Marijetsjerke (Flensburch)

De Marijetsjerke of Us-Leaffrouwtsjerke (Dútsk: Marienkirche; Deensk: Vor Frue Kirke) is in luthersk tsjerkegebou yn 'e Noard-Dútske stêd Flensburch. De tsjerke waard yn 'e jierren 1200 boud.

Marijetsjerke (Flensburch)
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Sleeswyk-Holstein
adres Marienkirchhof 7
24937 Flensburch
koördinaten 54° 47' N 9° 25' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Ev-Lutherske tsjerke
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
Webside
Hiemside tsjerke
Kaart
Marijetsjerke (Sleeswyk-Holstein)
Marijetsjerke

De Marijetsjerke waard foar it earst yn in ôflaatbrief fan 1284 fan 'e Deenske biskop Tycho fan Aarhus neamd. Dy brief wurdt hjoed-de-dei yn it argyf fan it riedhûs bewarre. Dêryn stiet dat de ynwenners fan 'e stêd mei de bou fan de tsjerke útein set binne. Foarhinne stie op it plak al in romaanske foargonger, dy't fierder net in soad oerienskomsten hie mei de hjoeddeiske tsjerke. De trijeskippige tsjerke waard yn goatyske styl boud en oan Marije wijd. De Marijetsjerke heart ta grutste en meast belangrike tsjerken fan Flensburch.

Yn 'e rin fan 'e tiid is de Marijetsjerke ferskillende kearen ferboud. Ynearsten hie de tsjerke trije traveeën, mar yn 1400 waard it gebou mei twa traveeën nei it easten langer makke. Oan 'e sydskippen waarden pearsgewiis kapellen fan 'e gilden oanboud fan ferskillende djipte. De grutte kapel yn it noarden waard de doopkapel.

 
Heechalter (1598)

De reformaasje waard yn 1526 ynfierd. De alters en oare roomske saken waarden yn 1598 út de tsjerke helle. Ut dy tiid stamt it heechalter oanskaft, dat as in hichtepunt fan 'e Noard-Dútske renêssânse beskôge wurdt. De tsjerke hie ynearsten allinne mar in dakruter, mar yn 'e jierren 1730-1731 waard der boppe it westlike travee fan it middenskip op fersterke hoekpylders in toer mei in barokke spits boud. In jier letter krige de tsjerke in nij oargel, werfan 'e oargelkas noch altiten bestiet. Oan 'e súdlike kant waard in barok portaal tafoege en yn 1788 krigen de trije skippen ien grut mansardetek. De barokke toer waard yn 'e jierren 1878-1880 troch in neogoatyske toer mei in spits ferfongen. De twa ferdjippings tellende sakristy mei in treptoer oan 'e noardlike kant binne tafoegings út 1901.

By de loftoanfallen op Flensburch yn 'e Twadde Wrâldoarloch bleau de tsjerke sûnder skea. Om 't Dútske troepen de tsjerke brûkten as needûnderkommen, moast de gemeente sûnt 8 maaie 1945 harren tsjerketsjinsten nei de Hillige Geasttsjerke ferhûzje. In eksploazje yn it havengebiet yn juny 1945 ferneatige in oantal ramen fan 'e tsjerke. De keunstner Käte Lassen makke de ûntwerpen foar de seis nije ramen, dy't yn 1947-1956 ynbrocht binne en de kristlike heechfeesten foarstelle. Oare finsters binne yn 'e jierren 1959-1960 troch de glesker Hans Gottfried von Stockhausen tafoege.

Oan 'e súdlike kant fan 'e toer waard yn 1958 in nij portaal boud.

Yn 'e Marijetsjerke stiet it grutste letrenêssânse alter fan Sleeswyk-Holstein. It ryk fersierde alter waard yn 1598 mei noch in houtbewurker boud troch Heinrich Ringerink. Jan fan Enum makke de skilderijen foar it alter.

De preekstoel waard troch it echtpear Nacke skonken en waard yn 1579 boud troch Hinrich Mattes. De fjouwer sânrinners moasten der foar soargje dat de preek net langer as in oere duorre. De kânsel is fersierd mei foarstellings út it Alde- en Nije Testamint.

Ek it brûnzen doopfont is fan nei de reformaasje en waad yn 1591 yn Flensburg getten. De fjouwer evangelisten drage it bekken, dêr't yn it Nederdútsk de wurden "Latet de Kinderken to mi kamen wente sulker ist dat Himmelrieke" en "Wol gelovet unde gedoft wert schal salich werden".

 
Epitaaf

Yn 'e tsjerke binne grutte dielen fan de eardere beskildering bewarre bleaun. Fierder is der in Madonnabyld fan Heinrich Ringerink út 1589, dat yn in finsternis oan 'e westlike muorre fan 'e toer stiet. Foar it koer hinget in triomfkrús út it lêste fearn fan 'e 15e iuw. De grutte Man fan Smerten út 1500 yn 'e súdlike kapel waard yn 2013 troch it 'Museumsberg Flensburg' werom jûn oan 'e tsjerke. In pear grutte skilderijen betinke rike ynwenners, dy't jild of ynrjochting oan 'e Marijetsjerke skonken. In pear dêrfan binne ek yn 'e tsjerke begroeven.

De tsjerke besit in pear tige rike epitafen.

 
Oargel

It oargel fan 'e Marijetsjerke waard yn 1983 troch Marcussen & Søn boud. De oargelkas is noch fan it oarspronklike oargel út it jier 1732. It ynsturmint hat 41 registers op trije manualen en pedaal.

De Flensburger Denkmalstriid

bewurkje seksje

Yn 1967 fûn de saneamde Flensburger Denkmalstreit plak. Yn 'e tsjerke stie sûnt 1921 in oarlochsmonumint foar de fallen soldaten. Underdiel dêrfan wie in byld fan in yn 'e Earste Wrâldkriich ferstoarne Dútske soldaat mei in brutsen gewear. De fraach gie der om of sa'n monumint wol yn 'e tsjerke hearde. Ek de tekst op it monumint út Jehannes 15:13 'Der is gjin grutter leafde as dyn libben foar freonen te jaan' joech guon oanstjit.

Ynearsten wie de diskusje oer it monumint lokaal, mar de striid waard jimmeroan breder fierd en spjalte op 't lêst net allinne de gemeente fan 'e Marijetsjerke en de stêd, mar it hiele lân. Kranten stiene groatfol ynstjoerde stikken en wylst de ien it monumint as in ferhearliking fan oarloch ynterpretearre, wie foar de oar it monumint fan de deade soldaat mei it brutsen gewear yn 'e tsjerke in gaadlik plak om de deaden te betinken. De striid duorre in jier en fral de trije predikanten fan 'e Marijetsjerke woene de soldaat út de tsjerke ha. Dêrby krigen de predikanten stipe fan 'e lânstsjerke.

Op 16 maart 1967 naam de tsjerkeried fan 'e Marijetsjerke it beslút om it monumint te renovearjen. De platen mei de nammen fan 'e fallen soldaten bleaune hingjen, mar de lizzende soldaat waard ferwidere en ferfongen troch in alter. It ferwidere byld fan de rêstende soldaat ferhûze nei de pastorijtún, mar yn 'e hjerst fan 1972 waard it byld op 'e nij fan 't plak helle, doe't it skonken waard oan in organisaasje dy't him ynsette foar oarlochsslachtoffers. It byld ferhûze nei in boskje fan it Karl Kappert Rekreaasjehiem by Tackesdorf oan it Noard-Eastseekanaal en is nei ferkeap fan it sintrum net mear te besjen.

Yn 2017 waard oer de kwestje in boek útjûn.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: de:Marienkirche (Flensburg)