Lily Collins (folút: Lily Jane Collins; Guildford (Ingelân), 18 maart 1989) is in Britsk-Amerikaansk aktrise, model en presintatrise fan mingd Ingelsk-Iersk-Joadsk etnysk komôf. Hja is de dochter fan 'e Britske sjonger en drummer Phil Collins, dy't berne waard yn Ingelân, mar opgroeide yn it Amerikaanske Los Angeles. As aktrise hat Collins benammen bekendheid krigen mei har rollen yn films as The Blind Side, Abduction, Stuck in Love en Mirror Mirror.

Lily Collins
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Lily Jane Collins
nasjonaliteit Britsk
Amerikaansk
berne 18 maart 1989
berteplak Guildford (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
Iersk
Joadsk
jierren aktyf 1991 – no
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Collins waard yn 1989 berne yn Guildford, yn it Ingelske greefskip Surrey, as de dochter fan muzikant Phil Collins, dy't fan mingd Iersk en Ingelsk komôf is, en dy syn twadde frou Jill Tavelman, in Amerikaanse fan Kanadeesk-Joadsk komôf, dy't earder foarsitter west hie fan 'e Frouljusklub fan Beverly Hills. Collins hat in âldere healbroer, Simon, en healsuster, Joely, út har heite earste houlik, en twa jongere healbruorren, Nicholas en Matthew, út har heite trêde houlik. Doe't se fiif jier wie, skieden har âldelju en naam har mem har mei werom nei de Feriene Steaten, dêr't se opgroeide yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. Collins trochrûn de middelbere skoalle oan 'e Harvard-Westlake School, en studearre neitiid tillefyzjesjoernalistyk oan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje. Yn 2007 waard se mei achttjin jier presintearre as debutante op it prestizjeuze Bal des Débutantes yn it Hôtel de Crillon te Parys.

Collins har aktearkarriêre begûn doe't se in pjut fan twa jier wie, yn 'e BBC-searje Growing Pains (net te betiizjen mei de Amerikaanske komeedzjesearje mei deselde namme). As tiner skreau Collins in kollumn mei as titel NY Confidential foar it Britske tydskrift Elle Girl. Ek hat se stikken skreaun foar Seventeen, Teen Vogue en de Los Angeles Times. Yn 2007 waard se útkard troch it moademerk Chanel om ien fan syn baljûpen te dragen op it Bal des Débutantes. It tydskrift Glamour keas har út as it ynternasjonale model fan it jier yn 2008, en yn 2009 stie se op 'e omslach fan dat blêd.

 
Lily Collins yn 2012.

Yn 2008 fersloech Collins de Amerikaanske presidintsferkiezings fan dat jier as presintatrise fan it Nickelodeon-programma Kids Pick the President, en datselde jiers wûn se ek de Young Hollywood Award for Newest Red Carpet Correspondent foar har ferslachjouwing by filmpremiêres. Dêrnei begûn se har mear op aktearjen ta te lizzen. Sa hie se in gastrol yn twa ôfleverings fan 'e soapsearje foar jongerein 90210 en spile se yn 2009 de byrol fan Collins Tuohy, de dochter fan haadpersoan Leigh Anne Tuohy (Sandra Bullock) yn it bekroande wierbarde drama The Blind Side.

Yn 2011 spile Collins yn 'e aksjefilm Abduction, en yn 2012 fertolke se de rol fan Sniewytsje yn 'e mearke-adaptaasje Mirror Mirror, mei Julia Roberts as har boaze styfmem. Yn dy film makke Collins har sjongdebút troch it liet I Believe (in Love) te'n gehoare te bringen. Fierders spile se yn 2012 ek yn 'e film Stuck in Love, en fertolke se yn 2013 de rol fan Clary Fray yn The Mortal Instruments: City of Bones, nei it lyknammige boek fan skriuwster Cassandra Clare. Yn oktober 2013 wurke Collins mei oan 'e fideoklip fan it nûmer City of Angels fan 'e band Thirty Seconds to Mars, en yn 2014 spile se noch yn 'e romantyske komeedzje Love, Rosie.

Priveelibben

bewurkje seksje

Collins hat sein dat se in hekel hat oan 'e belangstelling dy't de media blike litte foar har privee-relaasjes, mei't se fan deunby meimakke hat wat sokke bemuoienissen mei it houlik fan har âlden dien hat. Tusken july 2012 en augustus 2013 gie se om mei Jamie Campbell Bower, har tsjinspiler út The Mortal Instruments: City of Bones. Yn maaie 2015 waard bekend dat se op 'e nij byinoar wiene. As aktiviste set Collins har yn foar de Amerikaanske kampanje tsjin narjen op skoallen. Hja is ambassadrise foar de anty-nardersorganisaasje Bystander Revolution.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.