It koaikerhûntsje, ek wol koaikerke neamd, is in middelgrut, fan oarsprong Nederlânsk hûneras, dat sûnt 1971 offisjeel erkend is. De namme is ôflaat fan "koaiker" (eigner fan in einekoai), mei't dit ras fan âlds fokt waard as steande hûn. Koaikerkes wiene fral yn 'e santjinde en achttjinde iuw populêr, net inkeld as jachthûn, mar fral ek as selskipshûn. Sadwaande binne se gauris te ûntdekken op skilderijen fan Hollânske masters as Rembrandt en Jan Steen.

koaikerhûntsje
algemiene ynformaasje
alt. namme koaikerke
oarsprong Nederlân
klassifikaasje steande hûn
FCI-nû. #314
lichemsskaaimerken
skofthichte 35-42 sm
gewicht 13-15 kg
kleur brún-wyt

Koaikerhûntsjes waarden eartiids ynset yn 'e einekoai, dêr't se de koaiker holpen om (troch mei har grutte plomsturt hinne en wer te wiuwen) de einen de koai binnen te lokjen. Dêrnjonken makken koaikerkes har nuttich troch yn har frije tiid ûnwinske fauna, lykas rotten en murden, lytsman te meitsjen as dy de koai ynkrongen. Fral yn 'e santjinde en achttjinde iuw wie it ras ek as selskipshûn populêr, en sadwaande binne koaikerkes gauris te sjen op skilderijen fan Hollânske masters as Rembrandt en Jan Steen. Tsjintwurdich binne der net folle einekoaien mear, en noch minder dy't noch yn gebrûk binne. Nei de Twadde Wrâldoarloch rekke it ras sadwaande yn 'e nederklits, mar it waard fan it útstjerren rêden troch baronesse Van Hardenbroek van Ammerstol.

 
Doktersbesyk, in skilderij fan Jan Steen, mei rjochts ûnderoan in koaikerhûntsje.

Pas yn 1971 waard it koaikerhûntsje troch de Ried fan Behear op Kynologysk Mêd yn Nederlân, de autoriteit op it terrein fan 'e kynology yn Nederlân, as in apart ras erkend. Tsjintwurdich wurdt it stamboek fan it koaikershûntsje beheard troch de Feriening it Nederlânske Koaikerhûntsje (VNK). Wrâldwiid wurdt it ras erkend troch de Ynternasjonale Kynologyske Federaasje (FCI) as ûnderdiel fan rasgroep 8 (retrievers en wetterhûnen), seksje 2, mei it rasnûmer 314. De Feriene Kennelklub (UKC) erkende it koaikerhûntjse oarspronklik as in steande hûn, mar hat dy klassifikaasje per 1 jannewaris 2014 feroare yn wurkhûn.

Hoewol't koaikerkes om utens noch relatyf ûnbekend binne, genietsje se ek yn it Feriene Keninkryk erkenning as hûneras. Yn Kanada en de Feriene Steaten is dat noch net it gefal, nettsjinsteande it feit dat guon histoarisy fan betinken binne dat it (Nederlânske) koaikershûntsje in rol spile hawwe moat yn 'e ûntwikkeling fan it Nijskotlânske koaikershûntsje, in ras dat ôfkomstich is út 'e Kanadeeske Kustprovinsjes. It koaikerhûntsje wint op it stuit fluch oan populariteit yn 'e Feriene Steaten, Kanada en de Skandinavyske lannen.

Lichemsskaaimerken

bewurkje seksje

Koaikerhûntsjes binne middelgrutte spanieleftige hûnen, mei in skofthichte fan 35-42 sm en in gewicht fan 13-15 kg. Se hawwe in middellange pels dy't opmakke heard te wêzen út readbrune en wite flakken. Swartbûnte of trijekleurige eksimplaren foldogge net oan 'e betingsten dy't opsteld binne troch de rasferiening. Wol binne swarte úteinen oan 'e lange, brune, slop delhingjende earen (de saneamde earbellen) in pree. De eagen binne donkerbrún en mangelfoarmich en de útdrukking myld mar wach. Koaikerkes hawwe in grutte plomsturt, faak mei brune úteinen en in brune of soms swarte ring deromhinne deunby de ears. De poaten hearre wyt te wêzen, al binne in pear dûnkere plakjes dêr tastien.

 
In koaikerhûntsje fan deunby.

Koaikerhûntsjes binne freonlik, kalm en wach, en jouwe om sizzen. Se binne boartlik en hâlde fan wetter. It binne yntelliginte hûnen, dy't it har baas graach nei 't sin meitsje wolle, en dêrom binne se tige geskikt as selskipshûn. Ek passe se har fluch oan nije sitewaasjes oan, al binne it gjin allemansfreonen dy't gau by in frjemd komme sille. As koaikerkes lykwols ienris oan immen wûn binne, bliuwt der (as se goed behannele wurde) libbenslang in fertrouwensbân bestean. Om't se net sa grut binne, is it mooglik om koaikerhûntsjes yn in apartemint te hâlden, mar in hûs mei in hiem dêr't se wat omdrave kinne, is in stik better, mei't it fan natuere aktive bisten binne. Yn 'e hûs sille se har ornaris stil deljaan, mar likegoed moatte se geregeldwei nei bûten ta om har enerzjy kwyt te kinnen. As ferfanging fan har oarspronklike wurk kinne se goed treend wurde yn spultsjes as apportearjen en handichheid.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ashworth, Lou Sawyer, Prisma Honden Lexicon, Utert/Antwerpen, 1977 (Het Spectrum), ISBN 9 02 74 09 03X (oers. fan The Dell Encyclopedia of Dogs, New York, 1974, Vineyard Books), s. 68/69: Kooikerhondje.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.