Leaffrouwetsjerke (Worms)

De Leaffrouwtsjerke (Dútsk: Liebfrauenkirche) is in tsjerkegebou yn 'e Dútske stêd Worms. De goatyske tsjerke is fanwegen in houten Marijebyld in beafeartstsjerke. Ek wurdt sûnt 1805 in relikwy fan de hillige Falentyn bewarre.

Leaffrouwetsjerke
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak Worms
koördinaten 49° 38' N 8° 22' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Mainz
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 13-15e eeuw
boustyl Gotyk
Webside
Side fan de tsjerke
Kaart
Leaffrouwetsjerke (Rynlân-Palts)
Leaffrouwetsjerke

Oer de foargongers fan de hjoeddeiske tsjerke in net in soad bekend. Argeologyske opgravings hawwe net plakfûn. Fanwegen de lokaasje op de râne fan in Romeinsk begraafplak wurdt tocht dat de earste tsjerke in let-antike kristlike tsjerkhôfkapel west hat. De âldste fermelding fan in Marijetsjerke op it plak datearret fan 1173.

Hjoeddeiske tsjerke

bewurkje seksje
 
Madonnabyld oan it súdlike portaal

Foar de bou fan de tsjerke en it wurk oan in kleastergong mei in Jodokuskapel ferliende paus Pius II yn 1267 in ôflaat. Yn 1276 waard mei de nijbou begûn en út dy tiid bleau it súdlike portaal bewarre. Op 31 oktober 1298 waard de tsjerke yn in kollegiale tsjerke mei 12 koarhearen feroare. It tsjerkeskip kaam yn 1380 klear en in jier letter waard ek it westlike portaal oplevere. Yn itselde jier waard útein set mei de koeromgong. Tusken 1450 en 1465 waarden de tuorren boud. Tagelyk waarden de maaswurkfinsters, de twa ferdjippings tellende kleastergong en de Sint-Jodokuskapel boud. Neffens in ynskrift oan de noardwestlike krusingspylder einigen yn 1465 de wurksumheden oan 'e tsjerke.

Sûnt 1478 is der foar it earst sprake fan in Marijebeafeart, mar dy is âlder om 't der doe al praat wie fan in "ferneamde beafeart".

Yn it ramt fan de Ryksdei yn Worms fan 1495 besochten keizer Maksimiliaan I en syn frou de tsjerke. Fanwegen de byldestoarm yn 'e tiid fan de reformaasje waard it Marijebyld yn 1565 foar de feiligens opburgen.

Mei't yn 1630 Kapusiner muontsen yn Worms kamen, krigen dy de Jodokuskapel yn 'e kleastergong as kleastertsjerke. Sawol yn 'e Tritichjierrige Kriich as yn 'e de Njoggenjierrige Kriich, doe't yn 1689 Frânske troepen de stêd yn 'e brân stieken, waard de Leaffrouwetsjerke slim skansearre. Fral de súdlike spits fan de tsjerke, it dak en it ynterieur hiene te lijen. Nei 15 jier waard de tsjerke werboud, wêrby de ferwulften mei behâld fan de goatyske foarmen fernijd waarden.

De tsjerke krige yn 1710 in nij oargel.

Troch it oarlochsgeweld hie de tsjerke bliuwend lêst fan statyske swierrichheden, dy't pas yn 'e jierren 1960 ferholpen waarden.

Nei de sekularisaasje fan it Leaffrouwestift oan it ein fan 'e 18e iuw waard de tsjerke foar de earetsjinst sletten en ûntwijd. Dêrnei waard de kleastergong en de Jodokuskapel ôfbrutsen. Pas yn 1816 waard de tsjerke as filiaaltsjerke wer iepene foar tsjinsten.

Sûnt 1860 waard de tsjerke restaurearre. Dêrby waard it doksaal ôfbrutsen, wêrfan it materiaal foar de bou fan de nije koerhekken brûkt waard, dy't de koeromgong en de alterromte yn it koer fan inoar skiede. Om de bûtenmuorren te ûntlêsten waarden ek de middenferwulften fernijd en leger ynbrocht, dat in grutte impact op de romte hie. De nije kapitelen waarden yn gips útfierd, wylst de orizjinele kapitelen boppe it ferwulft út it sicht ferdwûnen. De pylders en ribben waarden yn sânstienkleur farve en hast alle ramen waarden ferfongen. De tsjerke krige boppedat in nije neogoatyske ynrjochting. Wat letter waard ek de sûnt 1689 skeinde súdlike toer restaurearre. Op 1 jannewaris 1898 waard de Leaffrouwetsjerke in selsstannige parochytsjerke.

Sûnt de 19e iuw wurdt der in Falentyn-beafeart nei de tsjerke organisearre. De Marije-beafeart wurdt wer sûnt 1928 holden.

 
Ynterieur
  • Ut de twadde helte fan 'e 13e iuw stamt it houten genedebyld fan Marije.
  • Noardeastlik yn it sydskip stiet in byld fan Anne Trijeresom. Oarspronklik is it in byld fan it súdlike portaal. It waard yn 1276 makke, mar it bern Jezus ûntbrekt hjoeddedei.
  • It retabel fan it heechalter yn it koer datearret fan 'e 15e iuw. It stie oarspronklik yn 'e Martinustsjerke.
  • Ut 1470 datearret in foarstelling yn 'e súdlike toer fan it Hillich Grêf mei libbensgrutte stiennen bylden.
  • Ut deselde tiid stamt it sakramintshûske, dat oan de noardeastlike krusingspylder stiet.
  • Yn it dwersskip stiet in koerstuoltme út 1625.
  • Ut de twadde helte fan 'e 19e iuw datearret it neogoatyske Falentinus-alter, dat yn it súdlike dwersskip stiet.
  • De brânskildere ramen gyngen by in bombardemint yn 1943 ferlern en binne tusken 1966 en 1995 ferfongen troch finsters fan de Mainzer glesker Alois Plum. De fiif ramen oan de noardlike kant foarmje foarstellings út it Alde Testamint, de fiif finsters oan de súdlike kant út it Nije Testamint.
  • Yn de koeromgong binne in oantal grêfmonuminten út de tiid fan 'e 14e oant de 18e iuw.
  • Bûten stiet oan 'e noardlike muorre in replika fan in krusigingsfoarstelling út 1493. De bylden fan Marije en Jehannes binne 18e-iuwsk.
  • Oan de súdlike bûtenmuorre stiet sûnt 1919 in monumint foar de slachtoffers fan 'e Earste Wrâldkriich.

Sint Amandustsjerke

bewurkje seksje

Oant 1956 stie súdlik fan 'e Leaffrouwetsjerke de ruïne fan de eardere Sint-Amandustsjerke. Yn septimber fan 1956 joech de boargemaster de Amerikaanske striidkrêften de tastimming om foar it nedige pún foar it oanlizzen fan in sportterrein de ruïne te brûken en ôf te brekken.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.