Kystersyl

(Trochferwiisd fan Kiestersyl)

Kystersyl is in buorskip yn de gemeente De Waadhoeke. Kystersyl leit yn de himrik fan Frjentsjer oan it Van Harinxmakanaal tusken Frjentsjer en Hjerbeam. Ek de heechlizzende draaibrêge mei ôfslútbere iepeningen yn de wei oer de Slachte oer it Van Harinxmakanaal by Kie waard Kystersyl neamd.

Brêge oer it Van Harinxmakanaal yn Kystersyl
lokaasje fan Kystersyl

De namme komt ek foar as Kiesterzijl, Kiestersyl, Keesterzyl en Kiesterzyl. De betsjuttings is dus 'slûs by Kie'.

De buorskip Kystersyl kaam earst ta ûntwikkeling doe't der yn 1857 in stienbakkerij boud waard. Op dat stuit stiene der fjouwer huzen tichtby de syl. Ien dêrfan wie de brêgewipperswenning, yn de oare huzen wennen lytse túnkers, gerniers. Foar it personiel fan de stienbakkerij waarden fuort al fiif huzen boud wêrûnder dat fan de masterfeint. De útwreiding gie fierder mei yn 1904 in betonfabryk en om 1917 hinne twa kalkovens. De stienbakkerij waard yn 1920 ôfbrutsen. [1] Wenten en bedriuwsgebouwen leine oarspronklik oan beide kanten fan it kanaal. By de ferbettering fan it kanaal waard de bocht by Kiestersyl ôfsnien (1942) en kaam de buorskip hielendal benoarden it Van Harinxmakanaal te lizzen. Tsjintwurdich is de buorskip ûnderdiel fan it yndustryterrein West Kystersyl. Yn 2017 bestie de buorskip út likernôch fyftjin wenhuzen en in pear bedriuwsgebouwen. It tal ynwenners waard doe rûsd op 35. Der stiet gjin plaknammeboerd mear, allinnich de strjitnamme docht noch tinken oan de buorskip en de syl.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Grutte Provinsje Atlas Fryslân, Wolters-Noordhof Altlasproduksjes / Afûk, 2000
  • Karel F. Gildemacher, "Friese Plaatsnamen", Ljouwert, Friese Pers Boekerij 2007, Kiesterzijl
  • Hosper, Ultsje, e.a. De Slachte (Ljouwert 2001)
  • Rienks, ir K.A. en Walther, ir G.L., Binnendiken en slieperdiken yn Fryslân (Ljouwert 1954)
  • Kreger, Henk, Beeld van oud-Herbaijum, Kie en Kiestertzijl (Easterein 1982)

  1. Kreger s. 33, 36 en 37
Silen fan de Slachtedyk

GetswerdersylKystersylSkieppesylPayesylKrommesylTolsumersylHidaardersylBoazumersylSânleanstersylDillesyl