Militêre Loftfeart fan it Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger

(Trochferwiisd fan ML-KNYL)

De Militêre Loftfeart fan it Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger (yn 't koart: ML-KNYL) wie in selsstannich wapen dat 30 maart 1939 oprjochte waard en fuortkaam út de Loftfeartôfdieling-KNYL (LA-KNYL) en dêrfoar de Proeffleanôfdieling (PVA-KNYL). De PVA-KNYL waard by Keninklik Beslút fan 18 july 1914 oprjochte.

Fleanders fan it ML-KNIL yn 1937
Martin B-10 bommesmiter fan it KNIL op Fleanfjild Andir, (1937)
Air Vice-Marshal Conway Pulford groetet fleanders fan it ML-KNYL yn Singapore, jannewaris 1942.
Glenn Martin 166 bommesmiters yn aksje boppe Britsk Malaya, 1942

Nei de soevereiniteitsoerdracht yn 1950 hat de ML-KNYL al har materieel, bases en fierdere eigendommen oerdroegen oan de Yndonesyske Loftmacht (AURI = Angkatan Udura Republik Indonesia), dy't no fan Tentara Nasional Indonesia-Angkatan Udara (TNI-AU) hjit.

Twadde Wrâldkriich

bewurkje seksje

Op 1 jannewaris 1942 kamen de Nederlânske troepen by de American-British-Dutch-Australian Command, mar by it begjin fan de Japanske oanfal wie de ML-KNYL net op oarlochssterkte. Fan de bestelde tastellen wiene noch mar in lyts tal ôflevere en in protte wiene wilens ferâldere modellen. Der wiene fiif groepen, trije mei bommesmiters en twa mei jachtfleanmasines, elts mei trije as fjouwer squadrons.[1] In sechde groep wie foar stipe, transport en trening ornearre. De ferkenningsfleantugen foelen streekrjocht ûnder it befel fan it leger meidat sy tsjinnen ta it ûnderstypjen fan de grûntroepen.

Nei de oermastering fan Ynje troch de Japanners koene in protte tastellen nei it noarden fan Austraalje ûntkomme en dêrwei fierder fjochtsje.

Der waarden fjouwer Nederlânske squadrons yn Austraalje foarme. De earste, No. 18 (NY) Squadron RAAF, waard foarme yn april 1942 en útrist mei de middelswiere bommesmiter B-25 Mitchell. It twadde Australysk-NY squadron, No. 119 (NY) Squadron RAAF, krige ek middelswiere bommesiters ta foldwaan. No. 119 NY Squadron wie allinne aktyf tusken septimber en desimber 1943; dêrnei waard it ûntbûn en waard it No. 120 (NEY) Squadron RAAF, in jachtsquadron. Yn 1944 foarme it KNYL it No. 1 Nederlânsk East-Ynjesk Transport Squadron, dat letter opgean soe yn de RAAF as No. 19 (NY) Squadron RAAF. Beide squadrons, No. 18 en No. 120, wiene aktyf yn de striid tsjin de Japanners yn de Twadde Wrâldoarloch.

Fanôf neijier 1945, fjochten de squadrons 18, 19 en 120 tsjin de Yndonezyske nasjonalisten, yn de Yndonezyske ûnôfhinklikensstriid. Yn 1950 waarden de squadrons opheft.

Fleantugen fan it KNIL (PVA,LA en ML)

bewurkje seksje

Kommandanten

bewurkje seksje
  • 1915 Kaptein C.E. Visscher
  • 1917 Kaptein C.L. Vogelesang
  • 1919 Kaptein C. van Houten
  • 1921 Kaptein J.A. Roukes
  • 1924 Kaptein P.F. Hoeksema de Groot
  • 1927 Majoar J. Beumer
  • 1928 Luitenant-Kolonel J.H. Wesseling
  • 1932 Majoar G.A. Ilgen
  • 1934 Generaal-majoar L.H. van Oyen[2]
  • 1945 Majoar-Generaal E.T. Kengen
  • 1946 Kolonel P.J. de Broekert
  • 1948 Majoar-Generaal C.W. van der Eem

Fleanfjilden fan it ML-KNYL

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Broshot, James A. Dutch Air Force Order of Battle in the Dutch East Indies, 30 novimber 1941. Forgotten Campaign: The Dutch East Indies Campaign 1941-1942
  2. Klemen L. Air Force Lieutenant-General Ludolph H. van Oyen, Forgotten Campaign: The Dutch East Indies Campaign 1941-1942