In kening-keizer of keizer-kening (of yn 'e froulike foarm keninginne-keizerinne of keizerinne-keninginne) is de titel dy't droegen wurdt troch in monarch dy't tagelyk kening fan it iene lân en keizer fan it oare lân is. Sa'n titel is ornaris it resultaat fan in personele uny tusken in keninklike en in keizerlike kroan, wêrby't erkend wurdt dat de beide lannen polityk en/of kultureel faninoar ferskille, en teffens yn status (mei't in keizer heger yn rang is as in kening). De twafâldige titel fan in kening-keizer wiist yn 'e regel op in twafâldige rol, mar it kin ek wat wêze dat inkeld kreëarre wurdt om it prestiizje fan in hearsker te fergrutsjen. Yn elts gefal makket de twafâldige titel lykwols dúdlik dat de personele uny net ienfâldichwei in gefal fan anneksaasje is, wêrby't ien lân it oare opslokt.

It bekendste foarbyld fan in kening-keizer komt út 'e skiednis fan it Britske Ryk. Keninginne Fiktoaria fan it Feriene Keninkryk waard yn 1877 troch it Britske regear de titel fan keizerinne fan Britsk-Ynje taparte en waard doe sadwaande in keninginne-keizerinne. De suggestje, dy't yn 'e titel besletten leit, dat in keizerinne heger yn status is as in keninginne, en dat itselde dêrom jildt foar it keizerryk yn ferhâlding ta it keninkryk, waard dêrby foarkomd troch de (eins legere) titel fan keninginne foarop te setten. Alle opfolgers fan Fiktoaria oant en mei har oerbeppesizzer George VI wiene kening-keizers oant Britsk-Ynje yn 1947 ûnôfhinklik waard yn 'e foarm fan 'e nije lannen Yndia en Pakistan.

Eastenryk-Hongarije

bewurkje seksje

Eastenryk-Hongarije, ek wol de Dûbeldmonargy neamd, wie in lân yn Midden- en East-Jeropa dat bestie oant 1918. It ûntstie yn 1867 út it Keizerryk Eastenryk, doe't troch de Ausgleich it yn 1526 troch Eastenryk anneksearre Keninkryk Hongarije wer selsbestjoer ûntfong. De titel 'kening fan Hongarije' krige dêrtroch in status dy't dy fan 'keizer fan Eastenryk' hast belykje koe. Hoewol't de hearskers fan it lân dêrom eins keizer-keningen wiene, waard dy titel yn Eastenryk-Hongarije nea sa brûkt. Ynstee spriek men fan 'e "keizer en kening" (Dútsk: Kaiser und König; Hongaarsk: császár és király), en yn 'e eigenskipswurdlike foarm fan "keizerlike en keninklike" (kaiserlich und königlich, ôfkoarte ta k.u.k. of ta k. & k.). Sa wie de lânmacht fan Eastenryk-Hongarije it Keizerlike en Keninklike Leger (Kaiserliche und Königliche Armee).

Italjaansk koloniaal ryk

bewurkje seksje

Nei de ferovering fan Abessynje troch de Italjanen yn 'e Twadde Italjaansk-Abessynske Oarloch fan 1936 naam kening Fiktor Emmanuël III fan Itaalje de titel 'keizer fan Abessynje' oan. Hy waard doe sadwaande ek in kening-keizer. Yn Abessynje waard er fertsjintwurdige troch in ûnderkening, dy't ek de gûverneur-generaal fan Italjaansk-East-Afrika oanstelde. (Dy koloanje bestie behalven út Abessynje út Italjaansk-Somalylân en út Italjaansk-Eritreä.) Dizze sitewaasje wie lykwols fan relatyf koarte doer, mei't Abessynje nei it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn 1941 troch Britten befrijd waard.

Yn 1871 feriene de Noarddútske Bûn mei de Súddútske steaten en foarmje it Dútske Keizerryk. Neffens de grûnwet waard de kening fan Prusen, doe Wilhelm I, kroand ta Dútske keizer (Deutscher Kaiser). Dêrmei wiene de foarsten fan it Hûs Hohenzollern tagelyk Dútske keizers en keningen fan Prusen. Wilhelm hie graach de titel "Keizer fan Dútslân" (Kaiser von Deutschland) hawwe wollen, dochs dat soe ta problemen mei de Súddútske foarsten en mei Eastenryk late. Dêrom

Nei de delklap yn de Earste Wrâldkriich en de Dútske Revolúsje, besocht keizer Wilhelm II de titel "kening fan Prusen" te hâlden wylst er opstapte as Dútske keizer. Hy hoopte dêrmei noch in personele uny tusken it Keninkryk Prusen en it Dútske Keizerryk te behâlden. Neii't er de oanrekomandaasje krige dat er de iene troan net hâlde koe sûnder te oare, wie er twongen om troansôfstân te dwaan en dêrnei libbe er de rêst fan syn libben yn ferballing yn it Hûs Doarn yn Nederlân.

De keizer fan it Hillige Roomske Ryk wie tagelyk ek kening fan Dútslân, Itaalje, Boergonje en Bohemen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.