Lope de Vega (folút: Félix Arturo Lope de Vega y Carpio; Madrid, 25 novimber 1562 – dêre, 27 augustus 1635) wie ien fan 'e wichtichste Spaanske dichters en toanielskriuwers, net allinnich út it tiidrek fan 'e Barok en út 'e Spaanske Goudene Iuw, mar út 'e hiele skiednis fan 'e Spaansktalige literatuer. Yn reputaasje docht er inkeld ûnder foar Miguel de Cervantes, wylst kwa omfang fan oeuvre nimmen him belykje kin. Op it mêd fan it toaniel fernijde er it Spaanske teäter, yn 'e mande mei Calderón de la Barca en Tirso de Molina, yn in tiid dat dat fan in elitêr tiidferdriuw feroare yn in algemien kultureel ferskynsel. Fanwegen de djipgong fan syn toanielstikken, wylst se tagelyk o sa maklik te spyljen en te folgjen binne, wurdt Vega beskôge as ien fan 'e bêste toanielskriuwers út 'e Westerske literatuer. Dêrnjonken wied er ien fan 'e bêste lyryske dichters dy't de Spaanske taal ea kennen hat, mei in oeuvre fan likernôch 3.000 sonnetten en 9 epyske gedichten. Fierders skreau er 3 romans, 4 novelles, 1 operette en likernôch 1.800 toanielstikken. Hoewol't er wol bekritisearre wurdt om er gauris kwantiteit foar kwaliteit gean liet, wurde teminsten 80 fan syn stikken rûnom beskôge as masterwurken.

Lope de Vega
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Félix Arturo Lope de Vega
   y Carpio
nasjonaliteit Spaansk
berne 25 novimber 1562
berteplak Madrid (Spanje)
stoarn 27 augustus 1635
stjerplak Madrid (Spanje)
etnisiteit Spaansk
Kantabrysk
wurk
taal Spaansk
sjenre poëzij, toaniel, lit. romans
perioade 16e en 17e iuw
streaming Renêssânse
bekendste
  wurk(en)
El Perro del Hortelano
Fuenteovejuna
La Arcadia
jierren aktyf ±15801635
offisjele webside
n.f.t.
N.B.: Dit is in Spaanske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is Félix Arturo Lope. De earste efternamme (fan heitekant) is (de) Vega, en de twadde efternamme (fan memmekant) is Carpio. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm (de) Vega of oars (de) Vega y Carpio brûkt wurde.

Lope de Vega waard berne yn Madrid, yn in ûnopmerklik boargergesin dat koart tefoaren nei de Spaanske haadstêd ferfearn wie út Valle de Carriedo, yn Kantaabrje, oan 'e noardkust. Vega syn heit, Félix de Vega, wie in borduerder; oer syn mem, Francisca Fernández Flórez is frijwol neat bekend. Eins hiet Vega neffens de Spaanske nammewizânsjes fan Lope de Vega y Flórez, mei't de efternamme fan 'e mem nei de efternamme fan 'e heit tafoege wurdt; lykwols ferfong er letter op eigen manneboet "Flórez" troch it mear distingearre "Carpio" fan ien fan syn skoanâlden.

Vega wie in foarlik jonkje, dat op syn fyfde al Spaansk en Latyn lêze koe en op syn tsiende fersen út it Latyn yn it Spaansk oersette. Syn earste toanielstik, mooglik El Verdadero Amante, skreau er doe't er tolve jier wie. Fanwegen syn grutte talint krige er de mooglikheid om ûnderrjocht te folgjen oan 'e Madrileenske skoalle fan dichter en muzikant Vicente Espinel, en fan syn fjirtjinde ôf ferfolge er syn stúdzje oan it Colegio Imperial, in jezuïtyske kostskoalle, dêr't er wei útnaaide om diel te nimmen oan 'e ferovering fan Portegal, yn 1580, troch in Spaansk leger ûnder lieding fan 'e hartoch fan Alva.

Nei dy eskapade hied er it gelok dat de biskop fan Ávila, dy't seach hoe grut oft syn talint wol net wie, him ûnder syn hoede naam en him ynskreau oan 'e Universiteit fan Alcalá. It wie de bedoeling dat Vega yn 'e fuotstappen fan syn patroan trêdzje soe troch in tsjerklike karriêre te folgjen, mar dy plannen rûnen op 'e non doe't er smoarfereale op in famke rekke en ûntdiek dat it selibaat him net sinnige. Sadwaande makke er syn stúdzje oan 'e universiteit net ôf, mar bedripte er himsels ynstee troch toanielstikken te skriuwen en as siktaris foar eallju te wurkjen. Yn 1583 naam er tsjinst op 'e Spaanske float en focht er mei yn 'e Slach om Ponta Delgada, op 'e Azoaren, wêrby't er de ûnderhearrige wie fan syn lettere freon Álvaro fan Bazán, markys fan Santa Cruz.

Doe't Vega nei dat aventoer weromkearde nei Madrid, sette er serieus útein mei syn karriêre as toanielskriuwer. Hy begûn ek in affêre mei in Elena Osorio, in troude toanielspylster dy't ferfrjemde rekke wie fan har man, de akteur Cristóbal Calderón, en dy't de dochter wie fan in foaroansteande skouboarcheigner. Hja figurearret yn syn gedichten as "Filis". Nei in hertstochtlike relaasje dy't in fiif jier duorre, tanke hja him ôf foar in oare minner. Vega koe dat net ferkropje en de giftige en net-ôflittende oanfallen op har en har famylje dy't er neitiid yn syn skriuwwurk bemjukse, smieten him yn 1588 in jier finzenisstraf op foar kwealaster, en doe ek nochris acht jier ferballing fan it Keninklik Hof (dat wol sizze, út Madrid) en twa jier ferballing út Kastylje.

Vega bejoech him yn ballingskip sûnder dat er lytsman makke wie, en skaakte dêrby de sechstjinjierrige Isabel de Urbina y Alderete, dy't yn syn gedichten foarkomt as "Belisa". Hja wie de docher fan Filips II syn hofskilder Diego de Urbina. Op 10 maaie 1588 troude er mei har, dêrta twongen troch har famylje. Kwealk in pear wike letter, op 29 maaie, naam Vega op 'e nij tsjinst op 'e Spaanske float: it wie de simmer fan 1588, de Spaanske Armada stie op it punt om út te farren tsjin Ingelân en de Nederlânske opstannelingen. Men wol wol hawwe dat dit him opkrongen wie troch Isabel har famylje, dy't mar wat graach fan sa'n ûngaadlike skoansoan ôf woe, as betingst foar de ferjeffenis foar it skaken fan it fanke. Mar ta syn gelok wie Vega syn San Juan ien fan 'e mar in pear skippen fan 'e Armada dy't yn desimber 1588, nei de jammerdearlik ferrûne ekspedysje, ûnskansearre wer yn Spanje weromkearde .

Dêrnei sette Vega him mei Isabel nei wenjen yn Falinsje, oan 'e kust fan 'e Middellânske See, en lei him ta op it perfeksjonearjen fan syn dicht- en fral syn toanielskriuwkeunst. Syn grutste foarútgong boekte er dêrby doe't er learde om 'e klassike ienheid fan aksje geweld oan te dwaan troch twa plots gear te weevjen yn ien inkeld toanielstik, in technyk dy't imbroglio hjit.

 
Lope de Vega syn wente yn Madrid (1610-1635).

Yn 1590, oan 'e ein fan syn twa jier ballingskip út Kastylje, gied er nei Toledo, dêr't er earst Francisco de Ribera Barroso tsjinne, dy't neitiid markys fan Malpica waard, en letter Antonio Álvarez de Toledo, de 5de hartoch fan Alva. Yn dy lêste hoedanichheid brocht er it ta keamerhear oan it hartochlik hof fan Alva, dêr't er fan 1592 oant 1595 tahold. Yn 'e hjerst fan 1594 kaam Isabel de Urbina te ferstjerren oan âldkreamse komplikaasjes. Om dyselde tiid hinne skreau Vega syn pastorale roman La Arcadia.

Werom yn Madrid

bewurkje seksje

Yn 1595 ferliet Vega de tsjinst fan 'e hartoch fan Alva, en doe't koarte tiid letter de acht jier fan syn ballingskip fan it Hof om wiene, kearde er werom nei Madrid. Dêr belibbe er nije amûrettes, affêres en oare skandalen, lykas mei Antonia Trillo de Armenta, wat him op in nij proses kaam te stean, en mei Micaela de Luján, in analfabetyske mar tige tsjeppe toanielspylster, dy't him ynspirearre ta it skriuwen fan in rige treflike sonnetten en him fjouwer bern skonk. Hoewol't er yn 1598 wertroude mei Juana de Guardo, de dochter fan in rike slachter, wie dat foar him gjin reden om syn relaasjes mei oare froulju, lykas Micaela, ôf te brekken.

Yn it earste desennium fan 'e santjinde iuw berikte Vega it hichtepunt fan syn literêre produktiviteit. Underwilens wurke er as siktaris en hantsjemuoisfeint by de hartoch fan Sessa. Nei 1610 folgen der lykwols mindere tiden: Vega syn leaflingssoan Carlos Félix (dy't er by Juana oanset hie) kaam te ferstjerren, en yn 1612 stoar Juana sels yn it kreambêd. Ek Micaela ferdwynt om dy tiid hinne út 'e skiednis, as is net wis wat der fan har wurden is. It is yn elts gefal dúdlik dat Vega der raar ta siet, en hy brocht al syn bern út beide relaasjes byinoar yn ien hûs. Yn dyselde snuorje kriget syn skriuwerij in djippere religieuze ûndertoan, en yn 1614 liet Vega him ta preester wije. Likemin as syn houlik hold dat him fan frijaazjes mei kreaze froulju ôf, al moat dêrby oantekene wurde dat it der wol fan hat dat Vega syn wurkjouwer, de hartoch, datoangeande in twifelige rol spile troch him allegeduerigen froulik selskip foar de fuotten te smiten, mei't er benaud wie en ferlies syn siktaris. De opmerklikste en langst duorjende fan Vega syn relaasjes wie yn dy snuorje dy mei Marta de Nevares, dy't oant har dea, yn 1632, by him bleau.

Yn 1634 waard Vega nochris troch twa trageedzjes troffen. Earst kaam Lope Félix om, in soan fan him en Micaela, dy't sels in weardich dichter wie, doe't er skipbrek litte foar de kust fan Fenezuëla. En dêrnei waard Vega syn jongste dochter Antonia Clara troch in hidalgo (in Spaansk ealman sûnder fierdere titel), ûntfierd, ferkrêfte en doe yn 'e steek litten (wat har yn dy tiid ta in skeinde frou makke, dy't nea trouwe kinne soe). Koarte tiid letter waard Vega siik, en hy stoar thús, te Madrid, op 27 augustus 1635, oan reafonk.

Toanielstikken

bewurkje seksje

Dit is in opsomming fan 'e bekendste fan Vega syn likernôch 1.800 toanielstikken.

  • El Maestro de Danzar ("De Dûnsmaster")
  • El Acero de Madrid ("It Stiel fan Madrid")
  • El Perro del Hortelano ("De Hûn fan de Túnman")
  • La Viuda Valenciana ("De Falinsiaanske Widdo")
  • Peribáñez y el Comendador de Ocaña
  • Fuenteovejuna (de namme fan in doarp yn Kastylje, moderne stav.: Fuente Obejuna)
  • El Anzuelo de Fenisa ("Fenisa Har Heak")
  • El Cordobés Valeroso Pedro Carbonero
  • El Mejor Alcalde, el Rey ("De Bêste Boargemaster, de Kening")
  • El Nuevo Mundo Descubierto por Cristóbal Colón ("De Nije Wrâld Untdutsen troch Kristoffel Kolumbus")
  • El Caballero de Olmedo ("De Ridder fan Olmedo")
  • La Dama Boba ("De Domme Dame")
  • El Amor Enamorado
  • El Castigo sin Venganza ("Rjochtdei sûnder Wraak")
  • Las Bizarrías de Belisa
  • El Mayordomo de la Duquesa de Amalfi ("De Majordomo fan de Hartoginne fan Amalfi")
  • Lo Fingido Verdadero ("Wat Jo Bearden, Is Wier Wurden")
  • El Niño Inocente de La Guardia ("It Unskuldich Bern fan La Guardia")
  • 1627 - La Selva sin Amor ("It Leafdeleaze Wâld")

Dichtbondels en epyske gedichten

bewurkje seksje
  • 1598 - La Dragontea (fantasijryk epysk gedicht oer sir Francis Drake syn lêste reis en dea)
  • 1599 - El Isidro (fertelling yn fersen oer it libben fan Sint Isidoarus, de beskermhillige fan Madrid)
  • 1602 - La Hermosura de Angélica ("De Skientme fan Angélica"; yn 3 boeken)
  • 1602 - Rimas ("Rimen")
  • 1609 - Arte Nuevo de Hacer Comedias
  • 1609 - Jerusalén Conquistada ("Jeruzalim Ferovere")
  • 1614 - Rimas sacras ("Hillige Rimen")
  • 1621 - La Filomena
  • 1624 - La Circe
  • 1630 - El Laurel de Apolo
  • 1634 - La Gatomaquia
  • 1634 - Rimas Humanas y Divinas del Licenciado Tomé de Burguillos
  • 1598 - La Arcadia (pastorale roman in proaza, altemets ûnderbrutsen troch in stikje poëzij)
  • 1604 - El Peregrino en Su Patria ("De Pylger yn Syn Eigen Lân"; roman)
  • 1632 - La Dorotea

Vega yn it Frysk

bewurkje seksje

Teminsten ien gedicht fan Lope de Vega is nei it Frysk ta oerbrocht troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't benammen bekend is troch syn ferfrysking fan Homêros syn Ilias en Odyssee en in hiele rige Aldgrykske toanielstikken fan skriuwers as Sofokles, Aiskylos, Euripides en Aristofanes. De fertaling fan El Pastor Divino hat Bruinsma ûnder de titel Oan de Godlike Hoeder yn 1982 publisearre yn it febrewarisnûmer fan it tydskrift HJIR.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Vega, Lope de, Oan de Godlike Hoeder (oers. Klaas Bruinsma), yn: HJIR, 1982, febrewarisnû., s. 30.


Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.