Koyukuk (rivier)
De Koyukuk (Kojûkon: Ooghekuhno; Injûpiat: Kuuyukaq) is in rivier yn 'e Amerikaanske steat Alaska dy't in sydrivier fan 'e gruttere Yukon is. De Koyukuk hat in lingte fan 684 km en ûntspringt yn it Brooksberchtme fan noardlik Alaska. De rivier hat in ôfwetteringsgebiet dat in oerflak fan 83.000 km² beslacht.
Koyukuk | ||
Rin fan 'e Koyukuk (read) yn Alaska. | ||
geografy | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Alaska | |
ûntspringt yn | Brooksberchtme | |
lokaasje boarne | 67°02′49″ N 151°04′26″ W | |
mûnet út yn | Yukon (rivier) | |
lokaasje mûning | Koyukuk | |
plakken | Evansville, Bettles, Allakaket, Hughes, Huslia, Koyukuk | |
sydstreamen | Tinayguk, Alatna, John, Kanuti, Hogatza, Huslia | |
sifers | ||
lingte | 684 km | |
hichte boarne | 218 m | |
hichte mûning | 35 m | |
ferfal | 183 m | |
ôfwetteringsgeb. | 83.000 km² | |
ôffier (mûning) | 404 m³/s (yn trochsneed) 9.300 m³/s (maksimum) |
Etymology
bewurkje seksjeDe namme Koyukuk is in ferbastering fan it wurd kuik-yuk, dat "rivier" betsjut yn it Middenalaskaansk Jûpik, in Eskimo-taal. De rivier kaam oan dy net bot ta de ferbylding sprekkende namme trochdat de njoggentjinde-iuwske Russyske ûntdekkingsreizger Petr Vasilii Malachov him sa neamde om't er de lânseigen namme foar de rivier (Ooghekuhno) net wist.
Rin
bewurkje seksjeAs de boarne fan 'e Koyukuk wurdt ornaris de gearfloeiïng fan 'e Noarderfoarke en de Middelfoarke fan 'e Koyukuk beskôge. Dy leit yn it súdlike foarlân fan it Endicott-berchtme, dat diel útmakket fan it gruttere Brooksberchtme, boppe de poalsirkel yn it Binnenlân fan Alaska. Dêrwei streamt de Koyukuk oer it algemien yn súdwestlike rjochting, troch û.m. it Nasjonaal Park en Wyldreservaat Gates of the Arctic, it Nasjonaal Faunareservaat Kanuti en it Nasjonaal Faunareservaat Koyukuk.
Oan 'e igge fan 'e Koyukuk lizze doarpen as Evansville, Bettles, Allakaket, Hughes en Huslia, foar't de rivier by Koyukuk útmûnet yn 'e folle gruttere rivier de Yukon. Sydrivieren fan 'e Koyukuk binne oan 'e bopperin û.o. de Alatna en de John, en fierder streamôf de Kanuti, de Hogatza en de Huslia. De Alatna, de John, de Noarderfoarke fan 'e Koyukuk en de Tinayguk, in sydrivier fan 'e Noarderfoarke, hawwe yn 'e Feriene Steaten de status fan Nasjonale Wylde en Skildereftige Rivier.
Skiednis
bewurkje seksjeDe earste Jeropeaan dy't de Koyukuk nei syn boarne folge, wie de Russyske ûntdekkingsreizger Petr Vasilii Malachov yn 1838. Hoewol't Alaska yn 1867 oergie yn Amerikaanske hannen, duorre it noch oan 1885 foar't de earste Amerikanen, luitenant Henry Allen en soldaat Fred Fickett fan it Amerikaanske Leger, de hiele rin fan 'e Koyukuk ferkenden. Yn 1898 late de ûntdekking fan goud troch Johnnie Folger oan 'e Middelfoarke fan 'e Koyukuk ta in goudkoarts yn it gebiet. It wie doe dat Bettles ûntstie as in hannelspost en goudsikerskamp.
Yn 1929 waarden de bopperin en de foarken fan 'e Koyukuk yngeander ferkend troch Bob Marshall, dy't dêr kaam om 'e pleatslike floara te bestudearjen foar syn doktoraat yn botany. Hy joech de namme Gates of the Arctic ("Poarte fan it Arktysk Gebiet") oan it diel fan it Brooksberchtme dat deunby de Koyukuk leit. Yn 1980 wiisde it Amerikaansk Kongres 164 km fan 'e Noarderfoarke fan 'e Koyukuk oan as de Wylde en Skildereftige Rivier de Koyukuk, wat betsjutte dat it gebiet tenei in beskate mjitte fan beskerming tsjin eksploitaasje fan natuerlike helpboarnen hie.
Floara en fauna
bewurkje seksjeDe floara by de iggen fan 'e bopperin fan 'e Koyukuk lâns bestiet út toendrafegetaasje, lykas dwerchwylgen en oare strewelleplanten, siggen en koarstmoassen. Fierder streamôf feroaret de begroeiïng yn wielderige taigawâlden mei spjirren, elzen en klapperbeammen. By de rivier lâns libje û.o. kariboes, Amerikaanske elanden, brune bearen, Amerikaanske swarte bearen, wolven, Kanadeeske lynksen, Amerikaanske see-earnen, Amerikaanske nertsen, Kanadeeske bevers, Amerikaanske marters en rivierotters. Yn it wetter sels komme û.m. ferskate soarten salmen foar en ek Arktyske njoggeneach. Soms berikke wite dolfinen út 'e Beringsee wei de ûnderrin fan 'e Koyukuk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Works Cited, op dizze side.
|