Koen Eekma (Snits, 1951) is in Fryske ûnderwizer en eardere direkteur Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje (AFUK).

Nei de kweekskoalle yn Snits studearre Eekma Underwiiskunde oan de Universiteit fan Grins.

It Snekers is syn memmetaal, mar pas op de kweekskoalle yn Snits kaam er troch learaar Jan de Jong en stúdzjegenoaten as Tsjêbbe Hettinga en Jelle Kaspersma - beide dichter - foar it earst serieus yn oanrekking mei it Frysk. Nei syn oplieding waard er skoalmaster en in pear jier letter haad fan de kristlike skoalle yn Winsum.

As frijwilliger fan jongereinsinstrum 'De Meerpaal' yn Snits hie er al ûntdutsen dat it organisearjen en regeljen him wol lei. Hy helle syn doktoraal ûnderwiiskunde yn Grins en wie sûnt 1980 skoallebegelieder foar it projekt Lytse Skoallen fan it Mienskiplik Sintrum foar Underwiisbegelieding (MSU). [1]

Yn 1990 koe er by de Afûk oan ’e slach as opfolger fan Rindert Straatsma dy't as dieltiiddirekteur yn tsjinst bleau fan de AFUK. [2] Eekma krige de opdracht om de Afûk by de tiid te bringen en bedriuwsmjittiger op te setten.

Yn de Ramtnota Taalbelied fan 1991 stie dat der in Stipepunt Frysk komme moast. Net lang dêrnei foel it beslút om dat ûnder te bringen by de Afûk. De F-side, tematydskriften as Boek en Heit & Mem, de ‘Praat mar Frysk’-kampanje en it Lân fan Taal binne in pear fan de aktiviteiten dy’t er mei de Afûk de foar de promoasje fan de Fryske taal op tou set hat. Wol waard de bestjoerlike bân trochsnien mei in oantal oan de Fryske beweging ferbûne selskippen.[3]

Yn 2008 sette er mei Bert Looper fan Tresoar útein mei de plannen foar Lân fan Taal om de Fryske taal en literatuer mear sichtber te meitsjen. De nije Taalekspo Obe, de Taletún mei it Talepaviljoen en de Taalkaravaan moasten besikers noch mear bewust meitsje fan de rykdom fan meartaligens.[4] Yn Eekma syn tiid gie de Afûk wat loftiger mei de taal om as eartiids. Neist de 'Praat mar Frysk'-aksje mei de lippen fan Doutzen Kroes, boekjes as ‘Mijn vrouw is uitgenaaid’, Tomke, it Taalkado foar lytse poppen binne foarbylden fan promoasje fan it Frysk yn in luchtiger ferpakking.

Eekma waard tydlik saaklik lieder by Tryater doe’t Ben van der Knaap fuortgie om yn Snits de bou fan it nije teäter te begelieden. Eekma gie ien dei yn 'e wike by Tryater oan it wurk, foar de oare fjouwer dagen bleau er by de Afûk.

Nei goed 27 jier gie er mei pinsjoen as direkteur fan de Afûk en waard opfolge troch Alex de Jager.[5] Syn offisjele ôfskied wie tagelyk mei de fiering fan it 90-jierrich jubileum. It ôfskied barde op it jubileumkongres fan de Afûk yn skouboarch De Harmonie yn Ljouwert. By it ôfskied waard hy beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Kommissaris fan de Kening Arno Brok priizge Eekma as ‘ien dy ’t net tsjuster te moede wêze woe oer de posysje en de takomst fan de Fryske taal’. Nei syn pinsjoen bleau er aktyf by de organisaasje yn ferbân mei it Kulturele Haadstêdprojekt 'Lân fan Taal'. [6]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Onderwijsbegeleiders benoemd bij project Kleine Scholen, Leeuwarder Courant, 19 april 1980
  2. Leeuwarder Courant, 17 july 1990
  3. Foaropwurd Afûk 90 jier, De Moanne
  4. Koen Eekma nimt ôfskied by Afûk: hoe't in Sneker it 27 jier úthold as direkteur fan in 'ynfrysk' ynstitút, Leeuwarder Courant, 18 novimber 2021
  5. It Nijs, maaie 2018
  6. Koen Eekma geridderd bij afscheid als Afûk-directeur - Omrop Fryslân, 25 april 2018