Filla

(Trochferwiisd fan Lânhuzen)

In filla[1] is in grut en frijsteand hûs, dat ornaris boud is yn deftige styl en faak omjûn wurdt troch in grutte en sierlik foarmjûne tún. It bewenjen fan sokke pannen is foarbeholden oan 'e begoedige lagen fan 'e maatskippij. Binnen de beboude kom sprekt men ek wol fan in hearehûs, in namme dy't ferwiist nei de "hearen" (en dames) fan 'e hegerein dy't sokke huzen bewenje. Op it plattelân wurdt lânhûs wol as synonym brûkt. In lânhûs kin ûnderdiel útmeitsje fan in lângoed (ek wol bûtenpleats of bûten), ôfhinklik fan 'e fraach oft er in protte bygebouwen en grûn by hearre. De filla giet alteast yn namme werom op 'e filla's dy't yn 'e Romeinske Tiid set waarden troch leden fan 'e doetiidske boppeklasse.

In typyske ier-20e-iuwske filla yn in Graz.

It wurd 'filla', nettsjinsteande de dûbele l almeast útsprutsen mei de y fan "byt" ynstee fan de i fan "bit", komt fan it Latynske villa, mei fierhinne deselde betsjutting fan in grut, frijsteand hûs.

 
In makette fan it Romeinsk Paleis fan Fishbourne, yn 'e Romeinske provinsje Brittanje, in Romeinske filla op 'e grutste skaal.

Yn 'e Romeinske Tiid wiene der twa soarten filla's: de villa urbana, in bûtenpleats bûten Rome of in oare stêd, dy't lykwols maklik berikt wurde koe om eefkes in pear dagen yn troch te bringen, en de villa rustica, in lângoed op it plattelân, faak fier by alle gruttere stêden wei, dêr't ek in buorkerij by yn siet. In grut, frijsteand hûs yn 'e stêd, wat tsjintwurdich in filla of in hearehûs neamd wurde soe, waard troch de Romeinen lykwols net as in filla beskôge, mar waard ynstee in domus neamd.

Yn 'e Midsiuwen bestiene filla's net of skraachoan. Bûtenpleatsen waarden yn dy tiid útboud ta ferdigenbere kastielen, wylst ek hearehuzen yn gruttere plakken suver lytse boarchjes waarden. In protte kleasters út 'e Midsiuwen kinne lykwols boukundich as in fuortsetting fan 'e Romeinske filla sjoen wurde. Mei de komst fan 'e Renêssânse begûnen yn 'e fyftjinde iuw rike Italjaanske keaplju lykwols wer grutte heare- en bûtenhuzen te bouwen dy't ferlike wurde koene mei harren wjergaders út 'e Romeinske Tiid.

 
De Villa Medici a Fiesole yn Fiesole (Toskane), in villa yn 'e styl fan 'e Italjaanske Renêssânse.

Yn 'e Súdlike Nederlannen, dêr't ek in protte rike keaplju wiene, waard dy gewoante yn it earste fearn fan 'e sechstjinde iuw oernommen, benammen yn 'e krite om Antwerpen hinne. Doe't krapoan hûndert jier letter yn 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen de Gouden Iuw oanbriek, begûnen ek yn Hollân en letter yn 'e oare gewesten filla's te ferskinen. Yn Ingelân en Frankryk krong it lânhûs nei Italjaanske styl pas yn 'e achttjinde iuw troch, en yn Dútslân pas yn 'e njoggentjinde iuw.

De gruttere achttjinde- en njoggentjinde-iuwske filla's waarden faak boud yn in neoklassisistyske styl of yn 'e folle ûngeregelder Ingelske lânhûsstyl, wêrby't de plattegrûnen in frije en funksjonele oardering fan 'e fertrekken toane. Troch de tanimmende wolfeart ûntstie oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw fraach nei in nij type filla, dat faak lytser wie as it tradisjonele lânhûs, mar foarseach yn eigentiidske easken fan komfôr, ljocht, lucht en romte. Sokke filla's waarden, sawol binnen as bûten de beboude kom, ornaris ûntwurpen neffen de boustyl dy't op dat stuit foar master opsloech, lykas de styl fan 'e Amsterdamske Skoalle of de Jugendstil.

Doe't geandewei de tweintichste iuw almar mear lju in lúksueuze wente betelje koene, begûn men hjir en dêr filla's gear te kloftsjen. Sa ûntstiene fan 'e 1930-er jierren ôf yn in protte plakken fillawiken, dy't faak oan 'e râne fan 'e beboude kom grinzgje, sadat de bewenners (of alteast in diel fan 'e bewenners) frij útsjoch hawwe oer it omlizzende plattelân. Yn 'e ienentweintichste iuw besteane sokke fillawiken noch altyd, hoewol't der tsjintwurdich faak frijsteande wenten fan in justjes legere priisklasse tuskenyn set wurde. Ek al bestiet it wenningbestân fan sa'n wyk dus net mear útslutend út filla's, dochs sprekt men noch altyd fan in fillawyk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 482.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.