkrite. Foar har iten wiene hja benammentlik ôfhinklik fan 'e jacht op 'e Amerikaanske bizon en yn mindere mjitte fan 'e jacht op oare bisten op 'e flakten en yn 'e wâlden, lykas de gaffelantilope en de eland, en fan fiskerij yn 'e rivieren. Wierskynlik rispen se ek wylde rys dy't oan 'e iggen fan 'e withoefolle streamen yn harren wengebiet groeide.
Doe't yn 'e tiid fan it Wylde Westen, yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw, de bizon suver útrûge waard, begûnen de Flakte-Odjibwe honger te lijen. Dêrom ûndertekene it opperhaad Keeseekoose (nei wa't de troep ferneamd is) op 15 septimber 1874 it Ferdrach Nû. 4, it fjirde fan 'e regionale, saneamde Nûmere Ferdraggen tusken de Yndianen fan Kanada en de Britske koloniale oerheid. Neffens dat ferdrach joegen de Flakte-Odjibwe it meastepart fan harren lân op, dat dêrtroch frijkaam foar kolonisaasje troch blanke kolonisten, yn ruil foar in Yndianereservaat en it ûnthjit dat de oerheid derfoar soargje soe dat dêr genôch te iten wie.
Oarspronklik lei it Keeseekoose Reservaat oan 'e rivier de Swan, yn súdwestlik Manitoba. Om't dy krite der elts jier by 't maityd ûnder strûpte om't de rivier dan oanwoeks mei teiwetter, fûnen de leden fan 'e stamme it dreech om dêr te oerlibjen. Dêrom waard mei tsjinnichheid besletten ta ferpleatsing fan it reservaat nei it gebiet benoarden de rivier de Assiniboine, yn súdeastlik Saskatchewan, dêr't it reservaat njonken dat fan 'e nau besibbe Coté Earste Naasje kaam te lizzen.
Geografy en reservaat
bewurkje seksjeDe Keeseekoose Earste Naasje is sitewearre yn it súdeastlike diel fan 'e Kanadeeske provinsje Saskatchewan, noardlik fan 'e rivier de Assiniboine, tusken de plakken Kamsack en Pelly yn. De stamme hat in eigen Yndianereservaat: it Keeseekoose Reservaat 66, mei in oerflak fan 69,3 km². Fierders hawwe de leden ek it rjocht om gebrûk te meitsjen fan it Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen Yndianereservaat 77, dat de Keeseekoose Earste Naasje dielt mei 34 oare Yndiaanske stammen út it suden fan Saskatchewan en Manitoba.
Demografy
bewurkje seksjeDe leden fan 'e Keeseekoose Earste Naasje besteane út etnyske Odjibwe (Ojibwe), in Algonkwynsktalich folk dat ien fan 'e grutste Yndiaanske etnyske groepen fan Kanada is. De Odjibwe fan 'e Keeseekoose Earste Naasje kinne etnografysk spesifiker omskreaun wurde as Flakte-Odjibwe (Plains Ojibwe of Saulteaux). Yn 2018 hie de Keeseekoose Earste Naasje 2.243 leden. Dêrfan wennen doe 679 minsken (oftewol 30,1%) yn it eigen reservaat. Nochris 52 leden (2,3%) wennen yn in oare Yndianereservaten. De rest, 1.512 minsken (67,4%), wenne bûten de reservaten.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |