List fan Waachgebouwen yn Fryslân

Yn Fryslân stean noch 13 gebouwen dy 't de funksje fan waach hân hawwe. De waachgebouwen ferlernen harren funksje en hawwe sûnt dy tiid oare bestimmingen, lykas VVV-kantoar of Aldheidkeamer.

It âldste noch besteande gebou yn Fryslân is de Waach fan Ljouwert út 1598. Yn de plakken Boalsert, Hylpen en De Lemmer makket de waach diel út fan it stedhûs.

Almeast lei de waach oan in farwetter of haven om de bûter en tsiis oan te fieren.

Plakken mei in Waachgebou

bewurkje seksje
Waachgebou Jier Ofbyld
Aldeboarn 1736  
Boalsert 1617  
Dokkum 1754  
Frjentsjer 1657  
De Gordyk 1875  
Harns 1733
Hylpen 1683  
Kollum 1779  
Langwar 1879  
De Lemmer  
Ljouwert 1598  
Ljouwert (beurs) 1880  
Makkum 1698  
Sleat 1759  
Warkum 1650  

Fan ferskate oare plakken is bekend dat der ea in waach stien hat, lykas yn Akkrum, Balk, It Hearrenfean, Drylts, Jirnsum, De Jouwer, Snits, Starum, Wolvegea, Wommels en Wâldsein.

  • Holtman, M.A. Meten en wegen in Friesland (1994), Uithuizen: Bakker
Waachgebouwen yn Fryslân  
AldeboarnBoalsertDokkumFrjentsjerDe GordykHarnsHylpenKollumLangwarDe LemmerLjouwertLjouwert (beurs)MakkumSleatWarkum
  ·   ·